[Yllustraasje: IT LIBBENSEIN.]
_Nou ta bislút noch in wirdtsje oer Gabe. For in jonge, lyk as jimme
niis heard ha, wier er hwet to ryp yn ’e mûle. Wier er by ljue, dy hwet
op ’e hoarnen hiene, den roun er folle mei de stikel om. Mar mei de
jierren waerd er wizer. “De ljue,” sei hy, “dogge hjar bêst om my it
priizjen allehiel ôf to learen, en altiid to lekjen is my dochs to
grinich.” Tsjin de Eksteur, dy him biskrobbe det er op jonker Piet rymd
hie, sei hy: “Ik ha nin feet op de minsken, mar op hjar ondogensheit en
mâlle poepske franjes.” Op in oar tiid wier syn wird: “De ongelokkige
minsken biklei ik dûbeld; ienris omdet se yn ’t ongelok binne, en noch
ris, omdet se it hjar sels meast to witen ha.” Oer syn kreupelens tilde
Gabe net swier. In pronkske boerinne, dy frege, eft er him net
biskamme, as de stedsjonges him oer syn bryk gat en sarjes baitsje
neirôpen, krige dit fen him: “Ik scoe my skamje as ik flinke, moai
oppronke lea hie, en dêr yn in fordraeide en smoarge siel.” Nearne wier
Gabe mear mei op it skik, as det er him sels mei it skroarjen bidrippe
koe: tûzen-ris hat er it wol sein: “Eigen brea is swiet brea; hwent dêr
hoeft men nin hoedtsje for to lichten, as by ús lieven Hear.” As de
stokmantsjes him to mjitte rôllen, scoe hy se net weiskoppe, mar Gabe
woe der sa net om skreppe en skoerre as de measte ljue. Hy hie ’t
wakkere hiem, det it bisitten fen hûndert-tûzen goune sa swiet net wêze
koe, as it forlies fen twa tûzen fortrjitlik wier. Fen rike ljue, dy út
’e mûle bigoarrene om noch mear to krijen, wie syn wird: “Earme minsken
hawwe in bulte brek, mar gjirge minsken alles.” Op de oanmerking fen
immen, det er dochs ek in bulte wiernen, dy ’t jild brûkten, hie hy dit
wer: “Alles is for jild to keap; mar it bêste, in goed sin en in gesoun
forstân, net; en as dat al to keap wier, scoenen der dochs hast nin
keapers op útkomme: sa ’n bytsje binne der, dy dy waer kenne.” ’t
Moeide Gabe bjuster det er sa ’n bytsje leard hie; mar do him ris in
Domeny tsjin kaem, dy him gek studearre hie sei hy: “Dy man hat de mage
oeriesd. Hy woe de geleardheit opfrette, en men kin der, tinkt my, mar
fen priuwe.” Oan in studint, dy him forhelle det hy al acht jier Gryks
en Latyn leard hie, liet Gabe rûke, det it in moai mar djûr ding wier,
mei him to freegjen, eft hy dat frjemd praten nou sa goed al koe as de
skroar fen Cicero en de faem fen Demosthenes? Ien fen Gabe broerren, dy
fen syn wiif, dat in bjuster aerdich minske like, skaet wier, waerd
dêroer fen in selskip frouljue birabbe. Gabe, dy der by wier en krekt
in pear splinternije skoen oan hie, stiek syn beide skonken út en frege
hjar, hwet hjar fen dy skoen tochte? “Dat binne tige moaije skoen,
Gabe!” seinen se. “Dat kinne jimme sjen,” herfette de snedige skroar,
“mar fiele jimme nou ek, hwêr ’t se my twinge?”_
_Gabe hâldde in bulte fen de frouljue; mar se wierne him to rynsk yn it
oertollige en to deun op it nedige. Jamk sei hy: “Troch in dei in tige
miel en altomets in sechsteheal oan ’e earmen griist hjar wol helte
mear as in flardtsje kant fen fyftich goune.”_
_Gabe is ek ris forloofd west. Yn it neiste doarp by hjarres wenne in
faem, dat wier syn sin en syn libben; hja hjitte Wobbel Baukes en wier
in skippers dochter, dêr se wol ris in reiske mei dien hie nei
Rotterdam ta. Onfoege moai wier se net, mar hja wier mear as moai; hja
wier aerdich, nuvere aerdich yn wird en biskie, boppe-al sêftsedich;
mei ien wird, it wier in ljeaven ien. It waerd gau sok sib wirk, det
alle ljue seinen: “Dat wirdt in pear;” mar troch folle rabjen en
stokeljen fen wanginstige boartfammen rekke de boel dochs wer ôf._ Alde
ljeafde roastet net, _seit it sprekwird;_ en op âld iis wol it jern
frieze, _en dat seach men hjir ek wer. Do de hollen hwet bitommele
wieren, kamen bier en barmherticheit wer boppe; de âlde achting liet
him by beiden jilde, en Gabe loerde op eltse gelegenheit om Wobbel to
oerrompeljen. Dat lokte him op it ein, en wol, nuverdernôch, yn ’e
tsjerke. Op in snein tomoarne gyng Gabe yn ’t doarp, dêr Wobbel wenne,
to tsjerke. Dêr hienen se in kinstener fen in domeny, dy meast in tekst
keas fen twa ef trije wirdkes en dêr den in preek út spoun fen in pear
ûre lang. Dat wieren allegearre pronkstikken yn syn eagen, mar der wier
nei syn sin nin moaijer ûnder as syn preek oer de wirden:_ Ende de mol,
_dy Leviticus XI, fs. 30 biskreaun steane. Yn dy preek forlike er de
minske mei in molwrot, en dat die er yn de fiif folgjende punten. “1o.
De molwrot is blyn, en de minske is ek blyn for it wiere ljocht. 2o. De
molwrot wrot yn ’e ierde om, en sa wrot ek de minske op ierde, om goud
en sulver, lân en fé, by eltsoar to skraebjen. 3o. De mol iest yn ’e
modder op earme wjirmen, en de minske iest yn it tsjuster op it swit en
it brea fen de arbeidersljue. 4o. De molwrot bidjert de tunen en finnen
mei syn gatten en molsbulten, en sa foroaret de minske ús ierde, dat in
himel wêze koe, troch syn ondogensk gewrot yn in hel. 5o. De
mollefanger wipt de molwrot midden ûnder it wrotten út syn hol en
slacht him mei de lodde dea; sa grypt de divel op it ein de minske mids
ûnder syn skraebjen ef oerdwealske flinken oan, en slingert him by de
hierren yn ’e ivige hel, as er net by tiids yn it omsjen komt.” Dizze
selde preek hie domeny yn de lêste tsjien jier twaris dien, en dat scoe
de tredde kear wêze. Do Gabe yn ’e tsjerke kaem en Leviticus XI fs. 30
op it tekstboerdtsje foun, sei er yn him sels: “Dou biste ’n âlde kinde
fen my, feint! Dy haw ik al ienris wrotten sjoen. Ik ha mei dy neat
mear to parten, mar in bulte mei Wobbel.” Hy seach roun yn ’t boun, en
ja wol, man, hy bimirk hjar op de efterste bank fen’e frouljue; en eft
it spil sprekke moast, krekt efter hjar wier in iepen mansplak, dêr hy
sitten gyng. Do domeny de tekst ôflies bigoun Wobbel yn it âlde
testemint om to siikjen as in forlegen minske; hwent hja wier better
thús yn de evangeeljes en yn it boek fen Ruth as yn de boeken fen
Mozes. Gabe, dy hjar al hinne en wer blêdzjen seach, rikte hjar syn
bibel ta; mar de biis, yn pleats hjar Leviticus op to slaen sette syn
finger op de Openbaring fen Johannes, kapittel twa, fers fjouwer.
Wobbel lies de wirden, dy dêr stienen, en bisauwe; hja seach foardel yn
Gabe bibel, en de domeny mei syn molwrot en de hele gemeinte draeiden
om foar hjar eagen. Dat dûrre in heal kertier, do bigoun hja wer to
blêdzjen, en joech Gabe syn bibel mei de lofter-hân wer, wylst hja de
foarste finger fen de rjuchter hân sette op fers sechstsjin en
sauntsjin fen it earste kapittel yn it boek Ruth, dêr se in tear by
dien hie. Gabe lies de hearlike wirden fen Ruth, de hearlikste dy oait
út de mûle fen in fromminske komd binne, en hy sei yn him selme: “Dy
priis ha ’k woun!” De tsjerke gong út en elts nei hûs. Mar Gabe seach
dadelik om nei in fyn sidene Eastynjeske halsdoek, dy er einling tsjin
’e jountiid for in kroan bisette. Dêr biknoopte er mei de Amelander
ljeafde-strûp twa gloednije dikketons yn, dy er fen beppe erfd hie. Om
acht ûre gyng er nei Wobbel to meiden; hy wier bjustere wolkom, dat kin
men wol tinke, en hy hie net lang mei hjar allinne west, ef hy hâldde
de sidene doek mei it jild foar Wobbel hjar greate blauwe eagen,
sizzende:_
Wotte sa wotte, Dêr haste de knotte;
Wost’ it net dwaen, Moast’ him werjaen.
[Yllustraasje]
_En hja griep ta sûnder in wird to sprekken, mar joech him in tútsje,
en dêrmei wier de boask twiske Gabe en Wobbel klear. Ongelokkich is ’t
net ta ’n houwelik komd. Dêr Gabe krepel wier en net reedride koe, die
hja by in skerpe Eastewyn mei hjar broer op in freed in rit nei
Ljouwert ta, dêr se hjar biklomje liet. It gefolch wier in droege kuch,
dy ontaerdige yn bloedspijing en longtarring, en op it lêst yn hjar
dea. Sa giet it yn it hôf fen it minskelik libben; de edelste fruchten
en de sierlikste blommen wirde it alderearst fen wjirmen en earkrûpers
stitsen. Mar Gabe wier sa ontheistere, det er sont net wer nei in
houwelik taeld hat; ho deadlik hy op hjar forslingere wier, sjocht men
út syn rymke_ it Famke, _dat hy op Wobbel makke hat._
_Do Gabe foar syn lêste anker laei, biklage Saske him, det er sokke
bittere drankjes ynnimme moast. “Klei dêr net oer, mem!” sei er. “Dat
is sa ús lot it hele libben troch. Fen de tûz’nerlei bitterheit, dêr wy
hjir for bleat lizze, is er net ién, dêr wy fen genezen wirde kinne, as
troch in oare bitterheit. As God tinkt, det dit libben in kwea for ús
wirdt, helpt hy der ús ek allinne troch de bittere dea út.” Do de
toersklok nachts toalf ûre bromde, sei Gabe mei in kleare stimme: “De
tiid is forroun; de ivichheit bigjint.” En foart dernei krige hy in
lytse knik troch de lidden en stoar._
_Hjir mei winskje ik Gabe goenacht, en jimme allegeare sokken
libbensdei, dêr in swiete nachtrêst en blide dage op folgje kin._