Dou, dou biste myn Anke;
Dou, dou biste myn bern;
Dou, dou, biste myn fanke;
Witst’ net ho goed ik it mien,
Ja, ja, witst net ho goed ik it mien.
Sliep, sliep sêftkes myn bernke;
Sliep, sliep stil as in blom.
Dûk, dûk, krûp yn dyn hernke,
Tink dou mar nearne net om.
Ja, ja, tink do mar nearne net om.
Dy, dy scoe ik wol triuwe,
Ticht, ticht, djip oan myn hert.
Nin, nin pinnen biskriuwe,
Nin memme-ljeafdefjûr net.
Ja, ja, tink dou mar nearne net om.
Troch, troch fjûr en troch wetter
Gean, gean, flean ik for dy.
Nin, nin libben is better
As it stjerren for dy.
Ja, ja, tink dou mar nearne net om.
Dou, dou biste myn koeze,
Dou, dou tôgest my wei.
Na.. na.. nane sûze,
Bliuw ’er sa swiet yn wei.
Ja, ja, tink dou mar nearne net om.
Tût! tût! tûzen priuwkes
Ut, út myn libbens-ier:
Tût! tût! tûzen triuwkes
Wekje myn fanke moarnier.
Ja, ja, tink dou mar nearne net om.
Dou, dou biste myn Anke,
Dou, dou biste myn bern:
Wird, wird in tige fanke,
Wird in Friezinne, myn bern!
Ja, ja, tink dou mar nearne net om.
Sliep! sliep! slút hjar de eagen.
Sliep! sliep! krûp troch hjar lea.
Tiis, tiis hjar yn dyn reagen,
Meitsje hjar libjende dea.
Ja, ja, witst’ net ho goe’ ik it mien.
_Nei it Dútsk._
E. H.