DE NOARGER RúN OAN GABE SKROAR.
_Nommele frjeon Gabe!_
Foar fiif jier bin ik hjir mei de steamloftbol the Icarus fen jimme
planeet oankomd. De[15] Ingelsken, dy dit brief ek mei werom nomd
hawwe, wierne wakker skrousk en úthongere. Fen de reis scil ik dy mar
neat forhelje; it gong ’er snijsom troch, en op it lêste eintsje
sloegen se der yette twa greate fûgels foar, dy neame se Condors. Dy
bisten sloech de bealch ek krekt as my, do ik ûnder de hânnen fen de
hynstetyskers en hirddravers wier. Dou scilste nuver opsjen in brief
fen jimme Noarger rún to ontfinzen, en dat sa fier wei; ’t is ek wol
mûlk detste der forskate stûren for bitelje moaste, mar it scil dy net
bigreatsje: hwent dou goarrest’ net, en ik koe it net litte om dy to
skriuwen; hwent dou biste ien fen dy lytse mannich op jimme wrâld, dy
my bihanlen as in minske, bihalven aste oer dyn bier wierste.
Dou wo’ste wol graech ’ris witte ho it my op ’e wrâld, en nei myn
forstjerren to Kollumersweach, forgien is: ik scil den mar fen myn
earste libbensjier ôf bigjinne.
Ik bin jong west to Peise yn Drinth; dêr tsjinne myn mem by in lyts
koaterboerke. Hwa myn heit west is, wit ik net, en dêr mei men ommers
tsjinwirch net mear nei freegje to jimmes. It docht ’er ek neat ta fen
my ôf; hwent ik haw yn myn libben ek al ûnderfoun, det de soan net
altyt oan de faer liket, howol der by de greate ljue op jimme wrâld wol
’ris oars tocht wirdt.
It libben to Peise wier sa. Nachts koene wy op in poatstâl strie bite,
en deis moast mem de plaggen út de heide sleepje en den pangele it
fôltsje mei by de wein, en gnabb’le hjir en dêr sa ’ris in grien
heidetopke by de wei ôf. Lyk as ik dy forhelje, de ljue joegen it ús
dêr sa rom as se ús it jaen koene, mar wy moasten oars mar sleepje en
tôgje lyk as sy ek: it wier dêr earmoede, en dêrom wierne hja ek maklik
yn ’e bihanlinge. Det folle jild de ljue oerdwaelsk en wreed makket,
haw ik tonei rju ûnderfoun; dêr to Peise krige ik der ’ris in lyts
foarpriuwke fen.
Der kamen ienris twa Grinzer heartsjes oan op in wyld aventûr; it
wierne studintsjes. De ienfâldige Drinten mienden earst, det it ljue
wierne dy’t út de kriich kamen. Bosken hier hiene se op ’e holle as
seadbulten, en dêr mûtsen oer hinne, omtrint as yn Yntsje Jans boekje
biskreaun steane; oeribele mûtsen, mei kwasten[16] der oan as fûsten.
Boksen hiene se oan as lânrollen. Horloazjes op ’e side mei lange
keattingen, dêr greate bosken kopergûd oanhingen. De iene hie in greate
poepepiip yn ’e holle: de stalle wier in skjippepoat mei de kleijen der
oan, en dy rikke as in panwirk. De oare hie in prûmke as in fûst efter
de kiezzen. It wier yn de neisimmer, en de wei wier droech, en dochs
hienen se learzen oan, en hja wierne op it ruterskerp. Yn de
rjuchterhân hiene se in kneppel as in swinge; dêr hellen se in gleon
skerp swird út; en dêrby flokten se sa onhjirmlyk en oer ’e mjitte grou
op ús boer, omdet er hjar de húsfestinge wegere, det men klear hearre
koe, det dy maets op in hege skoalle gongen. Hja forstoenen it út de
pin, Gabe! Lykwol hja bleauwen yet al hingjen mei goede biloften, hwent
it wier ek spinjoun. Den komme de Drintske famkes by eltsoar to
pizeljen en to kofjeslabjen, en dêr komme de feinten den op ta, as de
houn op ’e ljirre. En ús frjemde bysfeinten hiene it dêr ek nei hjar
sin as de foks by de koaiker, dat kinste tinke. En do se seagen, det
der ek spek for hjar yn ’t leger laei, do hâldden se hjar sa froed as
ouderlingen yn ’e tsjerke; ja, hja makken de skeel mei ús boer ôf, do
de iene in great hamboai út de rôk helle, en ’ris mastereftich
psalmspile, wylst de oare song, det him de strôte knapte. It âlde wiif
sette hjar bril op ’e noas, en song mei in triljend lûd mei. Hja
blettere as in wjerlaem yn de loft, sa mâl, kin ik dy sizze, det de
bysfeinten mar efkes it laeitsen ynhâlde koene. Dou kinste bigripe, det
se by de fammen ’ris tige yn it nijgêrs kamen; en dy formakken hjar ek
ta de teannen út; de Drinten koene ’er net oan rûke en hja waerden sa
stil as piseamelers. Dat song en patte en regearre dêr sa lang om, det
einlinge de spinwielen fen de iene ich fen ’e keamer nei de oare
fleagen as keatseballen. Us âld boer, dy foart wol mirken hie, det er
mirden op it hiem hie, reage it hele oanset mei hirde wirden nei bêd
ta. Nou moasten ús frjemde út-fen-hûzers ek tsjin heuch en meuch yn de
plommen. Mar hwet ik egentlik sizze woe, dizze studinten fregen ús boer
de oare deis eft de soan hjar ek nei Noarch bringe woe for jild en
goede wirden, en dat waerd hjar net wegere. Dêrby, omdet it sokke hege
ljue wierne, moast ik ’er foarslein wirde: ik wier do treddeljier âld,
en ik hie lea sa flink as in fûgel; ik wier in skilderstik fen in
hynzer. Hinne gong it yet al stadich, mar werom, do waerd ik oars
oanpytske; do moast ik lije as in houn. Hwent do ús studintsjes
fierdernôch wierne nei hjar sin, do geaten se hjar foerman in fearn
brandewyn yn ’t liif, en treauwen him noch ek fjouwer skeljen ta; en
nou gong it lijen oan. De Drintske jonge, dy my oars altyt aeide en oer
’e moannen striek, waerd in boal oer my, en dat deade sûpke en dy
onnozele fjouwer stikjes jild bisoargen my wol hûndert swipeslaggen; ’t
wier in foarpriuwke fen itjinge ik tonei fen hûndert-tûzen goune en in
magefol reade wyn ûnderfoun haw.
Nei dizze lange kronkel yn myn brief scil ik dy mei in mannich wirden
forhelje ho ik út Peise wei rekke bin. Dou moaste witte det ik ta myn
ûngelok it moaiste en it flinkste hynzer yn it hele Drintske lân wier,
en ik roun dêrta sa’n gnap trantke, det der oeral fen my praet waerd:
to Grins yn de Slingerij; to Onderdam yn Grinslân; op ’e Birgumer daem;
op it tolhûs oan ’e Swarte-wei; op de Trije-romers, ja, to Amsterdam
oan de Bearebyt, roun ik oer alle hynstetyskers tongen as in wonder fen
de wrâld. Einling komt Seakele mei de knolfoet, in soan fen dy âlde
grouwe Homme, by ús to Peise: dy ienfâldige jobbe foel mei de doar yn
’t hûs, en bea ús boer hûndert ryksdaelders for my sûnder det er him
easkje liet. Us boer, dy yn alles dom wier bihalven yn it jild, bigoun
út sa’n great gat to bliezen, det Seakele mei syn knolfoet wer nei hûs
hompelje koe sûnder rúntsje. Do de boer seach det ’er aventúr yn my
siet, do waerd ik fierd en tein as in jifferke, en ik hie in libben as
smoarge beane. Ik die neat mear, ik friet hjouw’re en beane sels oer de
meuch; ja, it âld wiif, dy oars yette goarriger wier as de boer, treau
my sels de stuten yn de hals as hja de romte der fen hiene. Ik waerd sa
glêd as de pultrom fen jimme âld mem, en elts, dy my seach, sloech de
hânnen yn elkoar. Mar lyk as ik dy sei, it wier ta myn ûngelok, hwent
der ried nin hynstetysker, nin hynstegek troch Peise ef ik moast
bitomke en bisjoen wirde fen it iene lid ta it oare. En den krige ik
for in ôfsetter yette in streek mei in Ingelske swipe ta, det ik oan de
souder ta fleach fen pine. En dat neamden se den pronkjen! En den wier
’t: “O, ho, poalle! hou, popke!” wylst my de hûd pipe fen de
strjimmen[17]. Lykwol ik waerd net forkoft: ús boer wier oer it hynzer
tild, en dy _holde_ it mar op trijehûndert goune yn. Dêrmei waerd it
Noarger merke, en dêr scoe ik jild jilde. De jouns foarôf joech it âld
wiif my in poatfol groat, det se de deis oerhâlden hiene, en karde my
oan ’e hals wylst ik friet; en de jouns tsjin it alderlêste kaem
Annegien hjar dochter en joech my in stik Grinzer koeke; it fanke kriet
en snikte. Ik wreau hjar wiete wangen mei myn kâlde hynstesnút, en
slikke hjar om ’e troanje; en Gabe-heite, ik die it mei in folle
oprjuchter en frommer sin as dou, doste jimme lytsfaem op ’e weide hea
patteste, do ik for de lêste kear to jimmes haeide. De moarns foar dei
en foar dage waerd ik nei Noarch laet. Dêr seach ik heel folle
forroaide Fryske hynstetyskers, dy in heale nacht, fjouwer op ’e rige,
op ien bêd omtomle hiene, mei in liiffol Drintesop en knarsige stoeten;
dy seach ik nou yn de tinten al to smookjen en to swetsen. Ik seach
Drintske fammen en feinten, dy de hele nacht patte en kofje-dronken en
psalmsongen hiene; dat wier in libben! Alle alderforneamste en
alderfornimstichste hynsteljue bitomken en bitaestten my, en lieten my
draevje. Dy my hawwe woene lekkene my, mar op myn skonken koene se neat
sizze; dy wierne sa suver as glês en myn eagen klear as in gril.
Einling kaemstou en jimme heit der oan. Dou wierste do in opsketten
jonge; dou rounste do wakker permantich mei in swipe yn ’e heide: den
stiekste ’ris in grou promke efter de kiezzen, det dy de giele
tabaksflibe by dyn wite poddehierrige bird delroun; mei ien wird, dou
hieste do gansk smoar nei detste in beestke wierste. Do haste my ek al
’ris in linige feech mei de swipe jown, en it hat dy tige nei stien
detste do net in slach tsjin dyn tinne skroarshûd krige haste, detste
oer ’e heide trûzele biste. Ik wier do skraech fjouwer jier âld, en sa
flink as in leep; jimme heit sei ’er net folle fen: “In gnap gudske,”
sei er, “mar de kop is hwette Drintsk.” Nei folle hanbakjen waerd ik
for trije-hûndert gounen min in dikketon oan jimme forkoft. Ik hie dy
deis fen folle kwea biwarre west, hiestou dy net to folle mei de merke
bimoeid; hwent wy rekkene let op reis, en do wy op Bakkefean kamen, dêr
sieten in fiifentweintich skeve en sûzige hynstekeapers, dy my
opminsteren en wakker priisgen. Greatsk detste sa’n gnappen nijkeap
foar ’e karre hieste, jageste my det de oare deis my de bealch tsjin ’e
rêch oan siet; dat kaem fen al dat priisgjen. By jimme âlders haw ik it
as in prins hawn, mar ienris haste my aeklich pleage; wiste, Gabe, dy
Bolswerter merke, doste sa ûnder wetter wierste? Dy deale, hwet wierste
oan de gong! Wiste, do jimme de woarsten by Toon Poep út de skoarstien
hellen? Ik kaem dy nachts neiby om fen honger en fen toarst. Ik kaem
neist in wite guds to stean, in âlden trompetter; dy sloech as in
fyllekaen, mar ik wier flugger as hy, en ik tochte as dat sa moat,
hawar den! en ik joech him in trewinkel, det him de kalkoensprint yn
syn meagere skinke stie, en do wier er tofreden. De oare moarns, do ik
fen de stâl helle waerd, tocht’ ik, dat scil wêze om hwet to fretten;
ja wol! in amerfol kâld wetter yn de bealch, en do nei de Kleau,
alleman foarby; dyn goede Wobbelke griisde it ta de teannen út. Hjar
wite klean seagen der út krekt eft se troch de reade wyn helle wierne.
En hjar golle blauwe eagen waerden sa bleek! Hja woe dy ek al nei hûs
ta driuwe, mar dêr hieste nin earen nei. Dou wierste in balorigen
_hont_, aste dy oan de taepkast oerjown hieste. Op ’e Kleau smiet de
kastelein my yette in tek oer, en joech my brea, it ienichste dat ik
dat etmiel krige. Dêr fen dinne moast ik nei de Wommelser merke. Dêr
baltten se it fen fierren al út, do se dy dêr oankommen seagen; dêr
haste do yette forteld fen jimme reis nei de jichtmasters, wiste wol?
Wiste ek wol, detste yet ek ’ris efkes mei de karre omtearste, doste op
’e weromreis ’ris mei de faem oanlizze woeste, en detste de man út it
dykhúske, dy de boel wer oerein holp, in keizersgoune joechste for it
swijen? Wiste wol hoste sliepste, doste by dy faem hjar âlders kaemste?
Wiste wol, det Wobbel my noch menne moast? Noait bin ik sêfter mend,
noait mei sêfter wirden oantreaste; hwent it fanke siet yn tûzen neden.
Wiste wol? Mar ik scil dy mar net mear forwite, wy wierne beide jong en
dertel; en om mar rjucht troch to gean, it neifortriet wier greater as
it plezier west wier. Dou laeiste twa dagen op it fjouwerkant to
snoarkjen, en wol in fearnsjier tonei kreunste noch oer dyn weismiten
jild. En jimme heit hat fjouwer wiken mei lynsied en trudzepoeijers
dokterje moatten foar det my de reis út de lea wier. Ho jimme Rommert
my it hirddraevjen learde, dat wiste; en ik naem it tige oan, mar dat
wier myn ûngelok. Dou wiste wol, ho folle wyn ’er opbealge is, ho er
leagen en flokt is, do ik de earste Wytmarsumer swipe woun; ho jimme
heit do sjongende en flokjende thús kaem, dat er yn nin
fiif-en-tweintich jier dien hie. Jimme mem skriemde; it sloof miende
det it de man yn de sinnen slein wier. De oare moarns do de roes ’er út
wier, kaem jimme heit allinne by my yn de stâl, en kloppe my op it
skoft; “Rúntsje, rúntsje,” sei de man, “dit wier mis. Lit hearen om in
gnap hynzer gek wirde, for in boer kin dat net. Dou scilste de doar
út”: en in wike dêrnei rekke ik de doar út. De Wytmarsumer swipe hie my
hûndert goune djûrder makke, en ik waerd for fjouwerhûndert goune min
in dikketon forkoft oan mynhear Flessinga. Dy hear hie folle jild en
dêrby in skoan hynsteforstân. Hy koe alle hynzers yn ús Fryslân, en hy
wiste hjar lek en brek; syn moaiste húsrie wierne teamen, swipen en
gereiden. Nin hirddraverij waerd ’er forsomme. Foar de herbergen stoene
de kasteleins mei in roune rêch mei de hoed yn de hân fen fierren al to
wiuwen. De gnapste faem waerd altyt foar de hynzers set. Op de
hirddraverijen siet mynhear greatmachtich yn it lân op ’e wein, mei in
pypkoerfol wyn twiske de foetten. Syn goede kinders stoene den by de
wein en strieken him hunich om de mûle, en priisgen my danich, en
holpen mynhear ta de flessen; mar as it tsjin de lêste reed gong, den
biloek syn troanje as in wytling, en hy waerd stil en fortrjitlik. Woun
ik de priis, den kaem mynhear en de rider en al de tsjinners fen de
hirddraverij skeef en snústerich thús, faek nei middernacht. En as de
frou den yn de iere moarntiid út it bêd kaem, den laei alles der sa
heuverich hinne, det it minske bisaude fen dy boel. Mynhear laei by
hjar yn de weach to snoarkjen: der wier nin moris yn to krijen, foar
âlve ûre net. De rider siet yn de wein to brommen, mei in hynstetek om.
De feint laei op ’e heasouder. De hynzers stoene mei in ribfol hea en
sûnder drinken op ’e stâl. De faem siet by hjar sterke kofje en hjar
swiete bôle mei ljirre, dêr neat fen brûkt wier, to knikkeboljen: hjar
geest mimere yette oer de griene tútsjes, dy mynhear hjar jisterjoune
yn de stâl jown hie. Hwet haw ik dy mear to forheljen, Gabe? Dou wiste
ho jimme mem oer de Wytmarsumer merke tochte; nou, sa tochte ús jiffrou
der ek oer; mar mynhear Flessinga koe en woe folhâlde. De pong wier by
him net to fordylgjen, mar de hûd woe it net langer lije. Mynhear krige
in pynlike kwitantie fen de wynkeaper, dy hjit de podagra. Dat is in
lyts diveltsje, dat alle wynsûpers ef hjar bern ef bernsbern sa by
jierstounen yn de foarste knokkel fen de greate tean mei niddels en
flimen, dy yn de hel fen de baerlike kweade smeid en hotte binne, sa
heislik en groulik troch ieren en sinen, troch murch en bonken pjukt en
flimet en skrabet, det se fen de swang fen in buffelske jas al moart en
brân roppe. Us âlde master Homme moast dalik by mynhear komme. Dat wier
in nuveren master; dy sei sa mar plomp wei: “Fiskael, jy habbe to folle
omswabbe op dy hirddraverijen, en to folle wyn sûpt. Nim nou rêst! Jy
hawwe swipen genôch for immen, dy mei de foet yn it kjessen sit. Nim
nou rêst; it is lang genôch hird troch de wrâld flein mei jo. Yt
foarearst net mear, as nedich is om it libben to hâlden, en sûp wetter.
Ik scil jo in drank bisoargje om iepen liif to meitsjen. Ik haw in earm
man oan de ploris, dy giet foar. Dei, mynhear; betterskip!” Mynhear, dy
wol wiste det master Homme krekt spriek as syn eigen gewisse, woe him
troch it oardiel fen in kindich stêddokter frijpleitsje litte. Mei
koegelsfoarsje fleach ik en de feint nei stêd, en dokter kaem mei. De
dokter, dy krekt sa goed as master Freark seach, det de hûd fen mynhear
forrêdden wier, rôp fen fierren al: “_Gevatte koude! gevatte koude!
niets anders_,” en alleman op it slot leaude it, bihalven de koetsier
en master Freark. De boeren seine yn de skearwinkel tsjin eltsoarren:
“Ho, divel, scoe ús mynhear kjeld fette hawwe? As er op reis giet hat
er mear klean oan as wy mei ús fjouwren.” Mar mynhear wier to freden;
de dokter kaem alle dagen werom, joech him de romte fen flear-thé,
promsop en readekoalsop, dat út in stêds-apotheek komme moast, en mei
in moanne twa stoep ús mynhear wer mei de foet út it kjessen. Dou
scilste wol heard hawwe, det ús mynhear Flessinga dêrnei bitomle is;
det er it hirddraevjen ’er opjown hat, en det er yette âlderling yn de
tsjerke wirden is. Troch de rêst, dy mynhear syn skonk genêze moast,
waerd ik útrêst, en ik waerd smoarfet forkoft oan mynhear von Steinach,
in edelman út it stift fen Utrecht, dy in dochter fen in rike mâlktaper
troud hie, wylst er yn dy stêd syn lêste peinjen útsette om einlingen
by haren en snaren dokter yn ’e rjuchten to wirden, en sa dwaende loai
troch de wrâld to kommen. Sa lang as it jild fen dy âlde mâlktaper
dûrre, hie ik it opperbêst; ik waerd goed foerre, en as ik mei mynhear
en de frou ried, den wier ik mei kwasten en franjes bihinge. Mynhear
wier greatsk, det er sa ryk foar ’e dach kaem, en mefrou wier greatsk,
det se sa fornaem troch die stêd ried. Einling like it jild op to gean,
en ik waerd meager; hwent it foerjen kaem net fen, en ik moast alle
dagen jeije en fleane mei mynhear om de crediteurs to ontmennen. Do it
al to mâl gong, krige mynhear in hege post op in frjemde pleats.
Mynhear teach mei syn heel boeltsje foart, wylst de sinne yn ’t Noarden
siet. Hy liet my en myn maet, ek in blauwe rún, op de stâl stean mei in
ammerfol wetter en in goed ribfol hea. It hûs seach ’er mâl út. De
foargevel wier gnap, en de glêzen heel en himmel. Mar efter yn it hûs
wier nin rút heel. As de iepening al to great wier, den waerd ’er in
âld japon fen mefrou yn treaun, en de lytse skoerkes waerden mei
onbitelle rekkeningen oerplakt. Efter hûs laei it ’er nuver hinne,
krekt eft ’er Wylde-merk hâlden wier; der laeine wol tûzen lege flessen
en wol tsjientûzen oesterskulpen; stikkene weinen en gereiden, âlde
weitasken, âlde hounehokken, belgereiden en hynstesliden laeine troch
inoarre; wol tsjien gros stikkene pipen en stikkene romers stiene yn
tsjien âlde wynkoerren boppe op ’e hynstedong, en midden yn dy rûzige
boel kuijere in heal forhongere âlde bok fen ús jonge-hear om, dy
einling troch syn bletterjen de bûrren ’er yn rôp[18]. Do waerden wy
forlost, en mei ienige wiken waerd mynhear skjinmakke en wy
forboelgoede; mar mynhear, dy wol tsjienris sa folle oerhâldde as syn
crediteurs mei elkoarme, liet my stil opkeapje; hwent hy mocht my
graech lije. Nou roun ik foar yette moaijer wein, en ik waerd mei
goudene kwasten bihinge; mar dat dûrre met lang, hwent op in kâlde joun
stoe ik to lang foar de comedie to toerjen, en dêr waerd ik bifongen.
Ik waerd stram troch al myn lea. Nou waerd ik oan skuld forronzele oan
in Fryske kouwekeapman, dy my gau hwet oppappe, en do waerd ik oan in
stêddokter forkoft, en dy joech my de laech einling allehiel en dal. Dy
jage my in kertierspoat op ’e stiennen. Do moast ik nei in hynstemerke,
en dêr waerd ik troch in boer hinne laet, dy him it ligen sa masterlik
forstoe, det nin domenij de wierheit út de bibel glêdder oplêze koe as
hy syn leugens út de holle; hy swarde, det ik mar in wike kreupel west
hie, howol it wol in fearnsjier dûrre hie, en as it net wier wie, den
mochten se my de hals wol útsnije, en hy scoe tritich dukaten oan de
earmen jaen; en, sei de man derby, it beest is stom, mar as it syn
deugden oplêze koe, den hie it wol in dei wirk. Nei lang talmjen en
hânbakjen waerd ik einling for fiif-en-tweintich inkelgounen en in nij
helter oan in koaiboer forkoft yn it leechlân. O ljeave frjeon Gabe!
hwet wier it my noflik dêr op ’e âlde koai. Dêr hie ik einling rêst. De
pôle wier my oars ’nôch ôfearte en skiterich, mar dochs wier ik
tofrede. Moarnsier sjaggele ik mei in slommerige en bingeljende trêd it
âld tsjernepaed yn it roun, en deis kôge ik oer de forlittene skytpôlen
fen de kij. Simmerdeis den hie ’k it dêr as smoarge beane, man: den
krige ik in amerfol sûpe as it ’er oerskeat, ef in amerfol waei as de
bargen it net opkoene. Nei fiif stille fredige jierren krige ik by myn
kertierspoat yette ek in dempich boarst. Ik koe net langer stâlje, en
it lân laei for in simmerkrite, sa det it winters ûnderroun, en dêrom
koe ik ek net bûten doar bankje, en nou moast ik it âlde tsjernepaed,
dat ik mei myn wyldlânske soalen jier en dei úthoald hie, forlitte. Dat
ljeave, romme, golle leechlân moast ik for ivich forlitte, Gabe! Ik
waerd op in rûzige snústerige en dizige hjerstmoanne fen de stâl yn de
pream laet, en do waerd ik mei in goed forstân troch trije flinke
keardels nei de Birgerdaem treaun. Us âldboer hie om de skrouske moarn
ôf to warren in gol romer brandewyn op nagels yn de mage slein tsjin
syn meuge, en dou wiste, Gabe, ho it den giet. De âlde man, troch it
ontidige moarnsûpke rûzich en sûzich yn de holle, roun op ’e
Birgumerdaem kroech út, kroech yn, en dêrmei, do it forstân wei wier,
scoe ik forhanle wirde. Ik kaem yn in rige fen wol twahûndert âlde
gudzen to stean; dat krong en dat stonk dêr, dat gûlde en raesde dêr,
det yen hearren en sjen forgong, en, man, ik haw dy deis wol hûndert
falske eden heard. Dêrmei komt er in heal forwyldre Stjinwiker
oanspringen, dy krong mei syn bleate kop twiske de meagere skonken fen
my en myn bûrman yn. Hy scoe my nei de tosken sjen; hy wier wakkere
lyts, en do er myn kop net rikke koe, do sprong dy poarre by my op en
rukte my de âlde kewels hast út it lid. Ik tochte: maet, as ik nou sa
flink fen lea wier as do ik neist de âlde trompetter stoe, den krigeste
al in lawibes. De Stjinwiker bigoun to hânbakjen en scoe my danich
lekje, mar ús âldboer bigoun dat to fortretten en sei, det er my fen
nin healslachtige poep forsmaedzje litte woe, en sa waerd dy ôfballe.
Do kaem ’er in lyts keardeltsje oanpeaskjen mei in skjippegrouwen
baitsje en in foerlekkens broek oan; in eintsje reap hie er om de hoed
boun, en dêr siet in prikke op. Yn de rjuchterhân hie er in skyld iken
stôk en yn de lofter hân in stút: de heidetoekjes sieten him yet yn syn
skiere hoazzen. Dy helle my út de rige wei en liet my ’ris draevje, en
do gong de Kollumersweachster, mei de koaiboer yn in smidshûs, en nei
in healûre pimpeljen en jeuzeljen en swarren, krige ús boer tweintich
inkelgounen yn de bûse en stoatskaefde nei de pream ta. Ik moast dy
selde jouns yette mei in selskip fen twa-en-tweintich oare ondogenske,
heal útlibbe gudzen nei Kollumersweach ta, en do waerden ’er ûnderweis
ytlike stûken hjouwere fen in boer stellen[19], en dat wier ús lêste
gastmiel. In jong hynstedokter, dy ek op ’e Birgumer market omroun, bea
ús keapman twahûndert goune for ús hele selskip; him tochte det er alle
mogelike hynstekwalen fen ús leare koe as er ús útslachte, en den
learde er de hele kinst for hûndert goune, omdet er rekkene for ús
flêsk en bonken fiif-en-tweintich goune by de blikkers to Ljouwert
keapje to scillen, en fiif-en-sauntich for de hûden by de loaijer; mar
ús keapman woe sa net. It wier oars oer ús biskeard. Wy moasten dêrmei
allegearre foar de tsjiiswein rinne yn Grinslân op, de iene dizze en de
oare d’oare wei hinne. Us keapljue reisgen al goedkeaper troch
Grinslân, as dou nei de Bolswerter merke, Gabe heite! Nachts slepten se
ûnder de weinen, en lieten ús oan de wei weidzje. Tsjiis hiene se op ’e
wein en as se dêr ytlike fen forkoften den bitingen se de kofje by de
ljue ta. Dêr troch kaem it det se ûnderweis neat koften as brea. Tsjin
de winter kaem ik werom mei de lege wein, en nou wier ik sa ôfbeund det
myn ein neiby wier. Ik koe nin string mear stiif lûke, en ik hompele
efter de wein oan op trije skonken. Us baes stoe yn de doar en dy rôp
fen fierren al: “Dei, wolkom thús! Wel, ho hawwe se it makke!”—“Goed,
sei de foerman, mar dy blauwe rún mei syn kertierspoat, dy woe my
biskite.”—“Ja, sei de baes, dat hinget ’er lûklam by; dy scille wy
moarn mar út de hûd nimme,” (dat woe sizze, det ik deid wirde scoe.)
Mar de dead wier gauwer as de Kollumersweachsters. Hy naem my yette dy
selde nachts fen jimme planeet op. Myn romp waerd bidobbe, en it bytsje
flêsk, dat ik oerhâlden hie, wier yn fjouwer jier forgien; mar myn
bonken[20] binne wer opdold, en nei Ingelân stjûrd, dêr fyn tomeald, en
as dong oer it boulân struid. Myn hûd is mei hier en al toud, en
tsjinnet as biklaisel om in koffer, dy yette oer de wrâld omswabbet yn
postweinen, yn trekskippen, mar myn _ik_, myn eigen _ik_, dat mei dy
sprekt, hwer bleau dat, Gabe? Danich haw ik omswabbe, rounom en yn
alderhânne dieren haw ik omswabbe. Dy âlde ljue dêr yn Egipten hiene
nin ongelyk, as se leauden, det de sielen faek fen it iene dier yn it
oare teinen; my is it to minsten sa forgien. Soms siet ik yn in
kouwepanse; den yn in bargebealch; den yn de robbe fen in kabbeljou;
den siet ik yn in protter op ’e naeld fen it hûs, mar noait haw ik mear
eangste útstien as do ik yn in eabarre siet, en myn húsbaes in deade
rôt troch de weaze schouwe moast[21]. Ik miende to boarsten! Einlinge
bin ik sels yn in minske tein, en sont ik dêr yn sit bin ik út it
lijen; sa tochte ik, mar it is oars útkomd. Nuver scil it dy yn de
earen liede, det ik sokke rare gongen nei myn forstjerren gien bin; mar
heite, leau hwetste tinkste en tink hwetste leauste, mar ik leau hwet
ik ûnderfoun hab. Lyk as ik dy alles forhelle haw, sa scil ik dy ek
forhelje, det ik krekt sa goed in siel haw as dou, en det ik mei myn
kertierspoat, en dou mei dyn skeve skroarstile it eigenste paed
biwannelje moatte; it paed namenlik om wizer en forljochter[22] to
wirden. De bisten ek in siel? dou scilste my útlaeitsje, Gabe; mar hark
dêr jimme greate, onforjitlike[23] Bilderdyk ’ris oer:
Gy, oorlogsbriescher, trotsch op ’t menschlijk eerlivrei,
Die, ’t schuimende gebit beknabb’lend met de tanden,
Hem over struik en heg, door bosschen en waranden,
Door stroom en meeren voert, en juichende in uw vracht,
Gemoedigd door zijn stem, en vuur en staal belacht!—
Gy, ô gewiekte schaar van dieren, in de pluim
Beminnaars van den mensch, (hetzij in ’t waterschuim
Of ’t ongeziene spoor der luchtkring opgeheven,
Of hupp’lende over de aard,) hem dienstrijk bijgebleven!
Gy, morgenkraaier, met al ’t klokkend kiekenbroed,
Uw stem gehoorzaam! Gy, ô beeld van huwlijksgloed.
Getrouwe tortel! en gy dartle duif—Mijn klanken
Vermoeiden, wilde ik u voor trouw en liefde danken,
Aanhanklijk, teeder, en voor ’s stervlings oog gedwee,
Wie telt de golven op der ongemeten zee?
Wie al de schelpen die zy opwerpt aan de stranden?—
Gelukkig in uw staat, in de opgelegde banden,
Verbeidt ge ’t oogenblik van ’t algemeen herstel,
ô Dieren!—’t Nadert; hoopt!—Ook ’t bijtjen in zijn cel
Ontslipt de zorgen niet der Godheid.—De albezieling
Bedoelt, waar ’t stof bezwijkt, behoudnis, geen vernieling.
Geen wormtjen wordt vertreên, geen mijtjen zal vergaan,
Of ’t zwakste leven zelfs veredelt, in ’t bestaan.
[Yllustraasje: DE NOARGER RUN OP ’E HYNSTE-MERKE TO BIRGUM.]
[Yllustraasje: DE NOARGER RUN FOAR ’E TSJIISWEIN.]
Leauste my nou ek, Gabe, det ik wer libje, en det ik in siel haw as
dou? Sont ik in minske yn de moanne wirden bin, hwet haw ik ûnderfoun,
hwet haw ik ûnderfoun! Ik woe graech det ik de âlde Noarger rún bleaun
wier; den hie ’k myn beanstrûken tohakke, myn ljeave klaver orbere, en
myn hea kôge as alear, en ik hie net ien fen al dy forkearde driften en
oankomsten, dy my nou mear pleagje as de swipe fen de
Kollumersweachters my by jimmes pleage hat. Mâl bin ik hjir
trochswabbe, man! ik bin hjir in abbekaet wirden, mar omdet ik hwet los
libbe, sa det ik mar ien’s yn it jier nei de tsjerke gong, en twaris
wyks nei de komeedzje, en alle jounen by de ûlkjes roun, sa wier myn
ynkommen to lyts. Ik joech my oan it skriuwen, en ik haw it folk en de
âlde kening[24] tsjin eltsoarren opfierd; de âlde kening is weijage, en
in nij kening wer oansteld, en ik haw my yn it kjessen set: en nou ik
oan it laed sit, bin ik sa stil as in pipermûs. Ik bin hjir minister
fen finansjes: ik scil, hoopj’ ik, op it lânsjild better pasje as op
myn eigen. Nou scilste ek wol ’ris witte wolle, Gabe, ho it hjir yn de
moanne steld is? heel oars as de ljue miene by jimmes. Jimme dichters
skriuwe altyt fen _stille, bleke, ljeave, frjeonlike_ moanne; ik scoe
it dy luchtige maets kwalik nimme, as ik net wiste, det dichten en
ligen twa ambachten wierne, dy eltsoar sa lyk binne as it smeijen en it
slotmeitsjen. Hwent dou kinste wol bigripe, det it hjir heislike kâld
en wearich is. Hwent Schröter, in poep fen jimme planeet, hat klear
birekkene, det hjir bergen binne dy fiif-en-tweintichtûzen foet heech
binne; dat is heger as jimme allerheechste bergen. Nou wiste ek, det
hege bergen kâld binne. Dy selde Schröter hat sjoen, det ’er by ús
gatten binne, dy 30.000 foet djip binne, dy der troch ierdbevingen
útsmiten binne. Ho divel, kinne se nou de moanne ljeaf en frjeonlik
neame? _Bleek_ is er ek net as de sinne der net op skynt; hwent as dat
sa net is den is er sa pûr swart, det jimme him net ienris sjen kinne:
hy is oars mar 51,570 milen fen jimme ôf. Jimme kinne ús yn
saun-en-tweintich dagen in kanonskoegel tastjûre, as jimme der mar nôch
krûd efter sette. _Stil_ is er ek net, lyk as jimme dichters him neame;
hwent hy reisget alle 28 dagen om jimme planeet, en docht yn deselde
swang de greate reis om de sinne mei jimme, sa det men net sizze kin,
det wy hjir lang stil lizze op de lingte fen in pikelhearring. Om mar
net mear omhalen to meitsjen, it is hjir yn folle dingen krekt oars en
omkeard as to jimmes. De dichters, om mar hwette to neamen, dy ivich yn
hjar gedachten boppe jimme planeet omswervje, dy hjar sels en de oare
ljue de holle licht meitsje mei frjemde optinksels en droamerijen, en
dy ûnderwilens forjitte om for de koken[25] to soargjen, en dy dêrom
ivich hongerlaepje en krimmenearje, dy wirde hjir yn bargen foroare, om
hjar siel en liif rêst to jaen, en hjar ’ris út to iten. De
krantedrukkers, dy de minsken to jimmes yn de steatkinde foarljochtsje
wolle, en dy dêrom yn it tichthûs set wirde, dy wirde hjir oansteld as
opsichters yn in forbetterhûs. Keapljue, dy by jimmes in bankerot makke
hawwe, dy hawwe hjir it measte credyt; hwent dy bringe de greatste
slompen jild mei, en dy bitelje alles mei rij jild[26]. Ambachtsljue,
dy by jimmes alle dagen kleije oer hjar swier wirk en oer krapte, al
krije se alle dagen it liif fol ierdappels ef beane mei smoar, en faek
jouns noch in foech dripke ta in hertsterking, dy krije allegearre in
moai nij gnap hûs to biwenjen, de kost for it iten, de brânje to jow.
Deis hawwe se in nij sarjes rokje oan, en in lekkens for sneins. Alle
moarnen krije se in nij silveren tonderdoaske yn de bûse, en in
silveren pipedop op in skjin lang piip; in rotting mei in silveren
keatting krije se yn de hân, en sa wirde se alle dagen op strjitte
stjûrd om to kuijerjen, to smoken en to praten; mar se meije net yn in
herberge gean om hwet to keapjen; hwent der wirdt hjar oplein om it
jild thús to litten en mei soarch to biwarjen, en hja meije net
arbeidzje. En ho mienste, Gabe, det hjar dat libben bikaem? krekt as
mynhear Flessinga de reade wyn. Dy krige it podagra, en sy de
forfeling. Se sizze nou yn earnst, det se op ’e ierde út gekheit seine:
_Het werken is zalig._ De domenijs en pastoars, dy wirde hjir
lânsontfangers[27]. De dokters wirde domenijs en pastoars; en âlde
frouljue dokters. De effekteljue moatte yn de goudminen arbeidzje det
hjar de bonken knappe. Dat bikomt dat soadtsje divelske nij, Gabe! Dou
bigrypste wol, Gabe, det ’er fen de trijehûndert wol oardelhûndert
dissertearje; twahûndert-en-fyftich reisgje troch twang fen ús kening
yn de izerminen, mar de fyftich, dy op ’e modder bliuwe, hearre it
suchtsjen en stinnen fen hjar broerren, en bihâlde it, en biwarje it;
hja sette in knoarke tabak efter de kiezzen, en hja swije. Séljue wirde
boeren, en de boeren séljue. De bûterkeapers wirde oansteld as
direkteurs fen de fiskbanken, dêr se yn de fiskwiven omtsjouwe kinne,
en de[28] alderûndogenste wirde abbekaten. De skoallemasters moatte
hjir by de yeskewein rinne. It bikomt hjar nij, mar hja binne yet
fleurich omdet se hjir _mynhear_[29] neamd wirde. Dy by jimmes
yeske-ljue wierne, dat binne hjir _onderwijzers der jeugd_; krekt
moatte se it selde dwaen as de skoallemasters alear by jimmes. De
controleurs, inspecteurs, verificateurs, secretarissen,
referendarissen, en bûtengewoane gesanten, en alle oare lanten, canten,
arissen en darissen, steuren en leuren, dy by jimmes pensjoenen fen it
lân krigen, wylst det se sels fen de rinten dûbeld en dwers libje
kinne, dy wirde hjir oansteld as oppassers yn de pesthuzen. Dat is in
aeklich libben, Gabe! hwent omdet se sa bang for de pest binne, rinne
se ivich mei in yettikdoek foar de mûle. Hjir komme ek wol ’ris
keningen en prinsen fen jimme planeet oan; de goede, dy hjar folk hoede
hawwe as in herder syn skjipkes, dy wenje allegearre op in moai
bûtenpleats; en hja hawwe alle jierren fjirtsjinhûndert goune ynkommen,
en dêr hawwe se neat for to dwaen as to fiskjen en to jeijen for hjar
eigen plezier. Hja hawwe in libben as in grytman! De ondogenske prinsen
en keningen, dy by jimmes yn de folop libbe hawwe, dy alle dagen oer it
gelok en de wolfearte fen hjar folk praet hawwe, en mear om hjar eigen
tocht, dy wirde hjir fen lânswegen yn in great earmhûs ûnderhâlden; mar
der scil op in oar jier yette in stik oanboud wirde.
Ik bin yet al wakker warber yn myn post as minister: ik nim de minsken
it jild hjir flitich ôf, en ik jaen it yette flitiger út. En as ’er
hwet al to folle to koart komt, dat fol ik mei holle wirden en cifers
wer oan, en den miene de ljue hjir yn de moanne, det it opperbest
útkin: sa dom binne de ljue by jimme net. De Noarger rún minister fen
finansjes? scilste útroppe, dat liket nuver. Ja, Gabe! forwonderje dy
net to folle, man. Dou biste ommers bîbelkindich; stiet der net yn
biskreaun det kening Saul earst de ezels dreau, en tonei de minsken?
Nou, Gabe, scil ik myn lange brief ta’n ein meitsje. Forjow it my, det
ik minister fen finansjes bin! Myn hert is oars goed. Skriuw gau ’ris
werom; ik dwaen it ek by libben en sontheit.—Jimme âlde
Noarger rún.