ATE.

It scil _ús_ libben sa’n stik earmoediger meitsje. Myn pear frjeonen

woe ik jerne tichte om my hinne hâlde.

RUTH.

Den scil ik dy sizze hwet my fen ús frjeonskip tinkt. Ik wol wier foar

inoar oerstean, dizze lêste joun fen it jier. Ik wol gjin frjeon mear

mei dy wêze. Der groeit hwet yn my, dat as ik der net mei al myn krêft

tsjin striid, hate driget to wirden, hate ... yn dy. It is dyn skild

dat Alrik syn offer omdôch west hat; dyn skild, dat it hiele doarp yn

syn âlde sleur en bihâldsucht weromfalt; dyn skild, dat ik hjir wei

moat. Ien libbe der hjir, dy’t sterkernôch west hie, by Alrik syn dea

it greate wirk fen bifrijing en takomst fierder op to bouwen. Ien

hwaens wird de macht hawn hie it lytse gemier fen ’e binyptens it

swijen op to lizzen, ien dy’t roppen west hie Alrik syn libbenswirk oer

to nimmen. Hwet hastû dien? Hwêr is dyn krêft, dyn wil, dyn bisieling?

It doarp falt werom yn syn âlde sleur, it sliept wer yn, mar der is

nimmen dy’t sa ilindich fallen is as dû!

Ruth(#79282) · 第 114 / 118 题