Hearen en boargers! Juffrouws en Jiffers! Feinten oan ’t útdruijen, en
jimme dy de frysters nei de hakken sjenne! Alde fammen, en jimme dy
noch hoopje! Dy hjir binne om to sjen, ef jimme bisjen to litten! Jimme
allegearre, dy hjir komd binne to praten ef to harkjen, to smoken ef to
priuwen, ta Nut fen Al it gemien!
Us oarremem plichtte ús folle to forheljen fen in âld preker, dy troch
de gemeinte pijd wier om it wird to dwaen, en do er yn it houten wammes
stie, net oars uterje koe as dizze wirden: “Jimme binne! Jimme binne!
Jimme binne!” In âld wyfke, dy dat bigoun to forfelen, frege him
einlik: “Wel, heite, hwet binne wy den?” “Jimme binne allegearre
gekken, sei er, hwent ik moat preekje, en ik kin net.” Egentlik hiene
jimme krekt lean nei wirken, as ik jimme mei sa ’n bolstjûrich wird ek
’ris tige útheuvele. O, as jimme wistene, ho ’t ik yn ’e knipe sitten
haw, en dat troch jimme skild! Né, der wier nin tsjinakseljen oan; ik,
ik moast dizze joun prate, en do alles omkomd wier, wist ik net hwer ’t
ik oer prate scoe. As jimme allegearre ien sin hiene, hwet joech ik den
om sa ’n Nuts-preek! Mar in baerch hat in sin, scoe in minske den nin
sin ha? De iene hâldt fen ’e moer, en de oare fen ’e dochter; de iene
hat in sekfol forstân, en de oare nin fingerhoedfol, en dêr komt it fen
dinne, det de iene him ta de teannen út formakket, wylst de oare him
forfeelt, en de preker as in âld hynzer tsjingappet. Lykwol haw ik my
’ris skrep set om ’t jimme allegearre to goedzjen. Earst tocht ik, kom,
ik scil ’ris riddenearje oer de praktiske rede fen ’e Kantiaenske
wysbigearte, en dat hie in onfoech moai stik west for in inkelde djippe
drinker[2], dy ’t der ûnder jimme skûlet; mar de frouljue scoene miene,
det ik hjar yn in tsjokke mist laette, noch tsjokker as de
Amsterdamske, dêr minsken en hynzers by yn ’t wetter truzelje. Do
tochte ik wer, lit ik it hawwe oer ’e hannel yn Fryske tsjiis, en dat
scoe de tsjyskers bjuster sinnige hawwe; mar hwet is ’er de oare ljue
oan de tsjiis fêst, as det de boeren se suver meitsje, en ’er nin hert
fen sûre brokken yn triuwe, dy nin houn frette wol. Einlik skeat my yn
’t sin, om it ’ris to hawwen oer it ljeaflike fen in kreas prûs
frommiske en myn sizzen mei de libbene bylden, dy hjir foar ús eagen
sitte, oan to skroeven: in jamk stikje, siker, for de jongfeinten, mar
for de kâlde stakkerts, dy de tsjerkhôfsblommen al op ’e holle steane,
om ’er swietkes by yn ’e doljorum to reitsjen. Sa wier ’t jimmer
onklear oan de iene ef d’ oare ich, en al myn hersenskraebjen hie
hea-terskjen wêst. Underwilens kaem dizze dei neijer en neijer, en
jimme forgees yn ’t kleaster komme to litten, wier krekt sa folle as my
mei wiif en earme berntsjes for ivich bûten de klokkeslach fen Bolswert
to bannen. Hwent as ien lilts wiif in great krús is, hwet scoene den
hûndert wol wêze? De grizen rint my oer de grouwelen, as ik ’er mar om
tink! Dat bigoun my earjister sa yn to barnen, det ik in forhânlinge
hawwe woe, al scoe ’k him onder de stiennen fen ’t hynstepaed wei
skoerre. Yn dizze binaudheit grabbele ik mei myn fingers yn it
fesjebûske om, en helle der yn gedachten trije inkelgounen út; mar do
ik dy yn ’t each krige, joech ik my sels in trewinkel foar ’e holle, en
lilts oer myn eigen slûgens, sei ik: “Hwerom siikje ik allehiel om
fierrens, dat ik yn myn eigen bûse ha? Oare dingen fen dizze wrâld
binne sa fen skik, det de iene se skoudert wylst de oare der om skrept
en skoert; mar jimme, silveren skiifkes, tûzenris moaijer as de
silverblanke moanne for in smûk pear! hwaens hert is sa ilich en
stiennich, dat dyn geflikker net ynnimt? Hwet sang tommelt sa ljeaflik
út de kiel fen in nachtegealke yn minske-earen, as it gerammel fen
jimme by sekfollen yn earden skealjen útskodde? Hertlap fen my, fen
alle minsken! ho iiskâld dou ek biste, jow ynfierne oandacht oan de
hearders; jow fjûr en krêft oan myn wirden...... Kom, lit ik it mar
platwei sizze. Ik scil prate oer it jild.
Mar nou ha ’k noch in slimme striid mei my sels hawn, eft ik myn preek
yn fjouwer parten deelje scoe, ef, lyk as de domenys, yn trije; dêrnei
eft ik dy trije stikken elts wer yn fjouwer splisse scoe, ef yn mear;
en einlik, omdet trijeris-fjouwer toalf is, eft ik dy toalf delen jimme
op ’e fingers tatelle scoe, fen ’e tomme ôf nei de lytse pink ta, ef
fen ’e lytse pink ôf nei de tomme ta. Mar om de wierheit to sizzen, haw
ik nin tiid hawn om my op sa’n swierwichtich stik to birieden; howol ús
pake sei, det preken mei sa’n bulte yndelingen krekt as âlde tsjerken
binne, dy in hele bulte neare finsterkes, en in wakker bytsje ljocht
hawwe. Ek hoopje ik, det immen, dy preket wylst de blêdden fen ’e
beammen falle, troch ’e fingers sjoen wirde scil, al wier it, det him
de plasse soms in bytsje bigoun to malen. Ik kom hjir dos mar simpel
oanstjitten mei twa delen; it earste, de útfining fen it jild; it
oarde, de útwirking fen it jild.
Om to sjen, ho it jild útfoun is, scille jimme in lyts reiske fen in
tûzen jier fiif seis tobek dwaen moatte, om sa dwaende ûnder de earste
minsken fen ’e wrâld to lânne to kommen. Alderearst pielden se sa
hwette mei fiskjen ef jeijen; mar do wierne se meast sa wif as heidens
en skjirslipers, dy fen de iene oarde nei de oare fleagen, en omdet ’er
do nin each op to hâlden wier, scille wy der net om tinke foar det se
earne tsjoarre wierne. Sa gau wierne se net mei wiif en bern op in fêst
plak to stoel en to bank komd, ef sy bigounen fé oan to setten: ek
túntsjene se ’r sa’n bytke mank mei in pounsmiet twa for bûzekoal,
earten, beanen, en sokke kost oan to lizzen. Sy houdden kij, skiep,
ezels, kammielen, al nei’t de lânsdouwe sei, dêr se hjar deljown hiene.
Sy libben stomp ienfâldich, en hienen in bytsje brek. De fammen
frisselen hjar hier net foar in spegel, mar mei de holle foardel oer in
dobbe mei klear reinwetter: de memkes, net eang for gapskens, lieten it
bare ljocht fen ’e himel yn ’e finsters skine sûnder lagen fen boppe-
en ûndergirdynkes; matten, flierkleden, en sok ark, om de berntsjes oer
stroffelje en bûden oan ’e holle fâlle to litten, koenen se net!
koaitsfammen, banketbakkers, en dy sok kjiskou makken, wierne fier to
siikjen. Sy genearren hjar mei mâlke, triuweltsjiis, waei, hwette
moalkost en griente; it wetter skepten se, lyk as Dyogenes, mei de
holle hân en as hja ’ris tige smarre woenen, den slachtten se in
sûpkeal fen hjar reau bisten, en pluzen it mei folk en frjeonen op.
Licht fetsje jimme, det se yn dizze ienfâldigens hjar bynei allehiel
rêdde koenen mei hjar eigen gemaek, en ’t bytke, dat hja mear brek
hiene, rûlebúten se fen eltsoar. Spek oan spinnen! Hie immen sin oan de
apels ef prommen fen syn bûrman, den naem er in koerkefol aeijen mei,
en dêr hanbakken se sa lang oer, det se ’t iens waerden, ho folle
prommen men tsjin in snies aeijen oerdwaen scoe. Hie er in hynzer brek,
den joech er in team biggen en sa folle eikes as it hynzer wirdich
wier.
Dat sjamperde allegearre sahwet hinne, sa lang as it each net greater
as it liif wier, en de ljue in bytsje dingen brek hienen; mar dy
roalhannel bigoun in deakerske pleachhannel to wirden, sa gau as se
hûndert dingen mear hawwe woenen as se sels makkene. Yn pleats fen waei
en reinwetter krigen se ’t yn ’e holle om bier en brandewyn mei sûker
to drinken. Earst droegen se for in jas in kouwehûd mei de hoarnen ’er
op, dy hjar boppe de holle útstikene; mar neijerhân moast ’er sarjes,
do lekken, op it lêst side en flewiel komme; ja, sa tier waerden se yn
’t iten, det se hjar brette poarsken ef skroeide fearnen skjipflêsk
lekskoaijende, rikke salm, oanleine snoek, en skylpodde-sop ite woenen.
Omdet se nou it tsjiende part fen al dy snoarrepiperijen sels net
meitsje koenen, moasten hja de njuggen oare tsjiendeparten fen oare
ljue oankeapje, en by dit útwreidzjen fen de hannel bigoun it roaljen
in drôvich lêst to wirden. Forbyldzje jimme ’ris, det ’er nin jild by
uzes yn ’e maling wier, nin dekaten, nin gounen, nin trettsjindehealen,
nin dûbelstûren, nin duiten, nin sinten; op ’e wide wrâld neat, dat nei
goud silver ef nei koper like; moast den alles, dat jimme brek hiene,
net koft wirde mei ien ef oar, dat jimme yn hûs hiene? Yn in théwinkel
woene se in romerke wyn drinke, en hja scoenen by de wynforkeaper mei
in pûdke peccothé komme. De lekkenkeaper woe ’ris oesters sline, en hy
scoe de feint mei in lape bommesyn nei de sâltefiskman stjûre. De
loaijer woe syn dochter in guitarre keapje, en hy scoe in pear
stjonkende hûden út de kûpe toaije om it ystremint to biteljen. De
slachter woe bier drinke, en hy scoe in yntaest yn ’e brouwerij
opsjouwe. De boekforkeaper woe syn boike in stik koeke jaen, en hy scoe
it bern mei in roman fen Walter Scott nei de koekebakker stjûre om ’er
in fearn hoiteflip oan to heljen. Op snjeon to joun, as de measte ljue
waerme bôltsjes ite, scoe ’er hast sok mâl en nuver gûd net yn ’e stêd
wêze, ef hja scoenen ’t de earme bakker yn hûs tôgje. Hwet in
abbegaesje fen alderlei reau kaem der for de keapljue út foart! Hwer
founen se pakhúsromte om sa’n arkefol to bergjen? Mar dat noch tsjoeder
is; al dy flardkes fen dit en fen dat, al dy bekjefollen nou fen ’t
iene den fen ’t oare iten, ho kamen se der sûnder skea ôf, as se hjar
op it lêst it hûs útstonken? Hwent sels koenen se ’t net út it swiet,
en in oar wier faek al takocht, as se de helte noch net kwyt wierne. Ek
wier it ondwaenlik krekt sa folle en net mear to keapjen as men nedich
hie. In frommiske, byfoarbyld, woe in brief mei spjelden keapje, en dêr
koe hja neat oars as in moaije douwe oan jaen, dy se op ’e matte to
folle hie; mar de douwe wier wol twaris sa folle wirdich as de
spjelden, en hja koe it bist dochs de wjukken net út it liif ef de
boutsjes út it gat skoerre, om ’er krekt sa folle ôf to nimmen as de
spjelden kostene: hwent den wier it hele bistke nin spjeldskop mear
wirdich. Ek wier it onnoflik, det de dingen do op nin fêste priis
stienen, dêr me fen sizze koe: “dat is nou hjar prik.” As in boer in
lape Ingelsk bont for in jak fen syn wiif keapje woe, en hy kaem by
Nathan mei in ammerfol bjist; ef in gnjirker kaem by in skoenmakker, en
sei: “Meitsje my in pear klaeitrapers, ik scil dy mei snijbeantsjes
bitelje”.... Ljeave minsken! hwet forlikinge is ’er twiske de bjist en
it bont, twiske it pear skoen en de snijbeantsjes? Dêr gong it den op
in hifkjen en tingjen, eltsoar it hert út it liif, en as dat ûren oer
ien boech dûrre hie, roun it noch meast al út mei ’er in slach nei to
slaen, dêr ien fen beiden skea by hie.
Al sa roallebútsjende hiene de minsken wol tûzen jier mei eltsoar
foartpandere, do ’er op it lêst in fynst dien waerd, dy hjar glêd út de
pikel holp. Yn in bercheftich oarde kaem in nij boer op in kâld sté,
dêr er in boarne ef saed (dat wit ik net krekt) by hawwe woe, om syn fé
to boarnen; hy dolde, en noch wier er net healwei oan ’e welle ta, ef
hy staette mei syn stiennen lodde op in klute, dy folle swierder wier,
as er oait in speesje hifke hie. Do er mei in heidebjizzem it rûchste
sa hwette ôfhimmele hie, bigoun de klute to blinken en út de readens to
sjên. Om lykwol krekt to witten hwet it wier, keilde er him yn in great
fjûr; en sjuch, de klute woe wol gleon wirde, mar net barne. “Dat is
nijsgjirrich gûd,” sei de boer. “Mar ik scil dy wol krije, feintsje.”
Mei ien tilde er in swiere balstien oer de holle, en pompte dy fen
boppen op ’e klute del, det it sta sei; de klute briek net, mar krige
in dûk, dy der yn sitten bleau, do er bikoelle wier. Koartom, de boer
hie in stik koper foun. Neijerhân founen se noch in bulte mear sokke
klonten, mar jimmer sa’n onnozel bytke by hout en stien to lykjen, det
it altiten in hiel selsomme speesje bliuwe moast. De iene makke ’er in
hammer fen; de oare it oerd op syn pile; de tredde in kniif; in rike
skevel liet ’er in kop fen bûtsje, dêr hy it sop fen ’e druven yn
úttreau; mar einlinge kaem de fornimstige Tubalkaïn op ’e proppen, dy
’er alles fen makke, hwet syn eagen seagen. Do waerd it koper folle
mear wirdich as jinnich ding, dat de minsken yn wetter ef ierde foun
hiene, en elts woe it minlike graech ynroalje tsjin alles, hwet hy to
forkeapjen hie; de slachter tsjin syn spallingspek; de bakker tsjin syn
mikkebrea; de loaijer tsjin syn hûden; om koart to gean, alle ljue dy
hwette to missen hiene. Nou hie de keapman net mear to rieden mei in
grienmank fen alderlei waren, dy in bulte birêdding en in bytsje winst
joegen. Hy hie syn koper, dat er yn in lyts hernke weistoaide: roast en
skimmel kaem ’er net oan; hy koe ’t fordele sa lyts as er woe, sûnder
in drip to bidjerren, al wier ’t ek yn sokke lytse pyskes, dy net mear
as in spjeldskop wirdich wierne; en hie er hwette fen in oar brek, elts
wier allike happich, om it fen him yn to roaljen. As de harder en it
ljeaf lodske fen ’e heide to foaren hakketearrene, hwet mear wirdich
wier, syn pansfluitsje, ef it lint mei de blommen, dy op hjar prûze
molkenkeamer stiene to pronkjen, den koene se ’t noait net mei eltsoar
iens wirde; mar nou sei hy mar, det syn fluit in fearnslead koste hie,
en it wier sa klear as de sinne, det de fluit fen Daphnis fjouwerris sa
folle wirdich wier as de rûker fen syn Amarillo.
Do dit roalmiddel earst útfoun waerd, woegen se eltsoar it koper ta;
mar jimmerwei mei de skealjen yn ’e hân to stean, lyk as in Jeud, dy de
boeren formôgle figen fen ’e kroade forkeapet, waerd op it lêst, do ’er
tûzenen op ien dei omset waerden, danige lêstich. Dêrom woegen de
keapljue in hiele rêst pounen, fearnen en leaden yn foarrie ôf; den
wierne se mei in boarst klear, as se hwet to biteljen hiene. Ek binne
de nammen, dy de measte naesjes oan it jildstik jowe, dêr hja by
rekkenje, út dit gebrûk fen dinne komd. It _pound_ fen ’e Ingelsken, de
_livre_ fen ’e Fransken, it _poun flaemsk_ fen ’e Hollânners, wierne yn
âlde tiden net oars as sokke ôfwoegene pounen koper ef silver. Mar dy
skealjen, dêr mar twa eagen oer gongen, wierne net altyd de skealjen
fen ’e rjuchtfirdichheit; dêr skeelde rju folle oan. Hwent sjuch,
frjeonen! dat skacheljen siet al ier yn Adams bern. Fen dit poun waerd
wol ’ris in fearnslead ôfgnibbele: bisneine en onbisneine bysfeinten
sieten ’er ek wol ’ris mei de file op om to boartsjen. De falske
weager, dy se bitraptene, sei soms, det er him forsind hie, en den wier
it grapke dêr mei út; mar meast flokte er, det ’er de lôge nei gong,
det hy suver wicht jown hie, en dêr folge den deilisskip op mei sa’n
gerach, gepleit en fûstkespyljen, det stêd en gea der fen optilde. It
gerjucht krige gau syn meuch fen dit spil, en forbea op galge en rêd,
det nimmen koper útjaen mochte, ef hy moast it earst op ’e warkeamer
troch in lânsitiger stimpelje litte. Fen dy ûre ôf waerd it koper
egentlik dat ding, dat wy jild neame. It gerjucht sloech ’er krús en
mint op, en elts dy sa’n klop seach koe steat meitsje, det er op ’e kop
dat gewicht en dy speesje krige, dêr hy it for ynbarde. Letter founen
se ek silver yn ’e bergen, dat noch selsommer is as koper, en goud, it
selsomste fen allegearre; en omdet de dingen priziger wirde, hwet se
minder to krijen binne, sa joegen se fiifintweintich koperen sinten for
ien silverstikje fen de selde swierte, en fjirtich silverstikken for
ien goudstikje, dat allike swier woech as ién silverstik.
Mar fen dy earste klop op it jild spritsen; witte jimme wol, ho’t dy
’er útseach? Ja, dat scille jimme net gau riede! Tsjinwirdich slaen se
’er folle it kopstik fen de baes fen ’t lân op, mar do in kou, in okse
ef in skjippekop. Nou scoene jimme wol tinke, det de ljue hjar do fen
skjippekoppen en okseprippers regearje lieten; mar dat wier al
hielendal net rekke. It wirk laei op in oar moar, frjeonen! hwent yn ’t
regearjen wiern’ se do krekt sa tûk as tsjinwirdich. It jild kaem yn ’e
pleats fen lân en sân, fen fé en hûs; alles hwet men op ’e wrâld
bisitte koe, waerd troch it jild forbylde. Mar by ’t útfinen fen it
jild wier de jinnichste, alteas de greatste rykdom fen ’e minsken hjar
reau bisten, hjar hynzers en kij, hjar skieppen en bargen. Sa folle
poun koper as it bislach bisten wirdich wier, ef de bisten sels, dat
kaem op it selde út, en dêrom sloegen hja op it jild it kopstik fen ’e
bisten, dy ’er troch forbylde waerden; nou in bok, den in baerch, ek
wol in okse ef in ezel. De nammen, dy wy en oare lânnen oan it jild
jane, wize it noch út. _Een schat_ op syn Hollânsk is it âld-Fryske
_sket_, dat skot-, hok- ef stalfé, ek wol hoklingen, bitsjut. _Penning_
wol sizze in fearkou. De Angelsaksen seinen _keap_ tsjin fé, priis en
keappenskip, en ús foarâlders, mei hjar út ien lape toarnd, seinen
tsjin jild _fia_, dat nou by ús fé hjit. Ek it Latynske wird _pecunia_
is nei de letter _bistegûd_. Dat binne nou ’ris onfoege liltse nammen!
Hwent as de stedtsjers tsjin eltsoar sizze: _je bent een schotvarken_,
ef: _het is vee, het is beestegoed!_ den dogge se dat noait net om
eltsoar mei plomkebjizzems ôf to feijen. Mar moaije bern hawwe wol ’ris
liltse nammen, en al woenen alle rimers it jild útgûle en skrieme for
_Blinkend slijk, besproeid met zweet en tranen_, ik hâld fol, det it
ien fen de ljeaflikste, nuttichste en krêftichste dingen op ’e wrâld
is. Mar omdet de frouljue net wend binne, det ien it wird sa lang
allinne hat, scil ik hjir in bytke pleisterje; den kinne se de mûle ek
’ris wille jaen, om friske oandacht to gearjen for it oarde stik fen
myn forhanlinge.
(Geskrep fen foetten en stoellen.... opfleane nei de kastelein......
wyn, pons, kofje.... _Brand je niet!_ de feint ridelje se oan ’e
earmtakke.... poezje yn ’e krollen fen ’e jiffers.... de jongehear
kettermintet...... mûskopje, gysgobje...... eltsoar kjiskou tapije út
pûdtsjes. Gabe fjirket nei it forfolch.... mei in healûre bigjinne de
spylljue wer op to striken, de man giet yn ’e preekstoel, en is wer oan
’t wird.)
Ik scoe den earst oer it ljeaflike, neijerhân oer it nuttige, en op it
lêst oer de krêft fen it jild prate.
Jimme út to rekkenjen, det it jild ljeaflik is, is egentlyk sa folle as
to biwiizgjen, det it wetter wiet en it fjûr hjit is. Hwet ommers in
ding ljeaver is, hwet men ’er mear noed fen stiet; mar hwer steane wy
mear noed fen as it jild? hwer binne wy eanger fen as dat to forliezen?
Oan ús hiele liif is nin tearder plak as de pong, en it útlûken fen
tsjien kiezzen docht noch sa ’n ôfgrysliken pine net, as det in ryk
man, dy jild útset, yn ’e stêd komt en heart: _Het kantoor heeft
opgehouden te betalen._ It hat my ek bjuster nij dien, det ’er ûnder de
tûzen-en-ien moades, dy de minsken yn ’e lêste tweintich jierren
trochflein binne, net ién west hat om in roulintsje oan de earm to
dragen, as immen in bankerot hawn ef him in ding ûnderwoun hat, dêr se
yn ’t ein fen sizze: “In dea houn oan in izeren keatting.” Dat scoe,
tochte my, al sa djip fen herten gean as de rou oer in âldomke, dy in
fikse knoarre jild neilitten hat. En nou it blêdtsje omteard: is ’er in
blider eagenblik, as det ’er jild ynkomt, dat al trochskreaun wier?
Lekkenkeapers, wynkeapers, banketbakkers; jimme allegearre, dy sa faek
jimme rekkeningen fen levere waren ynbrocht hawwe mei dy poatterige
taheakke: _Volgens overgelegde rekening van den jare 1836!_ Sprek op,
en doch tugenisse fen ’e wierheit, eft ’er swieter eagenblik yn jimme
hiele libben wier, as det de faem einlik de winkel ynwipt mei de
wirden: _Het compliment van Mijnheer, en hier was het geld?_ It is sa;
Baur koe tsjoene mei syn sépinseel; Fen der Kooi skildert baeseftich in
kopstik, en Schelfhout smûkskaedzjende beammen, dy yen noadzje om to
skûljen for it prykjen fen ’e sinne; mar al dy moaije skilderstikken
hawwe neat to bitsjutten by de earste ynsjuch fen in erfgenaem yn ’e
keeft fen in oarre dy nei lang omneuljen einlik dit triennendal goen
dei sein, en hjar pleats mei fyftichtûzen stokmantsjes oan ’e bernsbern
ynromd hat. Ljeave minsken! as yn dat hokje in trop lânskipsbrieven
laeit; yn dat hernke in pûdtsje mei gouden potstikken forstoppe is; yn
dy baerch in hûndert ef twa gouden riders rammelje .... jonges! jonges!
dat is de bare ynsjuch yn it himelryk! As de dea ek mar lije woe, det
wy mei it roun goed ús wille yn ’e kiste hiene, wy scoene sa eang net
for syn komste wêze. Hwet koene wy ’er aerdich mei boartsje! Hwet binne
wy op ús snjit, as wy de kammeraten in loech ôfsjen kinne! mar as it
spil op syn bêst is, komt de dea, dy grimmitige skerminkel, ús fen
efteren sa loebeseftich oan, tikket ús op it skouder, en kâldgnyskjende
seit er ús mei syn falske troanje: Berntsjes! It spil is út; stek de
knikkerts yn ’e bûse, en gean to bêd.”
En dizze gedachte, det wy om it jild mei eltsoar boartsje, laet ús fen
sels op it twade stik, det it jild in nuttich ding is. It bringt de
minsken by eltsoar, en alles hwet minsken oan minsken keppelt, ha wize
ljue jimmer for in nuttich ding hâlden. Scoene de measte migen net as
pûr frjemden út eltsoar rinne, as se troch nin triedden fen goud en
silver oan eltsoar beste waerden? As wy sa neat by ús folk to winnen ef
to forliezen hawwe, och! den is ús earm geheugen sa lek as in
gatsjepanne: soms kinne wy net ienders omthâlde, hwa’t ús eigen broers
en sisters-bern binne. Mar goedryk, bloedryk! Al is ’t kâld, mei in ryk
man geane wy nei de arke fen Noäch, en wize him yn Cham ef Japhet de
affear fen ús beide. Troch it jild, it jild, frjeonen, fiele wy
egentlik, det wy allegearre út it selde bloed skaeid binne. Krûpe de
migen eltsoar oait wol tichter oan, as det er in âldfaem ûnder hjar
folk is, dy tige by tige smoar set hat? Neven en niften, trutlingen en
eftertrutlingen, dy eltsoar oars yn jierren net sjenne, komme to heap,
dêr se ervje moatte. Oan moike skriuwe se frjeonlike letterkes; oan
moike stjûre se, nou fen ’t iene, den fen ’t oare, in swiet mûlfol; by
ljeave moike komme se yn hûs as sêfte lamkes fen ien keppel skiep, dy
allegearre gobberje om mei ’er tiid út de selde gouddobbe lave to
wirden.
Fen in mannich hûsgesinnen ljep ik oer nei in hiel folk, en freegje;
hwet is de minske, dy nin jild hat, ef nin jild hawwe wol? In earme
skoveling, dy de woastine fen it libben troch poddebûket, sûnder det er
moer ef minske nei him omsjocht. Mar haste jild, de frjeonen flodderje
om dy hinne, as de bijkes om de swiete roas, dêr se de hunich út sûge
wolle. Wolste jild hawwe, den gieste ûnder de minsken, omdetste witste,
det it op in seinepôle yn Tsjûkemar, ef yn _Een hut van klei aan ’t
eind der aarde_ net to finen is.
Fen ién folk gean ik oer nei alle folken fen ’e wrâld, en ik fyn, det
jild se nei eltsoar ta fitere hat, en op in djûr ek de knotte bliuwt,
dy se oan eltsoar fitere hâldt. De wysgearen âlje in bulte oer ’e
forieniging fen alle minsken; mar nea scille se yn hjar Flossofyske
lynbaen in reap draeije, dy de folken sa deun en stiif oan eltsoar
hellet as it jild. Sizz’ my ’ris, goede ljue! de earste skipper, dy oer
’e Spaenske sé swabbere, die er dat út nocht, lyk as wy nei Birgommer
daem sile om bears to iten? Jûk! it mocht hwette! De farrensman hie de
gouden’ bergen fen loailekkerlân oan ’e oare wâlskant yn ’t each. Earst
lieten se ’t om it roun-goed driuwe nei it ryk, dat neist oan hjarres
laei; dêrmei, al wer hwet fierder, nei in oar wrâlddiel, dat tichtst by
honk laei; do noch in ein fierder nei de oare ich fen ’e ierdkleat; en
tsjinwirch reizgje de Amerikanen nei Jeropa, de Jeropeanen nei Amerika,
de Hollânners nei Japan, de Sjinezen nei Batavia, de Ingelsken nei
Indostan, net út nocht; ik siz noch ’ris, net út nocht! mar
lykm’-allinne om eltsoar de goudene flieën ôf to fangen.
Ik wit wol, de Flossofen hiene altyd in bulte smelle praetsjes oer dy
ljeafhabberij yn ’e krúste penning: it is gek, en min, en lyk folle
hwet hawwe se ’er fen to lekskoaijen; mar ’k wol jimme sizze, dy hearen
hiene it mar ’ris illindige skrok, en bûten in planke mannich boeken,
in keale swarte mantel, dêr nin lûs skrep op hâlde koe, en in lege
oaljekanne, dêr in woartel yn pleats fen in koarken stoppe op stike,
wierne se sa earm as in swel. Dêrom, al dat geëamel, _De wijze is
alleen rijk_, wier neat oars as in ynfrettene jeloerskheit, det se neat
fen ’e brij mei krigene: sjende det de rike ljue oer ’e heap oan hjar
forstân ef deugd net boarste scoenen, koene se hjar moed oer dizze
onrjuchtfirdige eindeling net oars kielje, as det se op jild en
jildwinnen smeulden.
Hjirmei is nou al dat geäksel tsjin it nut fen it jild de mûle stoppe,
en ik gean oer om de krêft fen it jild oan to wizen. As wy mar bigjinne
mei it oarlogjen en moardzjen fen folk tsjin folk, den sjenne wy, det
it allinne om en troch it jild is. As de Rus en de Turk, ef de
Franskman en de Ingelskman eltsoar yn ’e faksen sitte, det ’er de
flarden nei stouwe, lit d’ iene d’oare den mar in pear kofsladingen mei
dekaten stjûre, en mei fjirtsjin dagen ha je de frede yn ’e Haerlemmer
krante. En as se al hjar krûd forsketten hawwe, en nin stûr yn ’e pong
om nij to keapjen, den is de hoas ek allike goed ôfbreide. Nou se den
net allinne om, mar ek troch it jild fjochte, sa is ’t oan twa kanten
wier, det jild de siel fen ’e oarloch is, lyk as nin jild to hawwen de
siel fen ’e frede is. In ivige frede bitsjut yn ’e polletike wrâld,
ien, twa ef trije jier, sa lang as ’t yens foech is; (hwent polletyk,
sei de boer, is oars sizze as dwaen;) mar as ’t noch oait ’ris in
suvere ivichheit wirde moat, it scil den wêze, as se sa keal op ’e bûse
binne, det alle rekkenmasters fen ’e keningen de oarddeiskjeld op it
liif krije, as s’ ’er mar oer tinke, om in stûr mear for krûd en lead
út to jaen.
Fen de oarloch, dêr se eltsoar nei ’t lichem formoardzje, ha ’k in
goede oanrin nei de moade, dêr de ljue eltsoar de ivige deastek mei yn
’e pong jane. Hwent wylst se tsjin eltsoar pronkje, lûke se eltsoar de
moedfearren sa skjin út, det op it lêst alle einen to koart binne. Ja,
myn Fryske kop, dy for nin kening swichte wol, bûcht him njueter as in
laem for dizze godinne, dy de keningen fen ’e wrâld as earme wjirmen
oan hjar foetten krôljen sjucht. Mar ien ding is krêftiger as hja; it
jild! Bisjen nacht en dei de printsjes mei moaije mankes en wyfkes, dy
de tsjinstige Pariseners ús om ’e fiif dagen tastjûre; haw sin oan dy
Paryske bilstikken, oan in luzebosk yn ’e nekke ef oan dy spinnebealchs
jûpe; it is forgees gobbere, aste net rûch op ’e bûse biste. Wier is
it, alles kinste mei ’t heech fatsoen opskriuwe litte, alles kinste op
’e pof helje; mar boargjen sûnder biteljen, dat jowt noch koarter
ivichheit as in ivige frede. Om koart to gean, _point d’argent, point
de Suisses_, dat bitsjut op syn Frysk, nin jild, nin hoedtsjes en
slingerdoeken út ’e Franske winkels. Hwet de oalje yn ’e lampe is, is
it jild for ’e moade; aste hjar hânnen alle dagen mei dat smoar net
smarste, al kin se oars de wrâld brekke, hja giet út as in eintsje
kears, en stjert yn poatterige lompen.
Litte wy it dwaen fen ’e minsken noch hwette nauwer op ’e keper bisjen.
Al dat gewrot, dat bitsich bodzjen en hersenskraebjen foar dei en foar
dage, hwer is dat om? Hwer op hotsje de ljue hjar sinnen, as se
moarnsier de poanne út de nofteren eagen lûke, ef jouns as se him
gapjende opsette? Op it jild! O! alle-, allegearre smachtsje wy ’er nei
as de iel nei de dauwe. Wier is it, de arbeidersljue wrotte om klean en
iten, dat se for hjar deihiersjild keapje. Mar dy tûzenen en
tsjientûzenen, dy boppe de arbeidersminsken steane, dy hawwe noch
hwette oars yn ’t sin, leau ik, as klean en iten. De Javaen arbeidet yn
’e moarntyd krekt sa folle, det er toalf duiten beet hat, en den jowt
er syn hânnen healjoun; hwent for toalf duiten kin er krekt sa folle
rys en drûge fisk keapje as er dy iene dei nedich hat. As nou alle
ljue, dy de kost yn ’t Sint Antoanjes gasthûs keapje kinne, ek sa
tochten as de Javaen, sizz’ my, hwerom scoe de man mei in trompfol
lânskipsbrieven nou noch fierder hannelje yn faeije, yn deade ef yn
deaslaende skild? Hwerom scoe in waerme boer de kij troch dûkelige
dammen en yesters wiet en ûngedien alle hjerstmoarnen efter it gat
rinne? Hwerom scoe in keapman mei in rêch oan Jan-rap-en-syn-maet noch
prommen efter de toanbank forkeapje, ef in loaijer yn stjonkende hûden
omgrieme? Hwerom scoene de ampteners, dy hjar oan it jislok al tsjok
iten hawwe, it lân langer tsjinje? Hwerom scoene de ljue jimme en jimme
widdouwen op in pompieren souderke tsjin pyn yn ’t liif en kâlde
foetten, tsjin pest en hel, tsjin dea en divel feiligje wolle? Wier it
net om ’t jild, hja scoene allegearre mei de rêch yn ’e briedstoel, in
Ademaspiip yn ’e rjuchterhân, in romerke Hannemas yn ’e lofter, de
Ljouwerter krante lêze en hearebaei smoke, en litte den mar hannelje,
boerkje, fondzje, dy ’t oars de stôk net út ’e kiel keare koenen. _Item
zooveel, het geneest._ O! dat ljeave jild, it forswiettet de tûzen
soargen en plannen, dy Evas bern hjar ûnderwine. Hwerta mear wirden?
Hwet de wichten yn ’e klok binne en de wjukken yn ’e mounle, dat is it
jild yn ’e minsken. Snij de wichten ôf, de klok swijt; barn de wjukken
op, de mounle mealt net langer; krekt sa scoene wy minsken swije en
stil wêze as wy troch it jild net langer opwoun en omgisele waerden.
Dit giet allegearre noch bigryplik ta, mar it jild docht ek dingen, dy
boppe ús bigrip geane; hwent it jowt dat it sels net hat, en dêr liket
de kweade wol in hantsje yn to hawwen.—Ik kom op ’e keamer fen de
herberge; dêr sit in man, dy ’k net ken; ik gean him deun foarby, mar
draei nin each nei him. De notaris stjit my stil oan ’e earm, en wylst
er glûpsk nei de man sjocht, lústert er my yn ’t ear: “Dy keardel hat
tsjien tontsjes yn ’e wrâld. Scoeste dat wol oan him sizze?” Op dit
wird gapje ik de man, dy ’k niis nin bean telde, mei de greatste
oandacht oan, myn eagen mjitte him fen boppen nei ûnderen krekt eft it
in oaljefant wier, en mei myn wêzen lykje ik wol to freegjen: Ei, ju!
bistou in man fen tsjienmiel-hûnderttûzen goune?” Wel, dat is nuver,
frjeonen! Hwet hat it jild yn sa’n bekfol tiid dochs oan dy man
foroare? Is syn noas ’er bryk, ef syn hier grien troch wirden? Dat wit
ik net; mar forstân hat it jild him wis jown, lit it sels den stom en
doaf wêze as in stien. Dat witte jimme ommers like goed as ik, det de
wirden fen sa’n riken skevel en in slatter yn wysheit skele, as it
helle ljocht fen in Ingelske lampe tsjin it slûch barnen fen in
strjitskynfet, dêr de opstekkers de oalje út slabbe hawwe. In
fornimstige poep hat in priislist makke fen it forstân, dat de
stokmantsjes meibringe, en dêr is dit de prik: Trijetûzen goune, in
matich goe’ forstân; tweintichtûzen goune, ien dy ’t net skimert;
fjirtichtûzen goune, in keardel mei termen yn ’e kop; tachtichtûzen
goune, in fyn forstân; twamiel-hûnderttûzen goune, it forstân fen in
ingel. Dêr jild en forstân den it selde ding is, is ’t den net from fen
’e minsken, det se immen eare nei ’t er jild, dat wol sizze, forstân
hat? Ik haw ien kend (syn namme is my ontsketten,) dy ’er sa tûk op
wier, det hy oan ’t hoedtsjelichten fen immen sjen koe, hwer ’t er in
oar, dy him foarby gong, op skatte. In preamskouwer en sok soarte, dy
neat yn ’e marse hienen, krigen allinne mei skeane eagen in ljeaf lyts
knikje fen ’e holle. Foar fiiftûzen goune bigoun de foarste finger
efkes oan it skaed fen ’e hoed to tippen. For tweintichtûzen goune
waerd de hoed al lichte. For fyftichtûzen gong er oan ’t skouder ta.
For hûnderttûzen goune oan ’e mil; mar for fiif tonkes sonk de hoed
earbiedich, mei in rêch sa krom as in hoep, allehiel op ’e stripe del.
Lykwol haw ik fen dy franjes sa ’n bytke bidroai, det ik ’er op eigen
manneboet net folle fen sizze doar; mar fen ’e talen ha ’k in bytke
mear brea iten, en dêr doar ’k fen sizze, det it jild oan ’e wirden in
hiel oare bitsjutting jowt, as se dageliks-wei hawwe.
Ien fen myn migen, de soan fen in domenij, wier twa jier lyn op
brilloft mei de dochter fen in boere-edelman, dy fiif klaeipleatsen
hie. As it op in patsjen gong, hinge se om him hinne as wiet hea om ’e
skûte, en hy fielde gau, det der oankommen oan wier, as er net slûch
wier. Twa dagen dêrnei skreau er hjar in minnebrief, dy ’k jimme
foarlêze scil; mar, o wé! as jimme my forfyskje.
_Reonixa!_
“De pin ridelt my yn ’e fingers, eang for de straffe fen hjar
frijpostichheit, det se jins namme sa gemiensom skriuwe doar. Mar de
ljeafde, mansker as myn bangens, hjit it, en de hân folget as in laem.
Dy to sjen en ljeaf to hawwen wier de tiid fen in waerslach! Myn eagen
gljirkene yn dines, en ik fielde oan myn triljend hert, det de
ivichheit allinne sielen oan eltsoar fitert. O! ik fielde en seach for
it earst fen myn libben, det ljeafde mei it jild ef de steat fen hjar,
dêr ús kar op falt, neat to dwaen hat. De tafel, dêr ik dit op skriuw,
fielt de lôge dy yn myn ieren ombôget, en de swiere siken, dy út de
djipste dobbe fen myn hert opflamje, biwiizgje jo det it in wird fen
wierhaftige wierheit is, det ik dyn ljeafde, neat riker, neat silliger
as dyn ljeafde allinne, siikje. Scoe dyn ôfwêzichheit myn grêf
dolle.... O Reonixa! Anderje, anderje ién inkel wirdke fen treast oan
him, dy for ivich is dyn
_Jelmer_.”
Do ik dit lêzen hie, sei neef Jelmer tsjin my: “Dit letterke, moat ’k
sizze, haw ik skreaun nei de bitsjutting, dy de tael yn it wirdboek fen
it jild hat. Wolste witte, hwet ik sizze wol, as wy dageliks wei prate,
kear de bôge om: dêr ha ’k it op kwattele.” Ik kearde de brief om, en
foun dizze wirden:
_Earsomme Jiffer!_
“Do wy mei eltsoar by jonker Eminga brillofte hiene, haw ik de oare
moarns foart nei jins habben en dwaen fornomd, en it sinnige my wakker,
do ik hearde, det jy bûten in erfenisse fen tweintichtûzen goune, dy al
birgen is, ek noch in healtonke fen jins âlders to wachtsjen binne;
makket mei eltsoar sauntichtûzen goune: Ik sizze _f_ 70.000. Nou moatt’
je witte, det in houwelik by my sa folle as in negoasje is, dy men
dwaen moat as ’er jild mei to fortsjinjen is, en dy men altiten stean
litte moat, as it foarlân is mei wiif en bern om to heukerjen; en dêrom
slaen ik jo in houwelik foar mei de ûnderteikende. Hwent om jo de
wierheit to sizzen, is ’t om jo sels sa jamk net to dwaen: ik haw neat
oars foar, as in hertgrounige en ivige forieniging twiske my en de
blikken tromp mei lânskipsbrieven, dy yn jins pultrum laeit. As jy hjir
nou sin oan hawwe, forwachtsje ik biskie en bliuw ûnderwiles mei
groetenis en frjeonskip jins tsjinner
_J. Jilderda_.”
Dizze útlizzing, sa wiis wier neef Jelmer wol, stjûrde hy ’er hjar net
by; mar op it egentlike briefke joech it jong frommiske dit andert:
_Mynhear._
“Hie ik oait tinke kind, det jins sin op in simpel faem as my falle
scoe? Jins brief kaem my oer as in tongerslach! Jy woene jern, det ik
myn hert to’n-earsten iepen lei; mar howol ik net sizze doar, det ik
wêrzich oan it trouwen bin, forsiikje ik frjeonlik om dêr frij fen to
wêzen. Heit hat it net breed op in houwelik mei immen, dy ’t er oars
net kin as fen oansjende, en it scoe him jamk oanstean, det ik hwat
sibber wier mei de jongehear Hotsinga, dy ’er troch kin for in dimmen
en oppassen’ jongfeint. Deugd en frommens, seit heit, is ’t fornaemste
yn ’t houwelik. Dêr ha je al ’t biskie, mynhear, dat ’k jo tsjinwirch
bringe kin. Det it nin mear útslútsel jowt, moatte jy oan nimmen minder
wytgje as oan hjar, dy mear tinkt, as se uterje doar.
_Reonixa Okkinga_.”
In healjier letter is neef Jelmer mei dizze Reonts roppen, en omdet ik
nei hjar trouwen greate spitsen mei hjar wirden bin, haw ik hjar ’ris
tante, eft it mei hjar letterke ek wol plús spil wier. Dêr doarst se
nin ja op sizze, en op it lêst krige ’k hjar sa fier, det se sei: “Nou,
miich, ik wol ’t dy wol bychte; de helte fen myn brief is ek wol yn ’e
tael fen ’t jild skreaun. Dêr ha je de útlizzinge!” Mei ién joech se my
in stikje pompier, dêr dit op to lêzen stie:
“_Aerdige Jonge!_
Hie ’k net tocht, det Reonts in minnebriefke fen dy krije scoe? Op ’e
brilloft, do de non op paters knibbel siet to sjongen, krige ik sokke
swiete lodderige fingerknepen, det, my tochte, lytse amor moast wol mei
yn ’e govert wêze. Sont ha ’k altiden oer dy popele, en fen nacht noch
trijeris fen dy drôge. Dou dounseste sa licht as in douwefearke; dyn
kûten trilje; dou kinste gekjeije mei de jiffers, det se allegearre om
dy hinne hokje, en al myn spylfammen romme dy net allinne as in
tsjeppe, mar ek as in ljeave jonge. Dou bigrypste my ommers wol! Wolste
komme to meiden, de doar is iepen, en wolst’ ’er de knotte by jaen,
noch ljeaver.
Mar ús heit, Jelmer, dat is de greatste jildwolf fen ’e saun
provinsjes. Hy scoe wol in duit mids twa knipe! Hy wit detste de
soan fen in lânpestoar biste, dy mear preken as Russiske brieven
hat en dêrom keppelt er my ljeaver oan dy sjobis fen in Hotsinga,
dy krekt sa min fen ús kinde is as dou; mar dêr wit er fen, det hy
mei sechstichtûzen stokmankes yn ’e ruften lein is, en dat docht de
doar ta. Mar dat wik ik de âlde, foar ’t ’k in sjoele nim mei de
kop yn ’e skouders en it kût op ’e skinen, gean ik earder yn in
kleaster. Wel, ik moast my sels forfije! Kom dou mar opdaegjen,
Jelmer; wy scille de âlde sa wol to fiter hawwe, det er Jelmer
trouwe lit mei syn
_Reonts Okkinga_.”
Nou bin ’k oan ’e tapassinge ta; mar dat scil ’k nou ’ris hiel koart
meitsje; hwent domenij fen Hynlieppen, selger, plichtte to sizzen: “As
de preek langer as in ûre dûrret, komt de divel yn ’e tsjerke.”
As it jild in ljeaflik, in nuttich, in krêftich ding is, pas den mar
op, det jimme der allegearre in tsjiistsjettelfol fen by eltsoar
skraebje; wol to forstean, from en earlik. Hwent, “Skyt geweten as ’t
jild kostet,” dat seit in gnap keardel net. Mar omdet it útfoun is om
maklik en gau fen ’e minsken ôf to kommen, moatte jimme it net útsette,
en ’er ek de keapman net fen spylje, sa lang as ’er noch onfoldiene
rekkeningen lizze; aenstons ta in duit ta bitelje, is de baes. It liket
moai de blêdden ef de winst fen in oarmans jild to rispjen; mar skild
stiet skurf, en by ’t eintsjesluten is ’t meast de mot yn ’e pong. Lyk
is ryk!
Ek ha jimme sjoen, det it jild alles forbyldet, hwet men op ’e wrâld
winskje mei; moaije klean, swiet iten en drinken, in sinnich hynzer, in
flink frommis, lyk fol hwet is ’er for to keap. Dat leart ús to’n
oarden, det wy ’er ’t ien en oare ta ús plezier for keapje moatte:
hwent bliuwt it lizzen en wirdt it mar to heap steapele, den is de
moaiste keabelde trijegoune for ús neat mear wirdich as in balstien.
Dêrom, frjeonen, mei in rep bitelje; en ’t ’er mar goed fen nimme.
Mar, lyk as de stêdljue sizze, _Duren is een schoone stad!_ en dêrom is
’t bêst, det wy sa keapje en gastrearje, det wy keapjende en
gastrearjende bliuwe; net allinne for in pear jier, ef sa lang as de
wâl it skip keart, mar alle jierren fen ús libben. En bliuwt ’er den
noch in klipke oer, sa follesto better. “De kou dea, en ’t hea op,” ik
wit net, dat is sa raer: dat binne wy Friezen sa net wend, howol it nou
mei de Franske franjes en hierkrollen al in bytke yn swang komt. As de
âlders wei binne, en de bernkes fine den noch in aike yn ’t nêst, dat
is sa aerdich; den kinne hja sjen, det heit en mem noch om hjar tocht
hawwe. Dat is ommers folle gnapper as det se yn ’t lege nêst sjenne, en
sizze: “De hinnen leinen goed, mar sy hawwe alle aeijen opfretten.”
_Surcheange van betaling! Faillissement!_ O, dat binne ôfgryslike
liltse wirden yn ’e Ljouwter krante! Hja geane in from minske troch
ieren en sinen hinne! It wol egentlik sizze: “Men kin in lûs net mear
nimme as ’t libben.”
To Ljouwert op ’e Greftswâl ha ’k in âldfeint kend, dy allinne mei in
gammele sister omkrúste en meast to bêd laei. Hy hie in gjirch rite, dy
folle dûrre fen ’e earste Jannewaris ôf oan ’e lêste Decimber ta.
Snjeons op merkedei, as it giseljen dien wier, den koft’ er in fearn
weake hoiteflip op ’e Wirdumerdyk, en dat lei er den biskûl efter de
treppen, dêr syn sister it as in Sintneklaes foun, en sa bliid as in
bern opsmûzde. For him sels koe ’er dat net ôf: hy hie alle jounen,
efkes foar ’t er nei koai gong, in plesjirke, dat him nin duit kostte.
Den gloep er as in dief op hoasfoetlingen yn ’e kelder, die de izeren
kiste sunichkes iepen, en liet syn eagen weidzje oer de pongen mei
goudjild, dy ’t er der yn flijd hie. Op in moarntyd bleauwen de
finsters sletten, en om ’t de bûrren dat net wend wierne, krigen hja
bitinking op dieven. De witsjers fen ’t hôf stieken de doar iepen,
founen sister to bêd, mar broer...... Ja, broer, minsken!.... mei de
grize holle biknypt yn ’e izeren kiste: hwent it swiere izeren teksel
wier him op ’e nekke flapt, wylst er djip, hiel djip nei syn jildpongen
seach. O, dou satan fen it jild!
Nou haw ik ek in spylman to Ljouwert kend, dy it ongelok hie om
seistûzen goune út it doaske fen Pandora, ef de lotterij, to striken.
De man wier sa ryk as de prins, en om noch helte riker to wêzen, liet
er alles forwikselje yn bare dekaten. Hy woe net langer op ’e fyoele
spylje, mar út ’e wisse libje. Syn okkebyld fen in wiif, ontsjuske moai
mei hjar bleistrige jûpe oan, en de eagen yn in bosk wylde lokken
bitrollemolle hie alle jounen in oansit fen rabbige frouljue, dêr nin
lewaskes, nin kofje mei tsjokke reamme, ef twiebakken mei bytlingen,
sparre waerden. De trije dochters, jenten en drenten jifferkes yn ’e
dagen fen ’e optochte, wierne deis en sneins yn ’t brat; oer dei, as se
oan ’t stroatskaven wierne, biggelen hjar gleone linten by ’t gat del,
en jouns spilen se mei de boartfammen in jaske ef in blufspilke.
Mynhear, in darkert mei in brodze fen trije dassen om ’e hals, wier
meast út-fen-hûs yn ’e Hopsek, ef mei syn brúntsje nei Trije-Romers ta,
dêr geryflike frjeonen him selskip hâldden, sa lang as er in drip yn ’e
flesse hie. De seistûzen goune oan dekaten, dy hinge er...... ja, hwer
hinge er dy? ried ’ris, minsken!...... dy hinge er boppe oan in balke
fen ’e keamer yn in fisknetke op, en dêr diene heit en mem mei de
ljeave bernkes alle dagen elts in greep út nei det se fen neden hiene.
Mar it gong mei dat fisknetke, lyk as mei alle dingen, dêr wol ôfgiet,
mar net bykomt; yn twa jier wier it glêd leech, en it hûsgesin fen ’e
want yn ’e tomme. Us goede spylman naem it keallebout wer op; syn
moaije dochters gongen oan ’t komeedjespyljen, en dreauwene der in
bytke bline nearring ûnder; mefrou gong oan ’e wasktobbe om de
skriuwersjonges for in skeljen yn ’e wike to biwaskjen en to biwringen,
en ta bislút waerd de hûsbaes mei it bêdstrie bitelle.
Nou wol ik ’er dit mar mei sizze; wy moatte sa folle net pronkje, net
smarre, net kofjehúsrinne, net omflinterje en hirddrave as de spylman
mei wiif en bern die, en wy moatte sa djip net yn ’e izeren kiste sjen,
as de âldfeint die. Hwent sa as de spylman die is ’t gau: “Bek ta, pong
iepen,” en wy wirde mei wiif en bernkes sa earm as in swel; en lyk as
de âldfeint, den komt de divel mei in glûpske taest, en flapt it teksel
fen ’e izeren kiste ticht, det ús de nekkebonken kreakje, sûnder det wy
fen al ús jild in drip wille hawn hawwe. Dêrom, frjeonen, as ’t in
bytke liket, twiske de spylman en de âldfeint mids troch! Amen!