Nou? gean fierder Frâns, dû bist op ’e goede wei.
FRÂNSKE.
Ik wol dy ien ding freegje, Ate, dat ik oars bûten ús frjeonskip net
heal doaren hie. Moatst net kjel wirde, as ik dy hwet siz, datste
miskien for dysels yn dyn eigen tinken noch net wêze wolst. Ik haw de
lêste tiden tocht datste wôl ljeaf hiest, Ate. Is dat sa?