J. H. H.

_Joungebetke._

O Heit, dou dy fier boppe de stjerren wenneste! Ik bitankje dy, det ik

de hiele dei dyn goedheit priuwe mochte. Klean en iten, ûnderwys en

gesontheit, alles hwet my lêstte, hwet my tsjinstich wier, haw ik hawn.

Tanke, tanke dêr for, ô beste Heit yn ’e himel! Myn eachlidden wirde

swier, en ik moat to bêd. Forkwikje myn wirge lea troch de swiete

sliep, en weitsje foar myn bêd, as ik net wit, det ik yn ’e wrâld bin:

hwent dou, o ljeaven Heare, sjuchste alles, hearste alles, ek de kweade

minsken as it tsjuster is. Tink net om it kwea, dat ik dy hjoed dien

haw; forjow it my om myn sillichmeitsjer, dy alle froede bern by him

ropt, dêr it nea nin nacht wirdt. Amen.

Rimen en Teltsjes · 第 42 / 279 题