E. H.

Hjir is noch in teltsje. Ho dat der by komt wit ik net, mar it siet der

oanspjelde.

Der wier in keuning, dy ’t in reis oer sé die, en in Persiaenske

slavejonge meinaem, dy neat oars sjoen hie as it sân fen syn woastinen.

Mei it earste slingerjen fen it skip bigoun de jonge to triljen as in

poarsk, op it lêst to gûlen en to moartsjen krekt eft er stjerre scoe;

en dat al oan en oan, det de keuning skjin syn nocht krige. Do frege de

dokter fen de keuning eft er der ’ris mei riede mocht. “Ja,” sei de

keuning, “gean jou gong mar.” Do liet de dokter dy slavejonge mei in

boat en twa silers útsette, dy him hals oer kop yn sé bruiden en wer by

de hierren opskoerden; en do se dat sa ’n tweintichris dien hiene,

triuwden se him nei ’t roer ta, dêr er as in kat by op kladdere; en sa

skrabe er oer it dek hinne wer yn de kajút. Hjir kroep de jonge yn in

herntsje wei, en men hearde kik noch mik fen him. De keuning, dy dat

wol sinnige, frege, hwet kinst dêr nou oan wier? “Dêr sit dizze kinst

yn,” sei de dokter, “det de jonge net wiste hwet forsûpen wier; nou

fielt er ho noflik en feilich it oan boart is”.

Rimen en Teltsjes · 第 91 / 279 题