Jonker Piet hie op ’t oanrieden fen in poep, dy syn heit him ta in
gouverneur jown hie, in roun jier yn ’t Franske lân omswabbe, en as in
great hear banketearre. Mar net fetter, net riker, net better kaem er
op it slot werom. Flokken hie er leard út ’e pin, en oare dingen, dy’t
er foarhinne net neamen heard hie, en dy’t er op it slot ek net leare
koe. It Fransk hie er wakkere hiem, en mei de fammen fen it slot libbe
er lyk as men ’er to Parys yn it Palais Royal mei libbet.
Daelk nei syn oankomste (’t wier op in waerme simmerjoun) siet er op in
bank oan ’e bûteleane fen it slot mei in âld jachtpakje oan en boksen
_à la cosaque_. Dêr kaem Sibbel, de slotboers dochter, mei in linige
stap de leane del, jok en amers oer ’e skouders, en tinsende, det it in
oar hearskip wier, gong se mei in frjeonlik “goen joun” foarby. Mar
jonker seach hjar net, ef hy fleach as in hokling op hjar ta, en pytske
hjar mei in ryske tsjin ’e rokken oan. Dêrmei hat men nou it folgjende
twiske jonker Piet en Sibbel.
[Yllustraasje: JONKER PIET EN SIBBEL YN ’E SLOT-LEANE.]
_Jonker._
Bonjour, mijn allerliefste kind!
Zeg, waarom vliegt gij zoo gezwind?
Of kent gij dan den jonker niet,
Die voor een jaar het dorp verliet?
Ik heb gereisd in ’t Fransche land,
Partout, partout, en homme galant:
Mais telle teinte, tels yeux jolis,
N’ont pas les belles de Paris.
_Sibbel._
Goen joun, mynhear! Binn’ jy dêr wer?
’k Bin wrammels bliid det ik it hear.
Ik roun hwet gysten troch de lean,
En woe sa nei de yester gean.
Mar jonker, né!—ik koe jo net.
Ik tocht, jy wierne tier en fet;
Mar nou binn’ jo de klean sa rom;
Ek sprieken jy sa nuver krom.
_Jonker._
_Hy kriget hjar by de hân, en smyt hjar it jok mei de amers fen it
skouder ôf efter oer, en sa foart hinne._
Morbleu, mon coeur, vous êtes niaise.
C’est des galanteries Françaises.
Kom, fop mij niet, mijn’ lieve zus!
Gij weigert toch geen welkomkus?
Amusons nous in deze laan,
En laat dat boerentuig maar staan.
Amusons nous, amusons nous!
Point d’amusements plus doux.
_Sibbel._
_Brimstiger._
Ei fij, myn jonker! fij, myn frjeon!
Hwet binn’ jy rimpen, mâl en gleon.
Jy binne dochs in grytmans bern;
Fij! lit my ljeaver mar bitsjen.
Och né!—Kom, foart! It wirdt to bot.
Rin nei jins fammen op it slot.
Ik nim myn amers en myn jok:
Wy haww’ it nou mar tige drok.
_Jonker._
_Hy glimket, en strykt syn great Fransk bosk hier yn ’e hichte._
Ma foi! vous êtes plus difficile
Que les laitières de la ville.
Ei! laat mij maar eens met u gaan,
En kijk mij dan eens vriendlijk aan.
Of meent gij dat ik u niet min?
O ja, gij zijt mijn hart en zin.
Je lui ferai pourtant la cour;
Elle est trop belle voor een boer.
_Sibbel._
_Noartich._
Ik hâld net fen de Franske swier.
Och, praet mar as forline jier.
Sprek net to folle fen jins hert:
Hwent siker, Sibbel leaut it net.
It streakjen, jonker! helpt jo net:
Ik haw myn sin op Rommert set.
Dy wrot dêr yn it roggefjild.
Dy haw ik ljeaver as jins jild.
_Jonker._
_Hy gysgobbet._
Ah peste! Ah, quel trait mauvais!
Non vive donc le gout Français!
Wel, meisje lief! word toch niet zot.
Die vent? Ik lach mij nog kapot.
Gij zijt te vlug, gij zijt te schoon
Voor een zoo lompen boerenzoon.
Je suis un cavalier galant.
Ik bied u aan mijn’ linkerhand.
_Sibbel._
_Finnich en lilts._
Nin lofterhân, nin rjuchterhân
Fen sokken banjer fen it lân;
Mar earme Rommert, from en froed,
Dy wangen hat as mâlke en bloed.
Dêrom, o jonker Piet, myn frjeon!
’k Wier ljeaver by de Franskes bleaun.
De famkes yn it Fryske lân
Dy hâlde fen de rjuchterhân.
_Nei it Dútsk._
E. H.