Ik hie dy sa’n swiere beage net oplizze wollen....
FRÂNSKE.
It hoecht dy net to moeijen, ik bin der better fen wirden. Ja, it is
wier, it hat swier west. Der ha jounen west, dat ik myn snokkerjen
smoare moast yn myn kjessens, ik ha wol tocht dat it my briek. Mar ik
ha ’t úthâlden, en ik bin der fen groeid. En myn laitsjen haw ik
Godtank net hielendal forleard. Ik leau yn de wrâld, hy liket my moai
en ryk. Mar myn libben is wierder wirden.