Dû martelest dysels ôf, Ruth. Tsjin de stream oproeije kinste dochs
net.
RUTH.
Né, wier? Ljeaver de riemmen rêste litte. En my meidriuwe litte nei it
lân fen it tsjuster, nei de ljeafdeleazens, nei de ûnmacht. En yn
mysels mimerje oer de tsjustere wil fen it Albiwâld, dy’t de wegen fen
de minsken sa ljochtleas lit, wylst dizze eigen earmen miskien,
miskien, my nei it ljocht ta roeije kinne. Né, by de himel, Ate Jans,
dat nea, _ik_ scil my net oerjaen, _ik_ rin net by it findel fen myn
ropping wei. Ljeaver derby delfalle mei it each op it ljocht dat troch
de wolkens brekt, as libjen bliuwe yn ienselvige birêsting, yn skaed en
nacht!