Der hat in boer yn Dútsklân west,
Dy hie sa ’n skoander houn;
In biter út it echte nêst;
Hy hjitte Frans, dy houn.
Dy hâldde alline by de nacht
Oer hûs en hiem en alles wacht.
In ychel wier ’t; it wier in aes;
Nin minske stie him as syn baes.
Bisprekke koe him ek net ien,
Nin skoaijer, nin soldaet,
Ef hwa ’t mar fen dat wirk forstoe,
It holp net, hjar gepraet.
Nin bûrman liet er op it erf.
Hy tinge dalik nei de nerf,
En siet hjar yn it hier
Krekt eft ’t in frjemde wier.
Nin frjemde pijde ’im iten ta;
Al wier ’t ek frikkedil;
Frans tocht: “Ik wol der dochs net oan.”
Hy eange for in pil.
Forrifelje koe men him net,
En fluitsjen, flaeijen holp ek net.
Dy nei him ta doarst gean
Dy snaude er yn de klean.
Op ieners wirdt de houn sa stil,
Hy sjucht sa slûch, sa sleau.
Nou tocht de boer al om de pil,
En sei: “Dat divels reau!”
In hounedokter tige wiis
Dy jowt him oalje yn mei tsjiis,
Dryakel, skrabe bokkehoarn—
It holp net! Frans dy moast ’er oan.
“Dat griist my om myn bêste Frans!”
Sa kreunde do de boer,
“As ik nou mar syn moardners foun!
“Mar dêr ta is nin kans.
“De strûper scil him dochs net ha.
“In earlik tsjerkhôf komt him ta.
“Nin dief kaem hjir myn hiem tonei.
“Nou is dy stimper wei.”
En om ’t syn Frans sa ’n bêsten wier,
Sa hâldde er ek syn wird.
Hy draegt him nachts nei ’t tsjerkhôf ta:
’t Bidobjen foel him hird.
“Och! tocht’ er, ’t is de neare nacht;
“Nin minske hâldt hjir dochs de wacht.
“En merkte it ek tonei al ien,
“Dat grêf wirdt gau wer grien.”
Sa tocht de boer, mar ’t wier wol mis;
It wier nin eigen fjild.
De opdracht, ja, dy wier goedkeap,
Mar ’t leed dat kostte jild.
Hwent praet de boer hwet plomp en krom,
En liket hy de stedljue dom,
Hy is yn ’t sparjen oars nin bloed;
Hy stiet syn man den goed.
De skoalmonarch giet ier oer ’t hôf,
En sjucht al fluch dat stik.
“Hwet?” seit er, “iere moarn in grêf?
“Dit spil is út de mik.
“Né, hjir is modder oan de kloet.
“Lit ik dit sitte ûnd’re ’e hoed,
“En rop ik hjir pastoar net by,
“It wier forhelle op my.”
Nou rint er nei de pasterij,
En skillet heftich oan.
“Ja, tocht er, Master, skilje mar!”
Mar master hâldde oan.
Do rôp pastoar fen boppen del:
“Ho liedt dy skoallebok sa fel?
“It is in dondersk lêst!
“Men hat hjir noait nin rêst.”
““Net kibje, bêste hear en frjeon!
““It ding is fen gewicht.
““Ik bingelje sa by pastoar
““Foar saunen oars net licht.
““Gau oan de mantel en de bêf!
““Dêr by de mûrre is in grêf:
““Dat is to nacht der komd!
““En ik haw neat fornomd.””
Pastoar smyt gau syn mantel om,
En giet ek dalik mei,
En sjaggelt op it eagenblik
De master efternei.
“Nou”, seit er, “Frjeon, it ding is sa;
“Lou deadegraver moatt’ wy ha.
“Hjir, master, sit hwet yn;
“Hjir skûlet kwea fenyn.”
Dêr komt Lou loddeman al oan.
“Kom, meits dat grêf ’ris op!”
““Bêst, hear! Wacht mar in eagenblik
““Det ik myn ark opskop.””
Hy dolt en wrot, en ta bislút
Hy lûkt der Frans by ’t stirtein út.
Dêr steane se forheard!
Dat spiltsje wier forkeard.
Pastoar dy ropt út hals en kiel:
“’t Is slimmer as in moart.
“God jow, det sokken ketter wirdt
“Yn sieden’ oalje smoard.
“Siz my, hwa scoe de skild hjir ha?”
““’t Is Frans! Dy hearde oan Michel ta.””
“Kom, helje ’im mei in rin,
“Siz mar det ik ’er bin.”
Nou, dêr kaem Michelboer al oan:
Dit scil hjir nuver gean.
Pastoar dy gûlt fen fierren al:
“O Michel, dat stiet skean.
“Siz my, ho komt dy houn yn ’t gat?
“Hwent, Michel, w’rachtich! Wiste hwet?
“Bring ik ’t net dalik oan,
“Den helje se my moarn.”
““Sêft, sêft, mynhear! Ei wachtsje hwet!
““Dat ding hat, tink ik, tiid.
““It wier in Kristenhoun, mynhear!
““Dy makket jo yet bliid”.
“In houn, ek as er alles het,
“Dy heart yn wijde ierde net.
“Ik siz it dy mar ier:
“Michiel! dyn straf wirdt swier.”
““Hwet straf? Dy houn hat jo, mynhear,
““En dy twa, dy dêr stean
““Ek yn syn testemint bitocht.
““Wel, woll’ je yette mear?
““Hwent fiifentweintich goune maet,
““Is fen in houn in gnap legaet.
““For Lou en master elkmes tsjien.
““Wier dat net Kristlik dien?””
“In houn, dy testeminte het?
“Dat liigt Michiel!” sei Lou.
““Wel, man, ’t is nei de nije wet,
““En seiste det ’k it flou?
““Nin preester ef nin domenij
““Skreau dêr in ink’le letter by.
““It is in holograef!
““Wier dat for Frans net braef?”
“Nou, om’t dy houn sa Kristlik wie,
“En hie sa ’n fromme wil,
“Sa stopje him mar yn it grêf,
“En jimme hâld’ it stil.
“It is oars ivich string forbean,
“Mar nou moat dat sa gean.”
Troch ’t testemint bleau Frans to hôf:
Sa roun dit wirk do ôf.
Nei de Neurenborger rimer Grübel.
E. H.
[Yllustraasje: PASTOOR BISKROBBET BOER MICHEL.—STIENNEN KLOKKESTOEL.]