Dû seist my hirde dingen, dizze lêste joun fen ’t jier.
RUTH.
Dat kin wêze, den hast se fortsjinne. Ik fiel se as wier. Joun, nei de
preek, do’t de minsken it tsjerkepaedtsje lâns kroasken en it wer
wakker hienen oer waer en wyn en de winter, do bin ik it hôf delgien,
allinne, it wier my as dreau der my hwet hinne. Ik haw bidden by Beppe
en Alrik hjar grêven. By Beppe hjarres: it wier wol swier, mar der wier
in moaije stille frede yn my do’t ik oer hjar libben neitocht. Hjar
plak skjin makke mei eare, hjar plicht dien, trou bleaun oan hjar
lytse, mar swiere ropping. En de frucht fen hjar stribjen en de kroane
fen hjar hope sjoen, hwent ik ... ik wier jiffer wirden, en ik wier
lokkich ... mei myn wirk. Mar dat oare, ik haw striden mei mysels, mar
de ûnfrede bleau. Yens libben to jaen as in offer, dat is hwet freeslik
swiers.... Mar fen elts offer komt dochs ek frucht en dat formoedsoenet
yen der mei. En Alrik syn wirk giet ûnder, stikje by bytsje en der is
nimmen dy’t der noed for hat, nimmen as ik, dy’t mar sa’n bytsje kin.
O, ik kin dat net langer oansjen, ik kin net arbeidzje op dy
ûnfruchtbere ikker, ik gean hjirwei. Miskien kin ik op in oar plak
mear.