Dat kin ik nou net sizze. Ik hie in dream ... hawar, it is to gek om
der sels mar om to tinken. En dochs wist ik, dat as dy dream, dy
heechste, dy moaiste, dy iene gjin wierheit waerd, dat ik hjir den
altyd iensum en allinne bliuwe moast. Dat hat my stymsk en ienkennich
makke. Great wier dat net, ik hie it nimme moatten sa’t it foel en
dochs bisiikje fen myn libben it bêste to meitsjen.
JANNE.
Mar in minske kin nea witte hwet wierheit wirde kin en hwet net. Dat
makket God út. En hwet great en heech is, dat wirdt hast altiten
wierheit.