BLOMKE OP IT GREF FEN PETRUS.

Passieflora, dou ljeave blomme,

O! byld fen krús en lêst,

Dy wol ik op de dobbe plantsje,

Dêr nou ús Petrus rêst.

Us Petrus, de eare fen syn stamme,

Sa edel, from en trou,

Forliet syn frjeonen hjir op ierde

Yn triennen en yn rou.

Geleardheit mocht dyn holle siere

Mei earekrâns en lof,

Dyn eedle deugden wierne, Petrus,

Mear as dat tsjef en stof.

Forsierd mei inerlike deugden,

Mei ’n hert, sa Frysk, sa roun,

Naem him in Demon yn syn kloeren

En trape him to groun;

Bitsjustere syn kleare holle,

Binaem him frede en rêst,

En skoerde him mei earne-klauwen

Yn syn forskriklik nêst.

Hwa kin de tûzen jammers neame

En ’t hert-forwringjend leed?

Nin swirden fen de wrâld-tyrannen,

Nin folter wier sa wreed.

O! ’k sjen him yet sa djip forsonken

Yn mym’ring sûnder ein,

Forskromfele ta sine en bonken,

Fortoarre en forslein.

En do de dead syn bânnen loste,

Do tanke ik God út herten-groun.

De triennen fen ús frjeone-herten

Binn’ nou forsige en forroun.

Mar ivich scil myn siele eare

Dyn eedle neigedachtenis,

For dy dit blomke bloeije litte,

As ik ek yn de ierde liz.

Ho steatlik sprekt mei hirde wirden

Syn eedle neigedachtenis,

Det bliere jeugd en wrâldske hope

Mar inkel stof en spinreach is!

Wier him troch tûzen martelingen

In tsjuster Golgotha dizz’ wrâld,

Wol God syn earme siele treaste,

En nimme him yn syn bihâld!

Passieflora, dou ljeave blomme,

Sa hearlik oan to sjen,

Dou ropste ús ta yn earnst’ge tale,

“Bist’ ek sa’n minske-bern!”

Passieflora, dou ljeave blomme,

O! byld fen krús en lêst;

Bliuw yn gedachtnis fen syn lijen;

Us goede Petrus rêst.

_Emden_, 27 Decembris 1855.

Doctor E. HALBERTSMA.

Rimen en Teltsjes · 第 64 / 279 题