IN BRIEF SKREAUN YN DE MOANNE, FOUN EN OPBROCHT TROCH SYN OMKE DOKTOR
E. HALBERTSMA FEN GROUWERGEA, MEI KANTTEEKENINGEN FEN J. H. HALBERTSMA.
_Friezen,
echte goede lânsljue!_
_Gabe Pibes is dea; jimme kenne him; ik haw syn koer omskomle, en alles
bisjoen; ik haw de koer omkeard, en ’er alles úthelle. Ik woe net yn
syn boel omhelje en skoerre; mar beppe hat boppe yn syn sliepmûtse in
lyts briefke foun; dêr stoe eigenhandich sûnder help fen in domenij
yn_: Docter-omke scil myn kerater wêze.
_Omdet ik nou oansteld bin as kerater, haw ik alles ek ’ris goed
neisjoen. Skilden hie Gabe net, mar ek nin effekten: dat wier syn
ûngelok, hwent den hie de man forneamd wirden as syn sweager Tys._
_Ik haw alles omsnuff’le krekt as alle keraters dwane, en einlings kaem
ik ek oan it persizer fen Gabe; dêr fyn ik om it hânsel earst in blauwe
snier, en dêr ûnder in great pompier, en dat wier de brief fen de
Noarger rún. Ik jow him, lêzers, sa as er wier. Goed stiet ’er yn en
tsjoed; dy ’er net oan rûke wol, dy moat ’er fen priuwe, en dy it net
lêze kin, moat it sjonge._