Myn ljeave mût’le jonge,
Ei! kibje net sa fel.
Ik scil in sankje sjonge:
Myn boike! jaen dy del.
Knyp dou dyn ljeave eachkes,
Dyn mûzige eachkes ticht,
En wiggelje as de weachkes
Mei ’t reid oan ’e wetters-ich.
Dou hast’ nin sorge ef kommer,
Dou witst’ yet nearne fen.
Dyn widze is dy nou rommer
As de wrâld dy wirde kin.
Dou haste in bûkfol tate,
En mem dy hat wol mear.
Och! lit dy mar biprate;
Sa’n sliepke docht net sear.
Dou kinste ek swieter slomje
As mannich stumperke docht,
Dy yn ’e widze forklomje,
Dêr moer noch minske nei sjocht.
Dy lytse earme hertkes,
Dy sloofkes haww’ ’t net bêst:
Hja lizze yn fodden en flardkes,
En dou yn in warem nêst.
Dou haste it folle better
As mannich prinske it het;
Dy wirde net tsjokker en fetter
Fen al dat swiete banket.
Dy hawwe in frjemde minne,
En keapje hjar tate for goud;
Dou heste dyn ûrkes allinne
For tútkes, myn ljeave bout!
En wirdstou den to wekker,
En rekstou dyn earmkes út,
Den smakket it dy sa lekker;
Dêr is it ein fen út.
Den tilt dyn mem ’t girdynke,
It tsjustre girdynke op,
En kipet as poes yn ’t spynke,
En gizet mei hjar pop.
Den tilt hja dy út ’e gloppe
En triuwket en tutet dy sa;
Den meistou hjar oankrûpe,
En sobje en knobje mar ta.
Myn ljeave mût’le jonge,
Ei! kryt mar net sa fel.
Lit my net langer sjonge:
Myn boike! jaen dy del.