ATE.

Ruth, Ruth, mienste dát? Kinste dat wier, wier, hâlde fen my, de

ynbannige, de earnstige, de âldere? Fen my, dy’t dy sa allinne stride

litten haw, dêrste in wrok yn hiest, om myn nearzige ûnmacht? Kin dat

wier wêze, fanke.... (_Ruth knikt_). Den ... ik wit net ... hwet is dat

great, ’t is eft der in wûnder bard is.... Den, den, kin ik àlles mei

dy, nêst dy.... Den komt alles goed, den wirdt it hjir wer simmer, den

sjongt de takomst syn sang hjir wer; dat scil, dat ûnthjit ik dy,

Ruth.... Mar den moatst ek net mear sa skrieme; dat docht my sear....

RUTH.

(_wer mei selsbitwang:_) Né, né, hast gelyk Ate, net skrieme.... Dat is

swak, dat mei nou net mear.... Wy, wy wolle sterk wêze, stride en

stribje nêst inoar.... En net skrieme, net twivelje.... Beppe sei

altiten.... (_ûnder hjar lêste wirden sakket it gerdyn_).

Ruth(#79282) · 第 117 / 118 题