Hastû nei tsjerke ta west, joun, Ruth?
RUTH.
Nei tsjerke, ja. Hwerom scoe ik net gien wêze? Eltsenien rint der
ommers hinne, âldjiersjouns. Hwerom scoe ik thúsbliuwe, ik allinne?
Thús miste Beppe, yn ’e tsjerke Alrik.... Ik haw allinne nei it oargel
heard, ik ha bidden en tocht om hjar dy’t gien wierne, en de preek is
my aldergeloks foarbygien. ’t Is oars in tige minlik en evenredich man,
dy nije dominij. Hy bigjint nou al út to setten.