Dêr laeit er oan ’t sûre libbensein;
Dêr laeit er, de wrâld is him ontflein.
Och, binn’ dat nou dy flinke lea,
Dêr kreft en fjûr troch fleach en sea,
Sa ticht foar tweintich jierren,
Nou rank as spjucht’ge spierren?
Dêr laeit er, en ribosket stiif en krom,
En skrousk en forskromle, yn ’e slom:
It fel forwile en toar as hea:
Fen kjeld de neilen blau en rea:
Syn skonken, alear sa firdich,
Ho lam binn’ dy tsjinwirdich!
Dy stjerrende eagen dof ef skel,
Hwet sinke hja djip yn ’e holle del!
Syn wangen, ear’n sa blier en rea,
Dy lizze nou sa dobbich en dea;
De fingers, tinner as rizen,
Mei wrinen en plomkes to tizen.
O! harkje dat near gewein, dat gekjirm,
Dat rocheljend sykjen en getsjirm.
It lûd, foarhinne glêd en klear,
Bistjûrt nin snipp’re tonge mear;
Dy tomm’let yn ’e mûle,
As in bline yn ’e kûle.
Dêr laeiste, myn earme âlde sloof,
Fij! blyn en forlamme, staf en doaf.
Noch trije siken, den is ’t dien.
Hy leit it ôf. Noch twa, noch ién....
Moastou sa stil de wrâld ontslûpe?
Dy altyd fleach, it ein bikrûpe?
Ja, ’t glês wier forroun; hy is er wêst.
En hwa, dy de grime dea bilêst?
’t Is kening, skoaijer, jong ef âld,
De dea is master fen ’e wrâld;
De wrâld forgiet, en wy forsinke;
O! lit ús jimmer dêr om tinke.