Ik hie mear wêze moatten for myn frjeonen, for Janne, en master en dy.
Dêr hast gelyk oan, dat scil oars. Mar mear kinst my net fergje. Ik
hâld steande, dat Alrik him oan oaren tofolle jown hat, ek oan
ûnweardigen. Ik bin wé en sêd fen de ljue hjir út it doarp. As ik ris
in inkelde kear by dy oare ljue bin, den fiel ik efter myn rêch de
spotske glimkes en de meilijige wirden, om’t ik oars wol as hja.
Tochtste dat ik mei dy klyk.... Né Frâns, nea. Sa as dat wiif fen
Leistra’s hjir joun stie to skellen, sa tinkt de wrâld. lk ha der
genôch fen. Lit my den mar op ’e romte en ienselvich bliuwe.
FRÂNSKE.
Dat hat folle wei fen bangens, Ate. Astû dy sterkernôch fiele koest,
den scoest dy hiele wrâld, al wier se dy ek tsjin, mei kleare eagen yn
’e mjitte gean. Mar der is hwet dat dy ûntbrekt, dat is de moed en it
bitrouwen, dat is de wil om alles to oerwinnen. En dat komt, omdatste
net ljeafhast, omdatste nimmen nêst dy fielst, Ate....