Né, né, stil, dat net, nou noch net. Dat kin ik noch net hearre. Dat is
_myn_ wiisheit noch net. Mar ik scil myn bêst dwaen—ja wrychtich, ik
scil myn bêst dwaen. Hwet hat der dochs in rykdom yn myn libben west
... Mem ... en Jy ... en Alrik ... en Frânske ... hwet haw ik dochs dom
west, dom en ûntankber....
SECHSTE OPKOMMEN.
Ate Jans, Janne, Ruth.
RUTH.
(_yn it swart, mei hoed en sjael, tsjerkboek yn ’e hân:_) Joun Ate,
joun Janne.
ATE en JANNE.
Ruth!
RUTH.
Unforwachte, wier? ’k Hie ’t sels joun ek noch net dreamd. Ik hie nei
Master ta wollen om ’t âldjier út to sitten, de âld man is nou sa
allinne. Mar do kaem ik Frânske tsjin, dy’t al op in paed dêrhinne
wier. Do sei ’k: den gean ik mar nei de „Bouwer” ta. ’k Hie hjir yn
sa’n set net west.
JANNE.
Fanke, fanke, hwet makkest ús dêr bliid mei. Jow dyn gûd hjir mar,
Ruth. Stimper, hwet biste wiet! ’k Scil ’t effen yn it milhûs hingje by
de kachel. Den meitsje ik mei-ien it iten effen ré for it folk en as ik
klear bin, den sitte wy mei syn trijen it âldjier út. Ofpraet, Ruth?
RUTH.
Ja, ja, ’t is goed ... dizze iene kear noch ... tinke oer hwet west
hat, en den mei de toalve slaggen witte, dat der wer in nij libben foar
yen leit ... en wer foarút.... Men is op it lêst noch jong....
JANNE.
Ho nou, Ruth, de rjuchte moed net?
RUTH.
(_hjar twingend:_) Ja, ja wis wol.... Fensels wol!
JANNE.
(_skodholjend:_) Wy prate strak wol wer (_ôf_).