Mar jy witte ommers net....
JANNE.
Ik leau dat ik it wol riede kin, al is der gjin namme neamd. It is wier
dat hjir ien yn it doarp is, dêr’t hjar ropping en wirk it
alderheechste for is. Mar yn dat lytse hert rint it oer fen ljeafde,
dy’t útstreamt nei alle kanten dêr’t se mar wolkom is. En as dy eagen
bliid nei yen sjen scille, as dat herte syn ljeafde jaen scil, den moat
men net hinne gean en forlies yensels efter yn ’e mieden en mids de
griene romte, mar den moat men nei hjar ta gean en gean neist hjar yn
it greate libben stean. Den scoe de „Sjidzjende Bouwer” yetris hwet
moais sjoen ha, Ate!