UT-FEN-HûS BY DE BOER.
_De Moarntiid._
It ljocht brekt troch de griene girdynkes. De klok slacht
healwei-fiven. De wylde fûgels tjirmje oer ’t fjild. De hoanne kraeit,
en de ljipkes liepe yn ’e finne. De protters kwele en tsjotterje op it
ûleboerd en de skoarstien. De earebarre klaphalzet. De ljurken sjonge
oer ’e skûrre. De âlde mem heart de klok. “Bauk,” seit hja, dou moast’
der ôf komme, fanke! en roppe Hidde en de feint: den kin de âldboer
yette hwet lizzen bliuwe.” “Goed,” seit Bauk, en wriuwt e’ris yn ’e
eagen, en strykt oer ’e reade roune wangen. Hja skouwt de glêdde billen
oer’e bêdsplanke, klaeit hjar oan, en ropt Hidde en de feint.
Dêrmei is alles yn ’t spier. De feint jowt de kij earst in lyts jefte
hea, en Hidde bigjint to mjoksjen. Bijke, dy de hiele nacht op de
âldboer syn broek laein hat, rekt him út, en de bûthúsdoar útgeande
snuffelt er op it hiem om, en siket de ongânzen op. Bauk set nou fjûr
oan en hinget it tsjernwetter oer. “Mar wy moatte ek hwet ljocht ha,”
seit hja, en skouwt it ramt op, en smyt de finsters iepen, det se tsjin
’e mûrre stuitsje. Nou stekt se hjar tsjeppe troanje yn ’e loft, en
sjocht mei in pear frjeonlike eagen oeral yn ’e blide dage om. It
ljochte grien fen ’e simmerkrite skimert troch de tsjokke dauwe. It
jonggûd haffelt yn ’e lizen om. De ropeinkes wraggelje nei hjar ta, en
langhalzje om in hânfol beane. De âlde mem lit it molken yn ’e tsjerne
rinne. Hja is lykwol in minske fen sechstich jier, en dochs tilt se de
tine mei op, det hjar de lidden knieze, en set him op ’e tsjerne, en
lit it molken der útrinne, det it brûst. Dêrmei wirdt de spatskûtel der
op lein, it tsjernlid festkile, de pols oanslein. De âlde loaije bûnte
wirdt fen ’e stâl helle, en bigjint to tsjernjen, det it hûs droant en
de bynten kreakje. Nou it oar folk sit to meltsen, bigjint de âldboer
him ek to rissen. Hy stiet op, en klaeit him oan, en snijt for it folk
elkmis in tsjok omstik brea. As dat dien is, faget er it mês ôf, en
stekt it yn ’e skie. Hy nimt de brul út it finsterbank, en bigjint to
lêzen yn ’e Reis nei it himelske Jeruzalem.
It meltsen is dien. It folk komt by de hird. De âlde man nimt syn roun
breedskade hoedke ôf, en bidt. De feint gobbet efter de hoed wei, en
giizjende tsjin Bauk trapet er hjar ûnderwiles op ’e teannen, det se it
laitsjen ek net ynhâlde kin. Elts nimt syn stik brea, leit it op ’e
knibbel, en yt ’er fen. De âlde mem is bang, det it waer foroarje scil,
sa hat it hjar jisterjoune yn ’t krús stitsen. De âldboer klaget ek oer
jichte en de slimme tiid. Hy biskrobbet it jongfolk, det se sa
oerdwealsk net wêze moatte; hwent det hjar de earen yette wol bikôge
wirde kinne. Dêrmei, as de kopkes en pantsjes weibirgen binne, birêdde
de frouljue de tsjerne, en bjinne de tinen en aden út. De manljue geane
oan ’t sjeadriden, ef leikje de simmerdykjes op. De âldman bliuwt yn ’e
hirdshoeke om de fûken to laepjen, en bisjocht de kobbe mei de brul op
’e noas....