’k Hie net tocht datstû dêr oer gear komd wierst....
RUTH.
Ik siet der mei wrok yn it herte. Neat is der bleaun fen hwet west hat,
alles sukkelet fierder de forskriklike wearzige sleurpaedtsjes lâns. O,
as it meijen hie en ik hie kinnen, ik hie se taroppe wollen, dat se
misdiene, dat se sûndigen yn hjar hert, troch it greate sa to
forjitten! Machtleas binne se weromfallen nou’t it sterke lûd forstoar,
as hie de hân fen God sels hjar loslitten. Ik wist dat it sa wêze scoe,
mar ik bin dochs gien. Ik scil op myn post bliuwe salang ik hjir noch
bin. Mei de bern kin ik moarn tominsten wer prate, op ’e Sneinskoalle.
Miskien kin ik noch hwet rêdde.