DE BOLSWERTER MERKE FEN HOATSE MEI SYN WOBBEL.

To Bolswert yn ’e merke

Seach ik in famke gean.

Ik tochte, bern! hwet bistou tûk;

Sa jong en prûs, sa nuver smûk;

Ja, nuver smûk; (_bis_)

Sa tsjep yn sneinske klean.

Ik kaem hjar wer to miette,

En seach hjar bjuster oan,

Ik seach hjar oan, ik seach hjar nei:

Mar seach hja my, den roun ik wei;

Ja, roun ik wei, (_bis_)

En like hast bistoarn.

Soms teach hja nei de kreammen,

En koft’ hwet nije klean:

Mar hwet hja koft’ en hwet hja die,

Ef hwet hja to binoaskjen hie,

Binoaskjen hie, (_bis_)

Hja moast my altyd sjên.

Den glûrke se oer it skouder,

Krekt as ’t in skjirkert wier!

En hwet hja glûpte, ef hwet hja seach.

Ik wier hjar nea net út it each,

Net út it each, (_bis_)

Al wier ’k ek noch sa fier.

De joun bigoun to kommen,

En ’t foltsen gong to bier;

De famkes kuijren hân oan hân,

En hwet ’er wier yn ’t Fryske lân,

Yn ’t Fryske lân, (_bis_)

Moast nou ris oan ’e swier.

Myn makkers teagen hinne,

En namen elts in faem.

De pipen stieken se op ’e hoed,

En seinen: “Man! hwet bist’ in bloed,

“Hwet bist’ in bloed, (_bis_)

“Ik wist wol hwa’t ik naem.”

Myn bloed bigoun to koaitsen;

Ik wist to wrâld nin rie’.

Ik wier dochs yet mar sauntsjin jier,

En nou al mei in faem to bier,

In faem to bier, (_bis_)

Dêr ’k nea net dounse hie.

Nou stie ik by in kreamme

Fol koeke en swietekou;

Ik kocht hwet dúmkes for de bern,

En tocht’ den dêrmei wei to tsjen,

Wer wei to tsjen; (_bis_)

Mar né, dat wier dêr: hou!

In hele rig’le fammen

Dy kamen op my ta,

En tomm’len my dêr op it liif,

En seinen: “Man! dêr is dyn wiif.

“Dêr is dyn wiif; (_bis_)

“Hwent Wobbel woestou ha.”

En Wobbel liet hjar sinke,

En patte as in wyld.

As pypkeniel oer rizenbrij,

Ja, noch wol swieter smakke ’t my,

Ja, smakke ’t my, (_bis_)

Fen sokken aerdich byld.

En dêrmei ûnder ’t dounsjen

En ’t patsjen sûnder ein,

Sei Wobbel: “Hwerom stunest’ sa?

“Dou woest my ommers lang al ha,

“Ja, lang al ha’, (_bis_)

“Ei! hiest’ it my mar sein.”

“Dêr,” sei ik, “dêr, myn Wobbel!

“Dêr hast’ myn rjuchterhân.

“Bliuw altyd rjucht en sljucht as nou;

“Hâld jimmer dy oan Fryske trou,

“Oan Fryske trou, (_bis_)

“Der is nin fêster bân!”

_Nei it Dútsk._

E.H.

_Dit sankje hat Gabe makke op ’e bêste snein fen ’e Bolswerter merke,

dy er nea forsomme. Dêr sjit ús by yn ’t sin, det er de lêste reis mei

poarte-lieden de stêd útgong, en do er in heal kertier op wei wêst hie,

him in Siktaris mei in oeribel tsjokke wyn-bealch mette. Dizze frege

him: “Jongetje! zou ik nog door de poort kunnen?” “Ja wol, hear!” sei

Gabe. “Daelk is der noch in weide hea mei twa grouwe hynzers sûnder

kantroeren trochriden.”_

[Yllustraasje: BOLSWERTER MERKE.]

[Yllustraasje]

Rimen en Teltsjes · 第 9 / 279 题