Hwer libbet in minske loksillich?
Hwer libbet in minske mei nju?
Yn ’t âlde âlderlik hússté,
Dêr libbet, dêr hoalet er willich,
Dêr hat er sa’n wille, sa’n nju.
’t Neitinsen fen bernefornoegen
Fen âlders hjar ljeafde en trou,
Fen koestringe by de gloede,
Dat jowt in ynfieren forhûgen
Oan it Halbertsmas-nêst fen Grou.
Kom, treftige boikes fen Hidde,
Fen Hidde, fen Hidde en Rjurtk!
Lit ús for ’t âlderhûs bidde,
En tsjûge hwet it bitsjut,
Det Hiddes âlde klûs
Is ’t echte Fryske hûs.
E. Halbertsma.