ATE.

’t Is wûnderlik, wûnderlik. As ik jo sa praten hear, den kin ik my hast

net tinke, dat dat nou Janne, ús Janne is. Hwêr hawwe jy dy wiisheit

dochs wei? Hwent wrychtich, it _is_ wiisheit hwet jy sizze.

JANNE.

Dat wit ik net. Mar ik bigjin dochs ek âlder to wirden.... En ik ha

sa’n heap leare kinnen hjir. ’t Libben hat my nea nomd, in eigen

húshâlding ha’k nea hawn.... Sims tink ik wol, dêr hie dochs ek folle

moais yn west.... ’t Hat wol ris yn my skriemd, Ate....

Ruth(#79282) · 第 105 / 118 题