Just, just, dat is it. Mar de ljeafde fen syn eigen hert dos net.
JANNE.
As men yens ropping goed sjucht en men hat goed ljeaf, den is dat ien.
Hwent den scil men allinne ljeaf hawwe hwet dy ropping draecht en
iepenbieret. En minsken dogge dat faek. Wol ik jo sizze hwet de wei
west hie, Ate?