Lodde, lodde en modder,
Deawirks ark en reau,
Dêr ik earme bodder
Mannich grêf mei kleau!
Modder, grêf en lodde!
’t Needbrea, dat ik ha,
Wyt ik skeppe en lodde,
Grêf en modder, ta.
Earme en rike ljuwe
Tsjen’ hjir op my oan.
Minske! hjir moast bliuwe,
Boer en kenings soan.
Smoarge kop mei hierren,
Laeist’ dêr op’e flier?
Blank—foar trije jierren,
As s’ in ingel wier.
Tûzen jonge feintkes
Sobben hjar de hân;
Stauwen mei har weintsjes
Om sa’n byld troch ’t lân.
’n Dou, formôgle plasse,
Nimmen knikst’ goên dei.
Hwer binn’ nou dyn skatten?
Hwer dyn greatheit? Wei!
Lodde, lodde en modder!
Jow my brea en rêst;
Jow my earme bodder
’n Grêf, in grêf for ’t lêst.
_Nei Hölty._
E. H.
[Yllustraasje: DEAGRAVER. SUD-YNGONG FEN IT TSJERKJE TO WEIDUM.]