ATE.

It is ûnrjucht, hearste, it is it hirdste en wreedste ûnrjucht datste

by my for rjucht jilde litst! Ik hie my jaen moatten, alle skild goaist

op my. Mar hwet hie ik to jaen? Hwet koe ik? Hwêr scoe de ljeafde

weikomme dy’t ik nedich hawn hie for myn wirk en stribjen? It wier

earmoede yn my, earmoede, om’t nimmen my ea hwet jown hie. Myn âlden

stoaren jong, myn famylje woene wol, dat ik mar gau dea gyng, om efter

myn jild to kommen; de boeren, dy’t hjarsels wêze doarsten, seagen my

mei de nekke oan, om’t ik oars woe as hja. Is it myn skild, dat de

sinne net for my skynde? Myn skild, dat der nimmen kaem dy’t my

waermens joech? Myn skild dat ik my al mear en mear sleat for de wrâld?

Ho kin God my fergje op ljeafde as ik se sels nea krige haw? Longere

haw ik dat it ienris komme scoe, it greate, it machtige, dat my

bifrijde fen mysels, dat my tille scoe nei in oare wrâld. O, hie der

mar ien west, ien dy’t my forstien en my ljeafhawn hie en nêst my

stride wollen hie, ik hie alles kinnen—ik hie Alrik’s libbenswirk

oernomd en nei de oerwinning laet, ik hie....

RUTH.

(_yn ienen útbarstend_). En bigrypste den net.... (_Ate hâldt forheard

op, sjucht hjar oan. Hja kin hjar net mear bitwinge, lit hjar op in

stoel delfalle en snokt it út. Ate stiet in pear tellen as forslein,

den giet er rimpen nei hjar ta en wylst er him nei hjar oerbûgt en syn

earm om hjar hinne slacht_).

Ruth(#79282) · 第 116 / 118 题