_Dizze Ljouwe ef Liuwe wier de âldste soan fen myn broer Dr. Eeltsje.
Hy hjitte Liuwe nei syn oarreheit oan memme-side, Liuwe Fockens,
boargemaster fen Bolswert, in brave stege stân-Fries, in man mei in
gesoune kop, en dy ’er altiten op út wier om syn folk en frjeonen en my
boppe-al, goed to dwaen. By syn bêste beppe en moikes hat neef Liuwe
syn learjierren as Latynske jonge to Bolswert sliten, en mei dy
opfieding kaem in sêftheit yn syn seden en manieren, dy ús folk oars
net eigen wier. Hy wier bileefd, billik, meigeande en geskikt. Hy siet
fol geast, en wier sa lear-gjirrich, det neat, hwet in minske foredelje
kin, him frjemd wier. Hy teikene út ’e holle alderlei flinke
karikatúrtsjes. Hy wier handich yn it biknitseljen fen lytse
ystremintsjes; as bern pielde er al mei ’t knippen en teikenjen fen
sinnewizers. Fjirgesichten en mikroscopen hie er altiten by de hân. De
rin fen de stjerren koe er op in prik. Yn de muzyk wier er for in
ljeafhabber in master. Net allinne bispile er de klawier, de fyoele en
guitarre; mar faek sette er syn muzikaliske ynfallen op ’e noat; hwent
hy koe nuver aerdich kompenearje. Hy song fol smaek en ynfieren, en dat
talint brûkte er jamk om in forslein hert hwette op to beurjen. Ik ha
der by wêst, det hy in boartfeint, dy hopeleas mimere, hwet moed
ynsprekke woe, en do him dat mislearre, gong er yn in tsjustere gong
bûten de keamer, en song dêr sa lang de moaiste Dútske sankjes, dy er
koe, ûnder de guitarre, det der in glimke op de lippen fen syn miich
kaem. Sa wier Liuwe. Fier scoe hy ’t yn ’e wrâld brocht ha, wier er nin
domeny wirden; mar al syn talinten, dy him oars foartholpen hienen,
wierne him dêr tsjin. De ljue hjir to lânne miene, det it hynste-wirk
is om yn seis dagen in preek by eltsoar to haspeljen, en dy den sneins
út to galmjen; en as se sjugge, det de domeny dêr ek noch ûnder sjongt,
spilet, rekkent, stjerresjit, ef michjes en wjirmkes troch
forgreatglêzen bilôket, dat giet fen it preekjen ôf, tinke se. Dat kin
noait in rjuchte domeny wêze, sizze se. Dêrom studearje de measten ek
net; foaral en bilieven net yn Gryks ef Latyn, dat sa ’n ivigen tiid
nimt. Sa dageliks wei hwet godgeleard mâlk-en-wetter yn it Lêsselskip,
dat is alles hwet se fen geleardheit en kinst ynnimme. As er nou
fierder mar permantich stapt, deftich praet, en binammen snjeons for
nimmen to sprekken is, den scil de gemeinte bêst mei him op streek
wêze. Snjeons, siz ik; hwent den moat in goed domeny wêze as in jong
wiif, dat yn ’t roeijen is; op it punt fen to boarsten oan al de
geleardheid, dy er yn ’e wike ynnomd hat. Dêrom, hwet sei pastoarske
Wolf-Bekker, dy oan domeny Wolf to Beverwyk troud wier, do de schout
hjar man op in snjeon sprekke woe?_ Mijnheer de Schout, _sei hja_, mijn
man is Saterdags altijd onzichtbaar, om Zondags onverstaanbaar te zijn.
_Om koart to gean, Ljouwe hat it net fierder brocht as Imbden; dat wier
syn earste en lêste birop. Dêr is hy ier stoarn; ik mien al yn 1855,
mar noch libbet hy dêr yn de hege achting fen elts, dy sok in holle as
op him stoe, en sok in hert, as yn him sloech, op de rjuchte priis to
skatten wiste; noch libbet hy dêr yn de fjûrige ljeafde fen twa trouwe
sielen, dy moarns mei syn byld foar de eagen opsteane en der jouns mei
to bêd geane, ik mien syn treasteleaze widdou en syn jinnichste
dochter, dy er ús neilitten hat._