_Gebetke foar it iten._
Wy tankje dy, goede God, for it iten, dat hjir foar ús klear stiet. Ho
goe’ bistou, ô Heit yn ’e himel, detstou alles jowste, hwet wy fen
dwaen hawwe! Hwet jowstou ús folle mear as oan ’e earme minsken, dy
bitter honger lije! Lear ús dêrfor tankber to wêzen, en hwet mei to
jaen fen alles, dat wy to folle hawwe. Dêr hastou ommers wille oan, ô
Heit fen meilijen, det wy dyn skepsels, ús evenminsken, goeddwaen, lyk
astou ús goed dochste en forjowste om Christus dyn soan. Alles hwet
goed is skinkstou ús, en howol wy it net fetsje, kwea komt nea út dyn
seinjende hânnen. Scoene wy den net op dy trouwje? O, jow ús hwet goed
is, as wy ’er net om freegje, en omthâld ús, wize God, hwet kwea is, ek
as wy ’er yn ús blinens by dy om krite en trúnje. Amen.