_Moarngebetke._
Scoene wy dy forjitte, dy net tankje, ô Heit yn ’e himel? Tûzen bern
binne dizze nacht ynslomme, en hawwe hjar eagen for ivich sletten; mar
myn eagen hastou wer iepene, om it bliere ljocht fen dyn moaije gleone
sinne tsjin to laitsjen. Ieremoarn stiet it brea for ús ré, detstou
simmers waechsje litste. Dêrom binne wy ieremoarn ek bliid, en sizze
tsjin eltsoar: “Kom, lit ús tankje en bliid wêze! Der is nin heit, sa
goe’, sa frjeonlik, as ús Heit, dy yn ’e himel wennet, en ús it libben
en alle dingen jowt!” Hoedzje ús dizze dei for alle kwea; bilieven,
hoedzje ús for de sonde, dat it iselikste kwea by dy is, o God! Jow ús
dêrta in fromme sin, det wy flitich yn ús wirk binne, en by âlde ljue
om sizzen jane. Doch dou goed oan hjar, dy my goed dwane: seinje myn
ljeave âlders, myn folk en frjeonen, myn masters en oppassers! Hwent ik
bin earm; ik haw neat om hjar to forjildzjen. Tink ek om myn
ongelokkige evenminsken! Jow brea oan ’e neakene en bleate! Stjûr dyn
hillige ingel mei in treast oan de siken, dy folle pine útsteane, en
mei it each nei dyn hege himel sa earmhertich kroanje en weinje. Helpje
dou se allegearre, hwent dou biste de heit fen ús allegearre troch
Christus ús forlosser. Amen.