ATE.

Ho mienste dat?

FRÂNSKE.

Sa astû nou libbest. It kin wêze dat de minsken dy net folle jowe, dat

leau ’k wol. Mar dû jowst hjar ek neat. Salang’t Hora libbe en alles

hjir yn ’e gloede fen syn bisieling en ljeafde stie, salang dieste mei

en joechst in bytsje fen de rykdom dy’t der yn dy is. Hy is gien en wy

moatte dêr nou sûnder. Hwêr bliuwt nou dyn eigen jaen? Moatste it nou

al wer ha fen oaren? Is dat nou keninklik?

Ruth(#79282) · 第 87 / 118 题