DE OMKEARDE WIDZESANG.

Myn ljeave mût’le jonge,

Ei! kibje net sa fel.

’k Moat krite, bern, en sjonge.

Och, boike! jaen dy del.

Knyp dou dyn ljeave eachkes,

Dyn mûzige eachkes ticht,

En wiggelje as de weachkes

Mei ’t reid oan ’e wetters-ich.

Dou krytst’ sa earmlik fen honger;

Dou witste oars nearne fen,

En ’t lod’rich tategelonger,

Dat is dyn paradys, bern!

Dy lytse earme hertkes,

Dy binne yet ryk by dy;

Dy lizze yn fodden en flardkes,

Mar memke tate ha sy.

En hawwe se fjûr noch sinne,

En knippe de glêzen fen froast,

Den krûpt de mem ’er om hinne,

En triuwt hjar djip yn it boarst.

Och, wierste ek ryk as in prinske,

En hiest’ dyn widze fol goud,

Yet hieste net dyn winske,

Myn boarst fol tate, bout!

En hast’ den hwette slûge,

Och, rek dyn earmkes frij;

Dou kinste smachtsje en sûge,

Mem hat dochs neat for dy.

Den tilt in frjemde minne

Dyn tsjuster girdynke op;

Dy hat de wille allinne

En gizet mei myn pop.

Dy tilt dy út dyn glûpe,

En tutet en boartet mei dy;

Dy wolste ticht oankrûpe

En ljeaver hawwe as my.

Ik haw for dy nin tate,

Ik haw de boarsten for pronk;

In sankje en noflik prate

Is al hwet natûr my skonk.

Och, koeze, net sa kibje!

Mem mient it sa mei dy;

En kin ’k net for dy libje,

O! stjerre scoe ’k for dy.

Myn ljeave mûtle jonge,

Ei! kibje net sa fel.

Lit my nin triennen sjonge,

Och, boike, jaen dy del.

_Nei it Dútsk._

E. H.

[Yllustraasje]

Rimen en Teltsjes · 第 25 / 279 题