My liket it it greatste dat der is. Ja, ik ha do wol leard hwet ljeafde
wier. En do’t dat gien wier en wy wer allinne bleauwen, do wier it
allegearre sa earmoedich en leech. Elts yn it doarp fielde it as in
slach, mar ik it meast, hwent ik hie oars neat. Sûnt wist ik dat der
hwet greaters, machtigers wier. Myn hiele hert libbe it tomjitte, ik
woe it werom. Mar hwet ik yn mysels de greatste rykdom wist, dat mocht
ik net jaen.
JANNE.
Mar hwerom net, Ate?