DE KLUNSKONK FEN US ALD DOMENIJ.

“In klúnskonk! Dat scil jimme nuver yn de earen rôlje; net? En dochs

binne der rju ljue, dy der mei troch de wrâld strampelje moatte.” Sa

bigoun Gabe op in reinige hjerstjoun yn de hirdsherne to forheljen om

in bûrreselskip to formeitsjen. Saskemoi sei: “Net al to mâl, jonge.

Heite! heite! dat mûltsje seit wol ’ris hwette, dêr it holtsje wol ’ris

om krite moat.”—“Lit him syn feart mar gean;” sei master, “It wird is

him bitroud.”

“Us âlde domenij, sei Gabe, wier in feardich keardel, dy in liif hie as

in folle sûch, en in holle as in rea’ bûskoal; hânnen as slaeijen, en

skonken as skûrstilen. In goed, ynnich goelik man wier it, mar oan syn

preekjen koe men hearre, en oan syn noas koe men sjen, det er mear yn

de romers[10] as yn de boeken studearre hie. Hy wier mei in ryk

boeredochter út it Oldambt kepp’le; in tutte, dy in kroadfol jild hie,

en mar in nútsdopfol forstân. Dit minske sea en brette him al hwet hjar

eigen mûltsje bijearre, en domenij dronk ’er by al hwet syn mûltsje

bijearre. Berntsjes krigen de lju net. Hwet in oar oan it hoarnwiif en

de kreamheinster, oan ruften, oan naulebantsjes, oan greate spjelden,

oan widzen en koerren, oan bôlen en kofje, oan klontsjes, oan

sûkerbakken, oan doopmiel en brandewyn, bistegen, brocht domenij oan de

wynkeaper to Frentsjer; net wier, master? Jy wierne do skipper. Gong it

net mâl?

_Master._ O man! Dy wyn, dy ’t ik nei de pasterije tôge ha, dy kin yn

jimme mounleïe net, Gabe.

_Gabe._ Nou, dit dûrre sa ytlike jierren. Dy ljue dy gruzen dêr sa

fredich hinne. Pastoarske krige ek in gnap riezel oer de bûk, en dy die

neat as tsjanterjen en snuven; mar op it lêst krige domenij foetten as

learzens. Men koe nin ankel mear bikenne en de man bigoun sa

strompelich to gean! Do frege ik jo yet al, master: “Ho giet dat mei ús

domenij? Dy man kriget foetten as hele breaën, en dy gong wirdt sa

loom.” Do sei master yette: “Och, jonge! De wynkeaper komt om syn

jild.” Is ’t sa net, master?

_Master._ Dou kinste selsom onthâlde, jonge! Dou wierst’ do oars mar in

opslopen jonge; mar it is sa. Dou haste gelyk. ’t Is wierheit.

_Gabe._ Op in jountiid let komt domenij mei ’t weintsje fen de slotboer

thús fen de klassis, en dêr glydt de man út, en biseart him oan de

treeft fen de wein, en skramt de hakskine. Dat joech in gejammer!

Pastoarske, dy al nei bêd scoe, kaem foar de doar as in sjamme. Skrieme

en bâlte nin gebrek. De âld faem mei de lantearne efternei. Domenij

laei efteroer op de wiete terp mei de stôk yn de hân, hoed en prûk ôf.

De slotboer, slop fen laitsjen, hie wirk om syn jong hynzerke to

hâlden. Einling komme der twa fen de bûrren op it lûd ta, en dy tôgje

domenij mei folle kreunjen en suchtsjen to bêd. Hja krije in mûltsjefol

for de alteraesje, en do se dat út hiene, do snoarke domenij al.

“Nacht, pastoarske! Betterskip mei domenij.” “_Dankje buren!_” Knip, de

pasterije ticht, en it ljocht út. “’n Nacht, domenij!” Mar de oare

moarns, do domenij wekker waerd, do wier dy skonk sa glei en oerstjûr,

det de man fin noch fear reppe koe. De man wier forlegen. “Ien gelok,

sei ik do noch, ien gelok, domenij, det de mage net biseard is.” Hy

seach my skean oan.

De boerefrouljue rounen al gau to heap. De iene sei, der moat sûpenbrij

op mei knikelsblêdden; de oare sei, lynkoeke yn sûpen sean; de tredde,

greate beane sean; de fjirde sei, der moat spek op. Masterke (Ja, jy

sjenne my oan!) dy woe der wite hounekalmei yn mâlke sean, en dêr

hunich yn rierd, oplizze. (Dêr bigoun it hele boun to laitsjen, en

masterke waerd read om de troanje.) Us timmerman woe der kalk en tar

oplizze om it kwea der út to skoerren. In oar woe der kouwedong op

lizze: en einling, Joukeboer woe hawwe det domenij scoe der syn eigen

kwea op lizze. “Dat haw ik by ûnderfining,” sei dy âlde goede man do;

“der is neat dat in swolm better ta rypjen bringt as dat.” “_Altegaar

gekheid!_ sei domenij. _Daar zulle wij niet van hebbe. Ik heb in mijn

jeugd te Groningen te veul van dat zware kluunbier dronken. Dat gaat

iemands altiid na de bienen. Wij zulle ons niet met kwakzalvers

ophoude. Wie van de vrinden wil voor mij eens na Bolsward rijde om onze

dokter te halen?_” “Ik wol graech,” sei Joukom do, en omdet de man âld

waerd, dêrom gong ik do mei. Wy hiene sa’n âlden ruter mei dy

rottestirt der foar: as men dy oan ’t efterein kaem, den sloech er as

in fiterhynst; mar as er ynspand wier, den wier ’t in keuning; den gong

er der út as de reek foar de wyn. Nou, man, dêr kamen wy to Bolswert by

dy dokter, in swier man, mar sa frjeonlik en plezierich! Do wy him

forsochten om by domenij to kommen, “_Zo!_” sei er, “_Zit mijn vriend

de klassis al in ’t lijf? Nu, hij is de eerste niet._” Hy pakte ’t ien

en oar yn de mantel, en dêrmei foart. Do de dokter by domenij kaem, sei

er al gau. “_Jongetje, wat heb jelui ’t daar gister diep in laten

hangen! Maar dat is gepasseerd. Laat je been eens zien._” Do er dy

gleone bonke oanskôge en bitomke sei de man: “_Nu, het zal wel

schikken._” Mar der moast in ierlitting dalik gebeure; den moast

domenij fen binnen skjinmakke wirde; der moasten toalf bloedsûgers oan

de skonk lein wirde, en den moast der pappe wirde mei

hjouw’ren-groatten-brij. De litting waerd dien; de bloedsûgers waerden

oanlein, en wy brochten ús dokter wer nei stêd. Wy namen in drankje mei

om dy klassikale onhurichheden op to romjen, en wy kamen mei in pear

ûre wer by domenij. Mar dêr wier it lijen geande. Dokter hie haest

hawn, en dy sei, as de bloedsûgers der ôffoelen, den moasten se mar

weismiten wirde, en domenij moast dy sûchgatten mar bliede litte sa

lang as se rounen. Mar do dy dingen der ôffoelen, do sipere dat mar

wei. Al oan, al oan bliede: de iene fodde nei de oare fol bloed. En

domenij wier sa heislike bang for syn hearlik eintsje libben, en for

syn kroadfol jild, en syn pasterij, det hy bigoun lûd to jammerjen:

“Och, heere! Ik bloed mij dood.” “Nin need, sei ús bûrwiif Janke;

“helje mar gau hwet tonder.” Ja wol! Der waerd in hânfol tonder op

lein, mar dat holp net. Do grou pompier; dat spielde der ek al gau wer

ôf. Do sei baes timmerman: “Ik scil rie skaffe.” Dy helle boppe út syn

timmerhûs in hânfol spinreach. Ek al mis! Joukeboer striek ’er mei in

stik fen in stroefe têst oer. Us mem joech him ús stimpheft yn ’e

hânnen. Heit jage ús Jelke de finne út, en sei: “Jonge, siikje my gau

in mannich ûlefysten.” ““Hwet binne dat for dingen, heit?”” “Och, wist’

net? Fen dy brune dingen, fen dy fordroege poddehûden, dêr fen dat stof

útfljocht, as me der op trapet.” Jelke op ’e rin, en wylst dy siket,

pielde pastoarske mei alúnwetter. Dêr kaem Jelkeboi oan mei trije

ûlefysten yn de hân; hymje as in wynhoun! Us heit teach dalik to wirk

en treau dat stof op dy sypnêsten, en it like earst ek det it hwette

stie. Mar it woe nin koarste sette, en domenij blette mar foart.

Einling komt ús grouwe smid der op ta stoarmjen; dy sei: “Hwet divel,

nou? Witte jimme dêr nin rie mei? Ik haw sa mannich hynzer litten; dat

binne oare gatten dy wy der yn bruije, en wy kinne se altyt ticht

krije! Toe, Gabe, skoer jimme âlde bonte in mannich hierren út ’e

stirt, en den moast pastoarske my in mannich fen hjar fynste niddels

jaen; den scille wy der gau in ein oan meitsje.” De smid stiek dalik dy

fine niddels dwers troch dy sûchgatten, en woun do in hynstehier om de

niddels, krekt eft er in hynzer litten hie, en oer wier it blieden.

Domenij wier eft er in oar minske wier, en sei tsjin de smid: _Het

heeft mij wel zeer daan, en het is een peertemiddel, mar jou benne de

middelijke redder van mijn leven._” “Dat is neat, domenij; sei de smid,

“hwent as dat middel net holpen hie, den hie ik dy nêsten mei in gleon

izer taskroeid.” “_Wel ijselijk! sei domenij, Wat benne jimme wrede

menschen._” Us bûrwiif, de kûperske Aukje, in rimpen sloof, dy kaem der

ek op ta, just do dy bloedd’rige flarden to wâl brocht wirde scoenen.

Dy bigoun lûd to geijen en to razen: “Heare, domenij! Hwer bliede jy sa

fen?” “_Ja, buurvrouw_, sei domenij, _dat komt altemaal van dat zware

Gronninger kluunbier, dat ik in mijn jeugd te onmatig bruikt heb. Wacht

je voor de onmatigheid!_” Dêr liet ik boppe oer hinne falle: “Oan de

kleur fen ’t bloed to sjen, scoe men sizze, det er ek wyn mank wier,

domenij.” “_Waar is de pap, Gabe?_” sei domenij. “Hjir, myn frjeon. Dat

scil jo goeddwaen. Dy is sa hwet mâlklij.” Wy flapten domenij de pap om

de skonk, en winsken de man goenacht.

De oare deis kaem dokter werom, en dy hâldde it roun liif fêst fen

laitsjen, do er dy niddels fen de smid sitten seach. Domenij suchtte:

“_Dat kluunbier! Dat kluunbier!” “En die klassikale en synodale

vergaderingen, die doen ook geen goed aan uw been, domeny_,” sei

dokterom.

[Yllustraasje: DOMENIJ EN SYN RIEDJOWERS NEI DE OPERATIE FEN ’E SMID.]

“Dy scille it domenij net wer dwaen, dokter, sei ik; hwent de lêste

kear is de domenijs oansein, det it lân nin stûr mear ta dy mieltiden

jaen wol, mar det se it út hjar eigen bûse bitelje moatte. Is ’t sa

net, domenij?” “_Ja, Gabe; snap niet zoo veul. Maar is de pap gaar?_”

“Krekt ré, domenij. Hjir is er.” Ik lei de pap der op, en winske

domenij en dokter it bêste.

Dokter rette domenij om net mear iten to nimmen as er nedich hie, om it

libben to hâlden. Moarns mâlkengroat; deis kealflêsk en griente; jouns

sûpenbrij: en den moast er oanhâlde mei de pap op de skonk. Domenij

folge dy rie. De skonk waerd slank, de noas fetsoenliker, en it liif

joech ’im ek yn. Mar as domenij nei de deizen seach, en hy seach dêr dy

fette skinken en woarsten, en as er den tochte: “Dêr laeit dat ljeave

iten, en it is net for my.” En as er den om syn folle kelder mei wyn

tochte, den suchtte de man: “Heare, hwet is it libben sûnder swiet iten

en drinken!” Moarns yn it nofteren moast domenij in gleske saedswetter

drinke, en as er de pomp kreakjen hearde, dat klonk him yn de earen eft

it syn deadklok wier. Lykwol it die him goed. Mar dat libben stoe de

man sa min oan, det er sa suchtich en siikkreunich waerd as ien dy ’t

op ’e dea siet. Einling sloech it de man heal yn de sinnen. Den byldde

er him yn det er in nêstfol ylbijen yn ’e holle hie; den det er in

kikkert yn de mage hie; as him it liif oproun fen de winen, den byldde

er him yn, det er in izeren pôt yn it liif hie; as it wetter net sjitte

woe, den byldde er him yn, det se him in kleaun jern yn ’e bonge

tsjoend hiene, en as it den goed roun, den rôp er lûd: “_Gaauw, gaauw

de haspel, vrouw! Het komt al._” Al dizze franjes praette dokter him út

de holle; mar einling troch dat folle papjen en stoven miende de man

det syn hele skonk pap wier, en sa weak as bôledaei. Dit koe nin minske

him út de sinnen prate. Hy liet de skoenmakker in learen hoas meitsje,

en dêr teach er in greate Yslânske hoas oerhinne om dat spiltsje by

eltsoar to hâlden; en sa hompele domenij mei de papskonk troch it gea.

Pastoarske en dokter hâldden it stil, en it hjitte domenij hie in sear

skonk; de man wier oars souner as er yn tsjien jier west hie. Hwent fen

to foare wier er poffich en opblaesd, krekt as in bûk kealflêsk, det de

slachters mei wyn oppûste om great for it each to lykjen; mar nou wier

er sa as er hearde, meager en gesoun. De klúnskonk wier genêzen, mar de

papskonk dat wier slimmer; hwent dy kaem út de holle foart. En dy

holle! dy holle! Praten holp neat mear, en hie men de gek ’er mei, den

waerd er pûr lilts. Einling is domenij der noch al nuver ôfkomd; sa

nuver, as it mar koe.

Net fier fen de pasterije laeine twa Kompenijster bysfeinten mei in âld

snikke; de âldste hjitte Harke en de jongste Stoffel. Deis rounen se sa

hwet mei reap en hanskrobbers om it wirk yn de huzen sa hwet op to

nimmen, en den nachts hjar iffentûr to meitsjen, en to kaepjen hwet los

en neilfêst wier. By ús bûrman Wâtse mâlktaper, dy ek in slok forkofte,

en dêrby in snobwinkeltsje hie, dêr wierne se wakker hiem. Dy earm man

hie yn it efterhûs in fet skiep stean. Dat moast ’er de nachts mar oan,

tocht’ hjar. Om toalf ûre kroepen se stil út hjar snikke, elts mei in

lege sek op de rêch, lyk as sok reau to fjilde tsjocht. In brekizer, in

fjurslach, en in eintsje kears mei. Oan it efterhús wier it mis; dêr

siet in boam foar de doar. Foare gong it better, mar do se yn it

foarhús wierne, do miende Stoffel, dy yette jong en skruten wier, det

er gerissel hearde. Hy spatte de doar út, en Harke him efternei; mar dy

grypte yn de rin noch gau in great sekfol nuten, dy dêr yn it foarhús

stoene. Hja fleagen op it tsjerkhôf; do sei Harke: “Dou bist’ in

bangeskiter. Jokket dy de rêch wer? My tinkt, de earste giseling biste

yet al goed ôfkomd.” “Dat bytsje bruijen is neat, sei Stoffel, mar dat

tichthûs, dat tichthûs!” “Nou, wiste hwet? sei Harke, “ik leau net det

se ús fornomd hawwe. Dêr heste myn sek. Deel dou dy nuten dêr yn de

bjintsjekou: dêr scil nin minske dy bitrappe, en as ik it skiep krij,

den scille wy it dêr deije. Den kin nin minske bloed fine.” Harke teach

wer op ’e strún en Stoffel gong op de bonken fen ús foarâlders om de

nuten to parten. Den naem er in hantsjefol út de sek, en dy die er yn

syn eigen sek, en den in hânfol yn Harkes. En den sei er yn de

gedachten wei: “Dat binne mines, en dat binne dines,” en dat lûd op.

Domenij, dy folle laei to mimerjen oer syn kwael, dy koe dy nachts net

sliepe. Dy hompelt op ’e kruk fen it bêd, en docht it finster iepen om

yn it waer to sjen. Do er dêr in bytsje sitten hie, do hearde er dat

gerottel fen dy nuten, en dêr by: “Dat binne mines, en dat binne

dines.” It wier in stille nacht. Him tochte it wier op de bjintsjekou,

lyk as it ek wier. Nou wier der in boekje útkomd fen in domenij hjir

net fier fen dinne; dêr stoe yn biskreaun, det de wrâld yn dat selde

jier forgean scoe. Us goede domenij makket him dêr sa eang oer, det hy

seit tsjin pastoarske: “_Roep gaauw meester. Zeg dat die hier dadelyk

koomt._” Master wier just út iten west, en mar heal út de klean; dy

tsjocht fluch de rôk wer oan, en dy nei domenij ta. “Hwet is ’t nou

wer?” seine jy do, Master; “Ik bin noch bang, det domenij de holle

trochrinne scil.” Hwent de man wier noartich: is ’t net sa, master?”

“Ja, sei master Harke; Mar, heite, ik hie my oars foarnomd, om it oan

nin minske to forheljen as oan dy, en detste it der nou sa mar

útflapste, dat is net from en earlik fen dy. Mar dou haste it nou sa

fier brocht, it moat der nou mar út.”

“Nou, frjeonen, sei master Harke do, “ik kaem dêr by domenij, lyk as

Gabe wol forteld hat, noartich en ongemaklik. Hwent dat wier mar alle

klapsketen, det se my dêr hellen om rie. Dêr siet domenij mei syn skonk

biwoelle, de reade japon oan, en de wite sljipmûtse op. De kruk stoe

nêst him. Mei in ophef rôp er my ta: “_Meester! Meester! De groote dag

breekt aan. Ik ben stellig overtuigd dat mijn collega waarheid zegt in

zijn boekske. Nog dezen nacht zal de wereld vergaan. De dooden

verdeelen reeds hunne beenderen in het knekelhuis. Ik heb het duidelijk

gehoord. Wees zoo goed en draag mij naar den grietman. Mijnheer is mijn

oudste en beste vriend; ik moet, ik wil eerst afscheid van hem nemen._”

Ik stie earst al hwette biteutere, en ik tochte, dit rint mis mei

domenij; mar ik hie den wol ’ris sizzen heard fen dokter, det as it net

útscriptis mâl wier, den moast er syn sin mar ha. Pastoarske skriemde

en dy joech domenij for de soarch in wyt tekken om de rêch for de

kjeld; en sa naem ik domenij oer it skouder, eft it in nofter

kealleboltsje wier, en teach rjuchtút mei him nei de grytman ta oer it

tsjerkhôf hinne. Mar dêr komme wy by de bjintsjekou lâns, dêr Stoffel

mei syn nuten siet, en do dy dêr ien oantôgjen kommen seach mei in wyt

ding oer de nekke, do rôp dy al: “Biste dêr al, Harke, mei de bút? Ik

haw it mês al klear.” “_Nu geldt het mijn leven!_” sei domenij, en ik,

om’t myn namme neamd waerd, wier sa bisouwe eft ik yn de groun weisonk,

en ik liet domenij falle. Mar hy wier gauwer wer by pastoarske as ik,

kin ik jimme sizze. Frjeonen! hwet roun dy man! Yn nin tsjien jier hie

er sa roun. Hy fleach pastoarske om de hals. “_Oude!_ rôp er lûd út.

_Wat was dat een ontmoeting!_”—“_Maar waar is de kruk?_” sei

pastoarske.—“_Dat weet ik niet_, sei domenij. _Maar nu ondervind ik de

waarheid van het gezegde van ons kreupele Gabe_: Jins skonk scil hird

wirde, as jins holle soun is.”—Wy sloegen in Franskman de mûtse ôf, en

dronken en praetten oan fjouwer ûre ta. Pastoarske snúfde hjar greate

doaze leech, en wy gongen nei bêd, bliid det domenij syn skonk wer hird

wier.” En do hie master dien.

“Wel, ho gong dat do tonei, Gabe?” sei ien fen de bûrren. “Wel, sei

Gabe, dat gong sa. Domenij libbe op de âlde foet foart. Hy die nin

minske kwea. Hwet er oer hie joech er graech oan in earm minske. Hy

preke net oer waer en wyn, mar gong syn âld paed lâns. As er de tekst

ôflêzen hie, den joech elts him del. De gemeinte tochte: Wy witte nou

hwet for wei wy op moatte; lit ús dy wei maklik opnimme. Hja slepten

hjar sillich, dy fromme ljue. En as domenij syn skonk oerstjûr waerd,

den seine de ljue: Hy hat it poatsje wer. “En hwer bidarren Stoffel en

Harke, Gabe?” Dy krigen elts, yn pleats fen in boutsje skjipflesk fen

Wâtse, in waerm poarsje rizenbrij fen master Durk to Ljouwert.

Rimen en Teltsjes · 第 90 / 279 题