Och, dat is ommers sa ienfâldich. Ik mis hjir ien dy’t ús sa’n stipe
jown hat. En yn de minsken haw ik nea net safolle bitrouwen hawn. En
nou’t ik sjuch ho’t men syn wirk hjir stikje by bytsje ôfbrekt, om’t it
yen yn ’e wei stiet as men opgean wol yn de lytse dingen fen it libben,
nou haw ik forgoed mei dy minsken britsen. Myn boerkerij en myn mieden
hawwe my ommers altyd genôch west. Allinne, dêr siikje ik it nou noch
mear yn as eartiids.
FRÂNSKE.
Sjuchstû nou net, Ate, dat dat dochs eigentlik earmoedich is?