’t Kin wêze, ja. Mar men moat net boppe yens kreften útlibje. Der is my
safolle ûntsonken, Janne. Eartiids hie ik dêr gjin lêst fen; ik libbe
hjir stil en iensum, ik hie myn nocht en blidens oan it moaije om my
hinne, ik tocht dat ik tichte by God libbe, en ik hie mei de minsken
net to meitsjen. Do seach ik dyselde skientme, great en ljocht, yn de
minske; earst mar yn ien, letter mirk ik, dat yn folle oaren ek in
swakke ôfglâns fen dat greate libbe. Ik tink dat it dat wier, hwet
minsken ljeafde neame ... howol....
JANNE.
Sjen en ljeafhawwe is itselde net, boer. Sjen, dat kin eltsenien. Mar
ljeafhawwe, dat is yensels jaen. En der binne net ienris safolle, dy’t
dat kinne.