_do er troch it dom fearnsjier kaem._
Wolkom, trij’ris wolkom, Liuwe!
Ut it dom fearnsjier.
Ik moat dy ’ris tige triuwe;
Dy, myn libbensier!
Lit ik dy myn hert útjitte,
’t Folle blide hert!
Slûgje sêft op memme skirte,
Sûch dy roun en fet.
Yette foar in mannich wiken
Laeiste as Bouke yn ’t koarn,
En nin gyzjen, roppen, striken
Helle in glimke oan.
Nuver skaeiste, lytse solle,
Mei dyn losse lea,
Knikkebolste mei de holle
As hanswoarst om ’t brea.
De eagen rôlleste yn ’e holle,
As in stjitrich raem;
Soms seachste as in nytlich bolle,
Nou wer as in laem.
Mar dou bist’ der troch, myn jonge!
Dou hast’ nou forstân.
Yet laeiste ’er hinne as in wronge,
Hast rinst’ ús oan ’e hân.
Laitsje kinste, en sjongen hearre,
Nei de lampe sjen;
Ja, de widze skjin bidjerre,
Krekt as greate bern.
Hy hat forstân, myn lytse koeze;
Hy hat forstân, ja wol!
By mannich sit it yn ’e bûse;
Hy hat it yn ’e bol.
Wolkom, trij’ris wolkom, Liuwe!
Ut it dom fearnsjier.
Lit, boike, dit it lêste bliuwe:
Wird wizer jier op jier.