It is in âld gebrûk ûnder de Friezen, om oan elts bern by de geboarte
in _silveren geboarte-leppel_ to jaen, dêr syn namme en de dei fen syn
geboarte yn snein is. Us stamneaten, de Ingelsken, hiene dit ek yn
gebrûk, en neamden dy leppels _apostel-spoons_, Apostel-leppels, omdet
hjar geboarte-leppels op it ein fen ’e stalle it byld fen ien fen ’e
toalf Apostels hienen. Ik hab in âlde Fryske geboarte-leppel sjoen, dy
it byld fen in santinne op it ein fen ’e stalle hie. De fraech is, hwer
dit gebrûk fen dinne kaem?
Om dêr it andert op to finen, moat ik jimme in amerij yn de alderâldste
en rouste tiden fen de Noardske naesjes tobek bringe; hwent dy wierne
mei de Friezen nau bisibbe. Us Fryske kroniken rikke sa fier net, det
se ús dêr it minste biskie fen jane, mar wol de âlde boeken fen de
Noarljue, dy ljeafhabbers fen oanteikenjen wierne, wylst de Friezen,
howol se it koenen, sa bang for skriuwen wiernen as in houn for
giseljen.
Yn dy alderâldste tîden den wier der yn folle oarden bynei nin
boerkerij ef bouboerkerij to bikinnen. Hiele lânskippen laeinen for
wyld, en men seach ’er hast neat as ûnôfsjenbre heidefjilden en wiet
onlân, hjir en dêr mei pôltsjes skrale greide ôfwiksele. Hjir kaem by
it ivich gefjucht fen stam tsjin stam, hwerby it bytsje, dat der
groeide, noch roofd ef forwoestge waerd. It gefolch wier, det der mear,
folle mear minsken geboren waerden as der iten wier, en det der by it
minste misgewas hongersneed kaem. De barmhertichste âlders moasten dos
yn dy dagen wol oppasje, det se nin mear bern oanfokkene as se iten en
klean jaen koenen, en by de geboarte fen in bern wier de earste fraech
fen ’e heit, eft er it bern opfiede koe ef net. Wier dit it gefal net,
den waerd it op in iepen fjild to fondeling lein, mei in pûdtsje sâlt
neist it earme hert oan ’e side. Dat mocht de faer lykwol net dwaen, as
hy it bern it minste kromke iten ef it lytste dripke drinken jown hie.
Hy moast it suver nofteren op it fjild bringe; as it bern mar in drip
hunich slikke hie, hie de wreedste moardner it hert net yn it liif, om
it bern in inkel hier to krinkjen, sa hillich en djip siet dat forbod
yn de siel fen dy rouwe naesjes skreaun. En neat minder hillich wier de
plicht fen him, dy it bern mar efkes laefde, om for it hert to
soargjen, it to fieden en to klaeijen; mei ien wird, om it bern alles
hwet it nedich hie to jaen; om it op to fieden en great to bringen, lyk
as eigen heit en mem hearden to dwaen. Dêrom leinen de earme âlders ek
in pûdtsje mei sâlt neist it bern del. As der nou in meilijige siel
foarby kaem, dy it net útstean koe, det sa’n onnozel skepselke dêr fen
honger en toarst omkaem, ef fen it wyld forskoerd wirde scoe, dy foun
dêr it sâlt, om him ta de opfieding to forbinen. Hy struide in griselke
sâlt twiske de lipkes, en mei dat griselke wier in hillige eed foar God
yn ’e hege himel sward, det hy for it bern as syn eigen bloed soargje
scoe.
It kristendom preket ljeafde, meilijen, woldwaen, minsklikheit, en ien
hjarrer tearste soargen is, om de lytse bernkes as in mem to kweekjen.
“Lit de berntsjes ta my komme,” sei Jezus. Howol nou de earste
kristenprekers hjir kamen om it heidendom út to roeijen, sa namen se
dochs de heidenske ceremonies, dy in woldedich doel hiene, yn ’e
kristelike religie oer, om de bikearde heidens troch plechtige foarmen,
dêr se oan wend wierne, des to krêftiger ta kristlike deugden to
bringen. Hja joegen oan elts bern, dat to wrâld kaem, in _pleech-heit_
ef _pleechmoer_ (Nl. v. _peet-oom_ ef _peet-moei_), dy by de doop de
post fen heit ef mem, as it need wier, for hjar rekkening namen.
Dy peten nou namen it forplichtsjend sinnebyld fen de heidens oer, mar
forkristlike en nei de tidelike foarderingen yn biskaving. Men iet do
net mei foarken; hwet wy ite mei foarken, dy fen in lettere útfining
binne, ieten hja mei de fingers, in wisansje, dy yn myn bernetiid by de
wetterlânners om Grou hinne, noch net útstoarn wier. Brij en oar wiet
iten allinne nuttigen hja mei de leppel. Lytse berntsjes ite meast
leppel kost. As nou in pleech-faer ef pleechmoer oan hjar pleech-bern
in silveren leppel, mei it bern syn namme der op, joegen, en dêrút ite
lieten, woe dat sizze: _Ik nimme oan, om dy as myn bern to ûnderhâlden,
hwennear dyn heit en mem to koart sjitte._
En hwet bitsjutte dat byldtsje, dat op it ein fen ’e stalle stie? It
wier it byldtsje fen de apostel ef hillige, oan hwa de pleech-âlder de
gelofte die, om for it pleech-berntsje, hwaens namme de leppel droech,
as syn eigen soan ef dochter to soargjen en op to kommen. Dy hillige,
dy selde apostel, mocht op de ontsettende dei fen it lêste oardiel foar
de ivige rjuchter tsjin him getúgje, as hy it earme skepselke oan it
lot oerlitten, en noch nei lichem noch nei siel forsoarge hie. Hwent de
earste fen alle plichten fen de pleech-âlders wier, om it bern yn
godstsjinst en kristelike deugden op to kweekjen.
Mei sa ’n miening waerden de geboarteleppels fen folk en frjeonen oan
it bern skinsen, en fen de âlders oannomd. Hûnderten fen jierren dûrre
dat, mar de tiid, dy alle minskelike gebrûken slyt, sliet eindelik ek
dizze tinkbylden út, en yn de lêste tiden waerd de geboarteleppel net
oars, as in biwiis fen forknochtheid fen de jower oan de âlders fen it
bern, dat hy mei de leppel foreare.
Ienders mar haw ik tsjinst fen myn geboarte-leppel hawn, en dat by ’n
gelegenheit, dy nimmen fen myn lêzers riede kin. Under de republyk
wierne hjir to lânne nin ampteners fen _de burgerlijke stand_, dêr men
de geboarte fen syn bern oanjaen moast. De oerhearsking fen de Fransken
fierde dy ynstelling hjir yn, en as men trouwe woe, moast men op ’e
rjuchtkeamer ef ’t stedhûs earst it officiéle biwiis ynleverje, det men
den en den, dêr en dêr, en út dy en dy âlders berne wier. By gebrek fen
in lânsregister moast de boargemaster do ’n biwiis oannimme fen de
geastelike, dy yn it tsjerkeboek de bern, dy yn de gemeinte berne en
doopt wieren, opteikene. By de Roomsken wier dat klear; hwent dy
houdden hjar doopregisters; sa ek by de Lutheranen en Reformearden,
howol net sa naukeurich; mar by de Minniste gemeinten, dêr nin bern
doopt waerden, en oerskis nin register fen geboarten houden waerd hinge
dat der jamk swier yn. Getúgen moasten faek wech-en-weer opswile wirde,
en hjar getugenis troch in notaris mei folle kosten ynlevere wirde. Der
wier mar ien middel, om dy jildfûke to ontkommen, en dat wier in
geboarte-leppel.
In Dútsk amptener fiert de wetten fen it lân út as in korporael syn
exercitiereglemint; hy freget net eft it wiis ef gek is, eft it
dwaenlik is ef net; hy giet as in machine troch linnen en wollen hinne;
it reglemint seit it. De Franskman dêrtsjin is in rekkelik en
forstandich man, dy by it onmûgelike jowt en nimt, en bûten de letter
fen de wet om hwet ynskewielt. As immen nin biwiis hie ef fen getugen
krije koe, en hy woe trouwe, den teande hy syn silveren
geboarte-leppel, en de Franske administratie naem de bytsje letters, dy
der op snein stienen, as in officeel getúchskrift oan. Do ús lân by
Frankryk ynlive wier, frege ik in pas, om nei Hollân to reizgjen, dêr
ik studearje scoe. It wettiske biwiis fen myn geboartedei hie ik net;
mar ik hie ’n geboarteleppel. Do ik oan it Franske bureau fen policie
forskynde, kaem der in gendarme foar, dy my sei: _Monsieur, Votre
billet de baptême!_ (Nl. _Mijnhear, uw doopcedul._) En do ik him
anderde, det ik net doopt wier, skoerde de man rare eagen op, seach my
skean as in heiden oan, en die der biskie fen oan syn baes. Dêrop lei
ik de commissaris sels myn gefal út, teande him myn ienfâldige
geboarteleppel[6], dêr neat oars op stie as dat ik de 23 October 1789
geboren wier, en do de Franske commissaris fen policie de leppel
naukeurich bisjoen hie, joech hy my dadelik in officiéle pas.
Mei dy pas kaem ik to Amsterdam en seach mei myn eigen eagen, det
Napoleon, krekt sa lyts wier yn de kinst om in steat to regearjen, as
great op it oarlochsfjild. Elts dy fen it iene trekskip yn it oare
stapte, moast syn pas oan ’e skipper teane, ef de skipper mocht him net
oan boart litte. It respekt fen de skippers en foerljue foar dy passen
wier den ek great! Do ik to Amsterdam kaem, woe ’k dadelik nei Saendam,
om in stalke to praeijen. Dat gong mei in fearskip, dat by de
Nije-steds-herberge laei. Foar oan boart to stappen iepene ik myn pas;
sa gau krige de skipper de earn, it keizerlike wapen op de pas, net yn
’t each, ef de man sei: _Ik zie de kraai al; het is in order; steek je
pas maar weer op.—Noem je de keizerlijke arend een kraai?_ frege ik de
skipper, hwer hy op sei: _Als ik maar een roofvogel op de pas zie, dan
ben ik wel te vreden._