DE ROTTELWACHT.

Tsjien hat de toerklok slein!

In swiere dei is wer forflein.

Minsken, harkje nei myn sizzen;

Bid, en gean to rêsten lizzen!

En dy nin tsjoed gewisse het,

Slept sêft en swiet op sa’n gebet:

Hwent yn ’e himel hâldt de wacht

In helder each de hiele nacht.

Alve ûre hat de toersklok slein!

It fjûr is hast yn yeske lein.

Harkje, hwet ik dy wol sizze,

Dy ’t yet net to rêsten lizze,

Ef dy noch oan de arbeid swit,

Ef dy yet by de kaerten sit;

Dy sizz’ ik for de lêste kear,

De deaklok slacht for immermear.

Toalf hat de klok! sa ropt de wacht,

Boargers, it is middennacht!

Harkje, hwet ik dy wol sizze,

Dy ’t de soarch to heech mocht lizze,

En hwer noch yn de neare nacht

In hert fol soarch en kommer smacht,

Sa jow dy God in swiete slom;

Ja, sliep de wizer yn ’t rounom.

It is ien ûre, dat dêr slacht;

Kâld en tsjuster is de nacht.

Harkje, hwet ik dy wol sizze,

Dy yet helske leagen lizze,

As hjir ef dêr mei satans ried

In tjeaf op tsjustre gongen giet.

Sa gean nei hûs en tink to rjucht,

Det God dêr boppe dy wol sjucht.

Hark, dêr slacht de klok al twa!

Dat rint nei de moarntyd ta.

Frij fen soargen en fen lêsten

Laeit nou alleman to rêsten,

En hwa ’t nou, foar det it daget,

De swiere soarch oan ’t herte knaget,

Dou earme sloof, dyn sliep is oer.

Hwet soarch? God soarg’t yn syn bistjûr.

Trije hat de klok, God tank!

Kom, de kjimmen wirde blank.

It ljocht brekt troch ’e wolken hinne,

En dêrmei komt de blide sinne.

Bilibbest’ nou gesoun de dei,

Sa tankje God, en gean dyn wei.

En gean mei friske goede moed

Oan ’t wirk, en hâld dy goed.

_Hebel, De wachter-ruf._

E. H.

Rimen en Teltsjes · 第 44 / 279 题