ATE.

Ruth, Ruth, dû pinigest my.... Haw ik dat oan dy fortsjinne?

RUTH.

Dû hast my leare litten, wier? Ik ha dy der lang tankber for west. Mar

ik bigjin twivelriedich to wirden, sels dêroer. Hwerom hast my leare

litten? Omdatstû dy fortsjinstlik meitsje woest en it jild dêrfor

hiest? Ef om my yn steat to stellen it wirk to dwaen dat ik dwaen

moast, neffens myn ropping? Mar dat haste nou forgoed formoarde. Hwerom

hast my mar net op dyn bou litten? It lân dat ik hjir krige to

biarbeidzjen, is troch dyn skild tsienris sa ûnfruchtber en hird as dyn

bou it wier. Né, Ate, hwet myn frjeonskip net mear _kin_, dat scil myn

tankberens net _dwaen_. Us wegen rinne út inoar tonei.

Ruth(#79282) · 第 115 / 118 题