_Twiske Bolswert en Frentsjer wenne Pibe Rommerts mei syn wiif Saske.
’t Wierne tsjeppe ljue, en goederjowsk boppe miette. As der in bidler
kaem, wier der nin brea brek, en wierne de ierdappels rom, den hie
mannich earm widdou in wintertarringe. Domeny krige alle jierren in
heal baerch en in goes to krysttyd. Pibe syn jonges wierne tige sa tûk
as hy: hwer’t se kamen, moast hjar hoanne kening kraeije, al scoe de
ûnderste stien boppe; en yn ’t keatsen en tippen, dounsjen en
koekeslingerjen, rinnen en hirdriden, koenen hja alleman oer.
Allegearre waerden hja for ’e boerkerij great makke; mar Gabe, dy
krepel en troch in dei altyd sa hwet gammel wier, moast dêrom skroar
wirde. Dizze Gabe koe nuver prate en sjonge, en al hwet er sizze woe,
koe er yn rym sizze. Skroarje koe er ek wol; mar in jongfaem hie er
dochs ljeaver op ’e knibbel as in âld broek. Hy is jong stoarn, en nei
syn dea hat beppe ûnder syn skroarsbank yn ’e lapekoer dizze sankjes en
rymkes foun._