Jow, keuning, oan forbûke minsken,
Oan breid en fryster dochs de freed’!
Lit ús ús ljeave skutters patsje:
Wy hawwe boaske en sitte yn need.
Hwent is der hjir ef dêr in merke,
De spylman saget om ’e nocht;
Net ien dy ús to dounsjen freget,
Net ien springt mei ús yn ’e bocht.
Hwet hawwe wy in moaije winter!
En as de diken is it iis;
Wy fleane ’er oer as winterfûgels,
Mar sûnder skutters. Is ’t nin griis?
’t Is wier, jy litt’ se útfenhûzje;
Mar, och, wy sjen dy maets net oan.
In djakensrôk mei gleone knopen!
En poepeskoen mei spikers oan!
In bollefel sit op hjar rêch boun:
Dêr sit in blikken thébos op.
En om ’e hals, yn pleats fen doeken,
In learen ding, it hjit in strop.
Ho heislik is hjar toet biwoechsen!
’t Is eft ’t in âlde tarkwast is:
En wol men hjar ’ris ljordrich tútsje
Men rekket noait dat kramtried mis.
De iene hompelt op syn blierren,
En klaget oer de hirde wei,
En bringt ynpleats fen Dimterkoeke
In koarste knersich mikk’brea mei.
Dy bringt in himdfol hippentrippen;
De grize rint ús oer de grou!
Hwet stjonke se fen ’t plaggestoken!
In neare wallem giet hjar ou.
In tredde skarlt op Keulske redens,
Dêr opkoft yn dat heidelân:
Mar is dat poepe-ark hwet roastich,
’t Gewear dat blinkt dochs as de brân.
Mar, och, wy meij’ dat ding net lije:
Dat moardzjen, o! dat griist ús sa.
Och! teagen se mei sein’ en kanne
Mar nei de lege mieden ta.
En as wy ’ris in oansit hâlde,
En komt it op ’e bûse oan,
Den moatte wy de gearjeft meitsje:
Hja ha forkearde broeken oan.
Mar heart men den dy feinten praten
Fen fammen dêr yn hjar kertier,
O né! dy meij’ se net oan rûke.
Wy leauwe it wol! Hja binne tier!!
Wy kenne ek wol manljue, keuning;
Leau dat de Fryske fammen mar.
Mar hawwe wy hjar op ’e skirte,
Den hawwe se mar ienris kar.
Dêrom wol dochs in bytsje tajaen;
Och, keuning, keuning, jow ús freed’!
Jy scille tûzen tútsjes hawwe:
Help mar ús skutters út de need.
Lisk Doekeledr Rjimkema.
Ut namme fen alle Fryske fammen, dy skutters yn ’t fjild hawwe.
E. Halbertsma.