En ... hawwe jy dat birikt ... út josels? út egen krêft?
JANNE.
Né, Ate. Dat kin nimmen. Jou mem hat my it paed wiisd. Dy wier sa
great, ik ha sa by hjar opsjoen. As dy libjen bleaun wier.... Mar it
wier hjar tiid to gean, hja wier to goed for ús wrâld. Fen ’e middei
lies ik noch yn hjar tsjerkboek, it haedstik fen Korinthen en it wier
eft se nêst my stie, sa kaem hjar wêzen my út dy hillige rigels
tomjitte: „Al wier it, dat ik de talen....”