Ut wier ’t! Dêr fleach de boel oerein en troch inoar eft it de
wyldemerke wier. De stoellen makken romte, de tafelkes loeken se yn ’t
midden, en dêr de frouljue en manljue yn bonte rigels om hinne. “Nou
noch briker, sei Gabe: earst in weardshús, do in tsjerke en nou in
keamer dêr fammen en feinten to bier binne. It is komeedje, en dit scil
de neikluft wêze.”
_De Hear._ Ret, Gabe! _Dit is het Nanut, moetje wete._ Wy hawwe hjir in
sekfol nocht for in bytke jild. Ho hat it de skroar foldien?
_Gabe._ Skoan, hear! Skoan! Mar ik scoe hast wol sizze, det dy preker
ek in skroar wier. Hy makket rokjes for alle man; en hja sitte de
minsken eft se hjar om it liif getten binne.
_De Hear._ Ja! En is ’t net nuver? Dochs wol nimmen se net oan ha. Elts
smyt se syn bûrman op ’e hûd, en seit: “Dêr, heite! Dat baitsje past my
net: it is for dy.”
_Gabe._ Krekt as by ús, en oeral. It liket oars frjemd, as de nammen
der sa dudelik op lettere binne. Mar scoe men dy preker ek ’ris praeije
kinne? Se sizze, det men him sa hwet heine moat. Hy is ommers net
greatsk, hear?
_De Hear._ Hy is alteas lang. Wy scill’ ’t ris bisiikje. (_Sy geane nei
de preker ta, dy by it wiif fen de hear stiet to praten._) In wirdke,
as ’t jo b’ljeaft! Hjir kom ik mei Gabe Pibes oan.
_De Preker._ Bistou Gabe-skroar? Bliid det ’k dy sjen, man! Ljeaver in
skroar mei in kop, as in boargemaster sûnder. Ho stiet it libben, Gabe?
Thús ek goed?
_Gabe._ Allegearre fiks yn ’e heak, hear. Heit bigoun forline jier
wakker nei de lodde to rûken; mar dy is nou allehiel wer yn ’e ûnderwâl
opskrabe.
_De Preker._ Hastou _it marke_ makke, Gabe?
_Gabe._ Ja, hear; ho freegje jy dat sa?
_De Preker._ Dat is moai; for in skroar, scoe ’k sizze, freeslike moai.
Ik bin út it wetterlân; ik fetsje it. Helleste dyn hert noch wol ’ris
op mei sjongen?
_Gabe._ Hie ’k mar hwette to sjongen, hear! Hwent de lietkes fen ús
boerefolk is sok túch, men scoe yen forfije, det men in Fries wier: sa
laf as luzen, en smoarch der by. As se der it kielsgat goed fen
opskoerre, scoe men sizze, det ús frouljue pompierblazers en de
jongfeinten yn hjar bernskens wierne. My tocht’, ta Nut fen Al ’t
Gemien mocht dat wol hwet oars.
_De Preker._ Gnap sein, Gabe. Mar ho krigeste it oars? Mei in lietke,
dat elts-en-ien noaskje scil, is ’t nau to hitten. En it komt noch mear
op ’e wize as de wirden oan. Fen hûndert spylljue en rimers net ién, dy
’t der efter is. It is net kinstich en net bot, net skrander en net
laf, net heech en net plat; ik wit net hwet it is.
_Gabe._ Mar as jy it net witte, hwa wit it den?
_De Preker._ Men kin dat better fiele as sizze, Gabe; en dy witte wol
eft syn lietke goed is, dy moat it mar ûnder de minsken stjûre. _Schep
vreugde in ’t leven_, en _Wilhelmus van Nassauwen_ binne goede lietkes;
dy hawwe se foar fjirtich en twahûndert jier al ophelle, en dêr wolle
se noch wol oan. Mar as de minsken, dêr ’t for is, it lietke net sjonge
wolle, den hat it mar ién brek; den dooch it net.
_Gabe._ Sêft, hear! Sêft hwet! sa lûd net op it Nut. De folkslietkes,
dy se de bern op ’e skoalle tapije wolle, dy binne wol troch tweintich
keurmasters itige; de gouden priis hawwe se stritsen; se moatte perdoes
moai wêze; en as de bern fen skoalle binne, wolle se der nin bek fen
opdwaen. Men heart se noait op strjitte, en hiel-komselden yn selskip.
It komt altyd wer op _jerobbedop_ en _hup Marianneke_ del. Hwet sizz’
je dêr fen?
_De Preker._ Nou, as dat sa is, ik hâld fol, den doge se net. It scoe
in biwiis wêze, det yn ’e wirden fen _het meisje van Scheveningen_, en
fen _hup Marianneke_, mei al hjar laffens en smoargens, doch hwette
sit, dat yn dy folkslietkes net is, en dat in keardel mei in kop der
dochs yn bringe scoe. Wolle sy se tsjeppe dichtstikjes neame, ik haw
der neat tsjin; mar den binne it noch nin lietkes.
_Gabe._ Mar as de Munsterljue ljeaver flantrige skylfisk as ferske
meije, hwaens skild is dat? de ferske fisk sines, ef de Munsterljue
hjar smaek?
_De Preker._ Dou wolste sizze, Gabe, det de ljue hjar smaek bidoarn is,
en det hja dêrom dy folkslietkes net sjonge wolle. For de helte is ’t
wier en dêr troch forswolgje se sa makkelik in bulte onhurens en
laffens; mar for de oare helt is hjar it ear en hert noch sa geef wol,
det se noait in strjitdeuntsje algemien oannimme scille, dat yn ’e wize
net hwet moais, en yn ’e wirden net hwette luftichs hat. En lyk as se
om dat moaije en luftige in bulte onhurens en laffens graech fordouwe,
sa scoene se om hwet teamich riddenearjen yn ’e folkslietkes neat jaen,
as der dat fine mar yn siet, dat egentlik de doar tadocht. Aste de
minsken in lietke jowste, dat yn wierheit in lietke is, den moatte hja
sjonge eft se wolle ef net.
_Gabe._ Wel, dat wier wol onnozel, det der ûnder fyftich rimers noch
net ién is, dy in lietke meitsje kin.
_De Preker._ It liket onnozel, omdet it lietke in onnozel ding liket,
mar der is neat slimmer. Hark ’ris, Gabe! Us foárâlders, dêr de
keningen hjar sjongers en spylljue út hellen, wiernen der tige efter;
de âlde biersalmen wize it noch út; mar wy binne nou earme-lytse yn dat
ding. Sjuch, ik bin nin poep, mar eare dy ’t de eare takomt, de
Dútskers hawwe der yet in hantsje fen. Hjar wizen binne tsjep, en hjar
wirden noch folle moaijer; dêr is krekt dat fine snaerke yn rekke, dat
ús oan ’e hertier komt.
_Gabe._ Dat is in wird nei myn hert, hear! Ik doarst it net sizze.
_De Preker._ Ho! Forstieste den Dútsk?
_Gabe._ Né, hear! Mar de hantsjemieren, dy wy simmers krije, ha ’k wol
’ris faek to fiter mei sjongen. Sont Bonneparte dat foltsen ’ris omgien
hat, stappe se sa kreas as in hoants, en hjar âlde doedelomdoe is ek
foroare. Forline jier krigen wy de nije griente fen Paderborn, en do
wier der ién ûnder, dy ’t moai goê rêdde koe; hwent hy hie de seine op
skouder nomd om ús lân ’ris forgees to bisjen. As men sa fier fen dy
keardel stie, det men him net rûke koe, scoe nin minske sein hawwe det
it in poep wier; sa moai song dy keardel: hy hie in fal yn syn stimme,
it wier in lust. Hy koe de moaiste nije lietkes allegearre, en dêr hat
er my sa folle fen fordútske, det ik it klear bigripe kin.
_De Preker._ Is ’t sa? Ik tochte al, ho komt ’er hjir en dêr in set út
Dútske sankjes yn dy lietkes fen in skroar. Mar it rokje, detste hjar
oantein haste, is sa goê Frysk, det immen, dy’t net wiste, noait sizze
scoe, det der in poepelucht oan wier.
_Master._ Wy moatte foart, Gabe! Witste wol, det de moanne sit?
_Gabe._ Kom, ja master. (_Hy hellet de pong út, en rinkelt mei it jild
tsjin ’e preker._) Mar wy scille earst it beestegûd útjeije, om fen ’e
kastelein ôf to kommen. (_Hy giet nei de kastelein._)
_Mefrou._ Dat is in nuver bern, master!
_Master._ Ja wol is hy dat, mefrou! En hy is ’t ek al ier west. Hwent
ik ken him; ik haw him mei de pin opfokke. Do ’t er sa’n foech jonge
wier, en by my to skoalle gyng, krigen wy krekt de nije draei fen
learen. Nou hie ik in bytke to min fen ’t nije ljocht, en myn
ûndermaster, in grien Ljouwerter feintke, hwette to folle: hwent dy hie
’t by lantearnen fol; it skynde him sels blyn. Dy woe mar net lije, det
de bern in mich deabruiden. _Gij moogt geene dieren zonder reden
dooden_ sei er tsjin ’e boerejonges, _dezelve hebben zoowel gevoel en
leven als gij._ Mar Gabe flapte lykwol alle skoften in pear hûndert
dea, en do er ’ris in blauwe gounzer yn ’e fûst hie, det de ûndermaster
it seach, sei dy hiel permantich tsjin him: _Gabe, breng die mug naar
buiten, en laat dezelve vliegen; dezelve heeft u geen kwaad gedaan, en
gij moogt dezelve ook geen kwaad doen._ Gabe gong sunichkes de doar út,
seach ’ris yn ’e loft, kaem werom, en sette de mich hiel foarsichtich
twiske tomme en finger foar de ûndermaster del. Dy frege him, hwet dat
bitsjutte. “It reint, master! sei Gabe, It earme bist scoe trûzich
wirde.”
_Mefrou._ Dy kreupele biis! Stil, dêr is er al wer.
_Gabe._ Master, it gelach is bitelle.
_Master._ Nou, segen en sontheid, frjeonen!
_Gabe._ En earlik jild der by.
(_Hja fûstkje._)
_De oare trije._ Ek sa! Gereis!