IT BOLSWERTER NUT.

Gabe hie in bulte praten heard fen it Bolswerter nut: de iene sei ’er

dit fen en de oare dat, mar dy ’t ’er west hiene seine allegearre, det

hja der in bulte nocht hawn hiene. Master, dy der Gabe faek fen om ’e

earen tongere, kaem op in eftermiddei, det de sinne al toalle, to

freegjen, eft er nou mei woe; dy joun wier de brij wer opskept. Gabe

stie earst wakker yn bistân; mar Fetke bôlrinster, dy der krekt by stie

en de mûle yn twa hânnen hie, makke der in ein oan. “Kom, kom, sei hja,

ik sjen ’t wol oan dyn noas, Gabe. Dou bist’ der sa nijsgjirch nei,

detste der wol in langskonke mich om yn ’t gat krûpe scoeste, aste der

mar yn koeste.” Gabe lake ’ris om dat snjirdich wiif, en joech tawird.

Saskemoi siet noch to skimerjounjen, (it wier djip yn ’e hjerst,) do se

de Noarger rún foar ’e sjeas spanden en nei Bolswert rieden. De wei

wier as klaphout; it spoar glinstere; it poepesinke skynde wakkere

moai; en der wier nin grilke oan ’e loft. Hja spanden by in boer fen

hjar kinde út, en do se yn ’e Lêste Stûr in foech slok koft hiene,

stapten se aenstons de stêd yn. De poarte wierne se, tink ik, sa ’n

great tritich trêd troch west, do se oan ’e lofterhân in tuitich tilke

oergongen, en foart, noch ’ris lofts om, in plat tilke oer; do in foech

ein strjitte by de feartswâl lâns; do wer oan ’e rjuchterhân in gloppe

yn, en nei ’t se noch in pleats oerroun wierne, moaste se einlik in

steile treppen op, dêr Gabe koarts syn soune skonk britsen hie. “Hwer

bring’ je my hjir?” frege Gabe. “Ei, ju! sei master, dit hat alear in

kleaster wêst.” “As ’t ús den mar net ôfgiet as de rotten yn ’t

kleaster, sei Gabe, dy’t der nea wer libben útkomme.” Mei ’t er dit

sei, staette master oan de rjuchterhân in doar iepen, en, ja, man! dêr

hien’ je ’t spilke. In wide seal mei in wyt wulft as in tsjerke; oan d’

ein in preekstoel, dy yn in rêst skammels, fyoelen, en oar spylljues

ark, hast bidobbe wier; dêr omhinne sieten spylljue yn pleats fen

dyakens; by de mûrre lâns lytse tafelkes, dêr de manljue oan sieten to

smoken; yn ’e mids wol hûndert frouljue, de iene twanger as de oare, dy

krekt as yn ’e tsjerke op stoellen efter inoar sieten, mar dy lûd

hoallefoallen, ef praetten as alken. Do Gabe dat in bytke oangappe hie,

kaem der in flink jongkeardel yn mei in frommiske op ’e side as in

lôge; hja wier fiks út ’e kluten sketten, hie in tsjeppe troanje,

bliere lippen, en de kleare gollens yn hjar twa blauwe eagen. Gabe

seach wol det it dochter en sweager fen hjar Feikomme-en-hjar lânheare

wier, en tochte det se him hjir net kenne woene, mar sy, sa gemiensum

as in arbeider, sprieken him aenstons ta, en makken in frjeonlik

praetke mei him. Do dy hear syn wiif nei hjar stoel brocht’, en yn de

greate plimzen pompier, dy foar de spylljue laeinen, omblêdde hie, kaem

er mei in gysten stap wer op de skroar ta, en om ’t er wiste, det Gabe

it bryk útstelle koe, naem er him by in rêst Bolswerters yn ’e kring.

Dêr hiene je in froedsman, sa hwette smel fen troanje, in aerdich

koartswilich man, dy termen yn ’e holle en it hert op it rjuchte sté

hie. Den noch ien, hwette lytser en swart fen oansjende; mar dy ek net

slûch wier, en wol tweintich boeken mei extoarjes fen bûten koe. Ek

stie der in bleek man by, dy hwet rimpen yn ’t praet wier; lang nin kou

mei skjipperibben, mar ien fen ’t âlde skaei, dy yen mei ried en died

alle dagen mear yn ’e hân foel. Yette wier der in boekhâlder by, in

stânfries, dy fen oarder hâldde, en ien om minsken to helpjen, howol

him de frjeonlikheit mear yn ’t hert as yn ’e troanje siet. Den hien’

je ek noch (Foi, det ik dy forjitte scoe!) ús dokteromme; o! de gollens

laei op syn wêzen, en hy lake, det er skodde, sa faek as de skroar út

de koker spile. Gabe seach gau, det er hjir krekt by syn minsken wier;

allegearre wakkere sêftsedich en frjeonlik. Sy wierne sa rûch net as

folle boeren, en sa greatsk net as folle stedkers: mar: _sljucht en

rjucht_, as hjar Gysbertomme. Do se dêr sa ’n foech healûre mei eltsoar

praten hiene, sei der ien: “Gabe, boppe de skouders biste noch al

mansk; mar hwet seist’ der hjir fen?”

_Gabe._ Wel, it liket in nuver spulke. It is nin weardshús, it is ek

nin tsjerke, en dochs liket it sa hwet nei beiden. Heal divel, heal

minske, lyk as Fokke flokker seit.

_De Hear._ Nou, is dat sa tsjoed? Sa krijt lichem en siel elts syn

deel, dêr oars ien fen beiden meast om ’e stûke rint. Wy wolle de

minsken sa folle wille dwaen as yn ’t weardshús, en sa folle leare as

yn ’e tsjerke.

[Yllustraasje: GABE OP ’E NUTSLÊZING TO BOLSWERT.]

_Gabe._ Wirdt der den ek leard?

_Froedsman._ Alteas forhannele. En ’t bigjint mei stoarm en ûnwaer.

Hark mar!

Mei iens bigounen al dy spylljue om de preekstoel to striken en to

bliezen, det de glêzen der fen dinderen en Gabe sa luftich waerd, det

syn kreupele skonk bigoun to trantsjen. Do dit in amerij dûrre hie,

wynde ’er him in smel man troch de spylljue hinne nei de preekstoel ta,

en dy bigoun, as hjir nou folget, to praten oer

Rimen en Teltsjes · 第 45 / 279 题