_Hjir brekt it ôf. Ik leau det Gabe it skreaun hat wylst er by beppe
út-fen-hûs wier. Alteas oan ’e oare side fen dat pljims pompier hie er
dit moalke: “Beppe, goemoar, scil yn it earste fearnsjier net oan hjar
forstân boarste. Forline snein to eftermiddei, do de kaeijen fen ’e
himel skjirre waerden en it measte folk slepte, bigoun hja yn ’e
tsjerke as in bern to skriemen. Domeny tocht det hy hjar sa by it hert
nomd hie en frege hjar, mei ’t de preek út wier, nei hjar
sielsbiswieren. Mar danich seach de man by de noas lâns, do it âlde
sloof him dit biskie joech: “Scoe ’k net krite, myn ljeave Domeny?
Okkerdeis is ús moaije twinter bolle stoarn; jy witte wol, dy mei dat
koltsje foar ’e kop; en do ’k jins lûd hearde, wier ’t krekt yn myn
earen eft it earme bist noch ris bigoun to bâlten.”_